De Fryske útjouwer is in abstraksje
Durk van der Ploeg
Op sneon 15 novimber waard op 'e hjerstgearkomste fan It Skriuwersboun in foarumdiskusje hâlden oer de fraach: ‘Hoe kin in útjouwer de kwaliteit fan de literatuer ferheegje?’ Foarumleden wiene Liesbeth ten Houten, útjouster by Leopold yn Amsterdam; Koen Eekma, direkteur-útjouwer by de Afûk; Jan Schotanus, foarsitter fan It Skriuwersboun en Durk van de Ploeg, skriuwer. De foarumleden joegen yn 't foar harren miening oer de kwestje. Durk van der Ploeg hie syn gram fêstlein op papier. Dat printsje wy hjirby ôf.
Fan de útjouwers dêr't ik yn myn libben kunde oan hân ha, wie der mar ien fan wa't allinne mar goeds sein waard, en goeds sein wurde koe. Dat wie Doederus Kamminga fan Dokkum. Hy wie net allinne útjouwer, mar hie njonken syn útjouwerijke in boekhanneltsje en in antikwariaatsje. De setterij en printerij besloegen likernôch in opperflakte fan tweintich kante meter. De ivich kreakjende flierren en op- en delstapkes yn it boekhanneltsje wiene net folle grutter. By Kamminga wie alles lyts. Earmoede dus. Om de earmoede de baas te bliuwen hie er ek snypsnaren yn 'e hannel. Hy ferkocht bygelyks metalen knipers dy't de froulju fan 'e winige Dongeradielen oan 'e rokken knipe koene tsjin it opwaaien.
Doederus Kamminga wie yn de tweintiger jierren útjouwer fan it literêre tydskrift De Holder. De Tsjerne is fan 1949 oant 1955 by him ferskynd. Skriuwers en dichters as Douwe Kalma, Fedde Schurer, Ulbe van Houten, Nykle Haisma en Douwe Tamminga sieten yn syn fûns.
Doe't Kamminga yn 1959 fiifensantich jier waard, krige er in freone-album oanbean. Dêryn skreau Jan Piebenga doe: ‘As in skriuwer mei Kamminga te meitsjen kriget, dan stiet er net foar syn natuerlike fijân oer, mar foar in freon, in meiwurker, in wichtich partner yn de unio mystica dêr't it boek as konkreet objekt altyd út fuortkomt. Gjin dichter en gjin man fan stúdzje sil ea yn Kamminga de frjemde, de ûnbegripende, de boekhâlder field hawwe; krekt oarsom, hy seach him as syn gelikens, as bûnsmaat, as ynwijde.’
Sûnt yn 1955 de tsiende jiergong fan De Tsjerne as lêste útjefte by Kamminga fan 'e parse kaam, is it wat earmer wurden yn útjouwerslan. Kamminga ynspirearre minsken troch syn persoan, syn ideeën, syn typografy en syn artistyk fielen. Koartom, Kamminga wie gewoan it prototype fan de Fryske útjouwer.
It wie yn 1979 doe't de yn Dokkum opgroeide skriuwer Oek de Jong in roman publisearre mei as titel Opwaaienden zomerjurken. Dat hie er grif net opret as Kamminga doe noch fan dy metalen knipers ferkocht hie.
Hoe kin in útjouwer de kwaliteit fan de literatuer ferheegje? Ik wol besykje freegjenderwize dit haadpunt fan diskusje wat oars te formulearjen.