Unlogysk geswets
Ik ha in stikmannich beswieren tsjin Kees Fens syn útspraak.
1. | ‘Men moat... bewûnderje ...’ - emoasjes kinne gjin morele ymperativen wêze. Men bewûnderet of men bewûnderet net, men hat leaf of men hat net leaf. Mar bewûnderje moatte - dat is dwaasheid. |
2. | ‘want dat hâldt jinsels needrich ...’ - wat hear ik no? Krekt as soe nederigens goed wêze. Ja, nederigens is goed foar in kristen om yn 'e himel te kommen. Mar wêrom soe nederigens op himsels goed, winsklik wêze? |
3. | ‘want dat hâldt jinsels needrich en dan bliuwt men jins best dwaan.’ Ik ha noch nea murken dat needrige minsken better har bêst dogge as grutske minsken. Earder oarsom. Nederigens seit: in oar kin it grif better - en bliuwt foar de tillevyzje hingjen. Grutskens seit: ik kin it better - en komt fanwegen. |
Kees Fens syn útspraak docht my oan as postkristlik en ûnlogysk geswets. Eksit! Ik bewûnderje Nietzsche, fral om syn boek Dat sei Sarathustra. Ik lês it stikken, ik set it oer, en doch alle war om alles dat der oan te begripen is te begripen. Mei't myn begryp tanimt, nimt myn gefoel fan macht ta, en dêrmei nimt myn bewûndering ôf, myn tankberens ta. En dan ha we it noch net iens hân oer de twillingsuster fan bewûndering: ferachting - en oer grutskens.