De skriuwer as semy-prof
Willem Verf
Goeie literatuer begjint by skriuwers, dy't de tiid nimme kinne om te skriuwen. Krekt as elke begjinnende ûndernimmer, begjint in skriuwer op eigen risiko en hy ynvestearret kapitaal, yn dit gefal kreativiteit en tiid. Mar yn dit lyts taalgebiet is der in spesifyk dilemma foar de lytse literêre ûndernimmer. Ek al leveret in skriuwer prima wurk, dat syn wei nei de lêzers ek nochris wit te finen, sy of hy sil der nea fan bestean kinne.
Full-prof yn de Fryske literatuer, dat sit der net yn. De beurzen fan it Fûns foar de Letteren biede foar in part in útwei; mar ek dermei, sa konstatearret it FLMD terjochte, is it probleem net oplost. Mear honorarium soe mear tiid betsjutte. De Provinsje kin it tekoart oan skriuwershonorarium yn yndividuele gefallen net struktureel oanfolje. Wa wol en wa net? Wy kinne al min elk dy't him oanmeldt as lid fan it Skriuwersboun in basisynkommen jaan. [-] In basisynkommen foar allinne Fryske skriuwers, dat is net de wei dy't ik propagearje wol.
Mar as full-prof sa dreech is, dan kinne wy miskien better ynsette op semy-prof. Foar skriuwers is it ek heulendal net raar om mei ien poat yn de deistige wurklikheid te stean. Foarhinne wie dat ek heul gewoan. Fryske skriuwers hiene fakentiids net al te drege banen, yn it ûnderwiis bygelyks. Obe Postma helle syn pinsjoen as learaar yn Grins. Dy learaarsbaan joech him kwa tiid en ek emosjoneel winliken genôch romte om him as dichter te ûntwikkeljen.
Kom dêr hjoed de dei ris om. Foar de jongerein is in fêste baan langer in seldsumheid. Wa't him op it wurk wiermeitsje wol, moat him der kontinu hûndert persint byjaan. Wa't genoegen nimme wol mei in leech ynkommen en út de posysje fan útkearingsrjochtige wei skriuwe wol, wurdt troch de sosjale tsjinst achter de kont sitten om dochs fral te sollisitearjen nei wurk dat wol betellet.
Dit is in hyltyd hastiger wurdende maatskippij. Foar skriuwen is weromlûken yn en op jinsels nedich. Spontaan of troch tafal sille dy geskikte nevenfunksjes dêr't de skriuwer in ridlik en stabyl ynkommen mei bemachtigje kin har hyltyd minder oantsjinje. Nei myn gefoel is dit in grutte oarsaak foar it te min ta stân kommen fan romans. Goed langebaan-proaza dat sa'n wichtige rol spylje kin yn de literatuer, en dat ûnmisber is foar it binen fan in grutter lêzerspublyk.
Foar dit fraachstik ‘hoe biede wy de skriuwer gelegenheid’ moat mear omtinken komme.
Nei myn betinken hawwe Provinsje en útjouwers hjir in mienskiplike ferantwurdlikheid. Talintfolle skriuwers dy't harsels mei ien-twa-trije romans wiermakke hawwe moatte no en dan wat skewield wurde yn har maatskiplike karriêre. Dy foarm fan begelieding koe wolris wichtiger wê-