De wikseljende koersen fan Tryater
Piter Terpstra
Yndrukwekkende regy
Yn de resinsjes fan Itpronkjefan Ierlân, dat yn desimber by Tryater yn premiere gong, wurdt yn de beide provinsjale deiblêden de regisseur net of amper neamd. Dochs is it Andy Daal oan wa't in grut part fan it sukses fan dizze produksje taskreaun wurde moat.
It komt gauris foar dat yn de toanielkritiken folle mear oandacht jûn wurdt oan de spilers as oan de regy. Ofsjoen fan de resinte tekoartkomming is it nijsgjirrich om jin of te freegjen yn hoefier it wurk fan de regisseur tekenjend wêze moat foar de opfiering fan it stik en of ‘regisseurstoaniel’ al of net ferkearde ynfloeden hawwe kin op it artistike resultaat. It begryp ‘regisseurstoaniel’ wurdt yn de kritiken benammen hantearre as konstatearre wurdt dat yn de produksje de regisseur syn opfettingen mei al te folle klam etalearret en net allinne de akteurs mar ek de skriuwer nei syn hân set.
Dat is fansels hiel wat oars as it jaan fan in ynterpretaasje. De stikken fan Shakespeare binne op ûnderskate manieren spile: bygelyks naturel (ik seach ea in swart-wyt-opfiering fan de Midsimmersnachtsdream op in grut skaakboerd), romantysk (lykas - op it nuvere eksperimint fan ferline jier nei - yn it iepenloftteater fan Diever) of mei sterke teatrale effekten (de resinte Hamlet fan Tryater). Meastal giet it dêrby om opfettingen, fantasy en fynsten fan de regisseur en net om dy syn fisitekaartsje.
Andy Daal is in regisseur dy't ek dúdlik werkenber is yn de details. Yn It pronkjefan Ierlân sjogge wy hoe't er him taleit op de ekspresje fan syn figueren, sûnder dat er der typearringen fan makket. Dêrtroch makket de troch Klaasje Postma spile rol fan Mag - in frou fan santich jier, dy't mei har dochter yn in lyts húske yn in iensume, achterbleaune streek fan Ierlan wennet - ek sa'n djippe yndruk. De âlde frou is syklik en wurdt troch har dochter Maureen koeienearre. It binne allinne de besites fan har buorman Ray Dovley, dy't noch wat ôflieding yn har libben bringe.
Postma is in alsidige spylster. Ik tink oan hoe oertsjûgjend se de haadrol yn it tragyske Nora fan Ibsen spile en hoe libben en raffinearre se Sanny yn it troch Guido Wevers ta in enoarm spektakelstik makke In feint fan twa masters delsette. Yn It pronkje fan Ierlân berikt se in nij hichtepunt.
Aly Bruinsma is yn dit stik har tsjinspylster. De dochter Maureen, in frou fan in jier as fjirtich, is ferbittere troch har treasteleaze, earmoedige bestean. Har mem libbet har yn de wei. De dochter is net sûnder hope op ferbettering fan har lot troch of te reizgjen nei har freon Pate Dovley, dy't, twongen troch de wurkleazens yn syn eigen