Bouke van der Sloot, in romantyske trendhopper
Rudy Hodel
De útstalling
It spyt my dat ik it nije seizoen begjinne moat mei in negative krityk. Mar it is net oars. Ik ha ferline wike nei de tentoanstelling ‘Bouke van der Sloot - Schilder van Friesland’ yn it Frysk Museum west, en ik bin der hast beroerd, sis mar rêstich depressyf, weikommen.
Wat is der sa ferskrikkelik oan dizze tentoanstelling? It binne net allinnich de tsientallen lânskippen, stillibbens en portretten, mar foaral it benearjende idee, dat jin yn de sealen fan it Museum bekrûpt, dat dizze offisjele Fryske keunstheld yn syn lange libben (1908-1995) net ien orizjinele gedachte hân hat. En dat is yn de keunst fan de tweintichste ieu knap deadlik.
De toan wurdt fuortendalik al setten yn it yntroduksjekabinet:
1. | Bouke van der Sloot is de natuerlike soan fan Andries, de postympresjonist; |
2. | Bouke van der Sloot is de oannommen soan fan Dick Ket. Sjoch mar nei it pseudo magysk-realistyske selsportret, dat it affysje en de museumkrante siert; |
3. | Bouke van der Sloot is yn lettere dagen (nei de oarloch) ek de lytse neef fan Wim Schuhmacher. Sjoch mar nei de opljochtsjende dúnlânskippen; |
4. | En nei de oarloch is er ek de pakesizzer fan Constant Permeke, de grutte Flaamske ekspresjonist. |
Bouke van der Sloot, de ambachtsman, kin glêd, rûch, droech, riisdroech, realistysk ofekspresjonistysk skilderje: it makket neat út. Hy bliuwt yn myn eagen in romantyske trendhopper. Syn moaiste, meast eigene wurkfoarmje de natuerlânskippen, dy't er op 'e eilannen en yn 'e Alde Feanen fûn. Dêr, tusken opljochtsjende kimen en hege loften wied er allinnich en koed er him útlibje, los fan folk en heitelân. It minst binne de wurken, dy't er yn opdracht meitsje moast. Dy foldogge faak oan alle VVV-klisjees fan en oer Fryslân as in skjin, folmakke paradys. In oar nuver djiptepunt is it skilderij ‘Neptune boven Friesland’. ‘Voor Joop - Vliegenier der Kon. Marine Luchtvaartdienst’ stiet der op. Eefkes as oriïntaasjepunt: de fotografy bestie doe al mear as hûndert jier. Mear wol ik der net oer sizze.
Tusken dizze utersten foarmje in hast ûneinige rige lânskippen mei sealtektuorren, pleatsen en greiden de kearn fan de tentoanstelling. Hieltyd wer hat Bouke van der Sloot dat iensidige, ûnwerklike romantyske byld fan Fryslân skildere. As kultuerpessimistpur sang lûkt er ús