Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 13]
| |
It eilân fan iensumens
| |
Atxaga en syn Baskyske skiednisOm Obabakoak te begripen kin men hast net hinne om de skiednis fan Atxaga dy't nau ferbûn is mei de skiednis fan Baskelân sels. Doe't Atxaga yn 1951 berne waard yn Asteasu, in doarpke fan 1000 ynwenners, wie yn Spanje Franco oan 'e macht. Under Franco waard it praten fan it Baskysk ferbean sadat de Basken bytsje by bytsje har eigen identiteit ferlieze soenen om sa in ‘Spanjaard’ te wurden. Op strjitte en op skoalle mocht de taal net mear praat wurde. Wa't dat wol die, koe straf ferwachtsje. Yn dy sfear fan taalrepressy waard Atxaga opbrocht en Baskysk waard allinne by him thús praat. Dat feroare doe't hy yn 1973 yn Bilbao kaam te wenjen. Sûnt in pear jier bestie de ETA en hie de kultuer en taal wer in bytsje in gesicht krigen nei bûten ta yn 'e foarm fan ferset tsjin de diktatuer yn Madrid. Spanje wie noch mar kwalik bekaam fan de enoarme opskuor yn 1972 doe't de ETA Admiraal Carrero Blanco opblaasd hie, de premier en de opfolger fan Franco at dy stjerre soe. Atxaga gong yn Bilbao nei foarlêsjûnen fan de dichter Gabriel Aresti en hie oant dat momint ta noch noait in letter lêzen yn syn eigen taal. Hy | |
[pagina 14]
| |
wist net dat der foar de Spaanske boargeroarloch (1936-1939) dy't Franco oan de macht brocht hie, Baskyske skriuwers west hienen. Atxaga begûn yn it Baskysk te skriuwen en kaam telâne by in groep skilders, dichters, muzikanten en teatermakkers yn Bilbao. Oer dy beslissing om yn it Baskysk te skriuwen, fertelt er yn in fraachpetear: ‘Het enthousiasme was zo groot en het was zo hecht verbonden met de oppositie tegen Franco dat ik me er onmogelijk aan kon onttrekken. Ik begon ook in het Baskisch te schrijven. Een politieke beslissing? Ja, maar toch ook een literaire. Ik geloof dat het een uniek geval is dat een rurale taal van de ene op de andere dag het voertuig wordt van de avantgarde.’Ga naar eindnoot2. Mei syn kar foar it Baskysk kaam Atxaga foar in tal oare swierrichheden te stean. As skriuwer moast er op syk nei in Baskysk publyk dat der nei al dy jierren taalrepressy hast net wie. Hy moast mei syn taal de skriuwkeamer út en hy lies foar, skreau foar de radio, joech lêzingen en skreau 26 berneboeken. Mar dat wie eins noch net iens syn grutste probleem. Wylst Spaansktalige skriuwers nei de kulturele iistyd ûnder Franco werom gripe koenen op in tradysje mei nammen as Cervantes en García Lorca, wie dat foar de Baskyske skriuwers net sa. Yn it foaropwurd foar de Nederlânsktalige edysje stiet dat Baskelân yn fjouwer ieuwen tiid noch gjin hûndert boeken produsearre. Der wienen gjin boeken dêr't Atxaga út leare koe hoe't er literêr Baskysk skriuwe koe. Atxaga fergeliket syn ûnderfiningen as Baskysk skriuwer yn dy tiid mei it spyljen op in guozzebrief: ‘Want een Baskische schrijver van nu, dat wil zeggen een schrijver die ergens in de jaren zestig in het Baskisch is begonnen te schrijven, lijkt wel heel veel op die jonge man op het eerste plaatje van de drieënzestig die het bord heeft en die, als enige bagage, een bundeltje draagt.’ (s.381) Mei enerzjy, stipe en trochsettingsfermogen reizge Atxaga oer it guozzebrief hinne en hat er no in stevige koffer by him yn stee fan ien bondeltsje. Hy hat mei Obabakoak in boek skreaun yn syn eigen literêr Baskysk. Hy is der soe men sizze, mar oer it einpunt fan syn reis is er net sa wis: Als ik naar het bord kijk, zie ik daar plaatje tweeënvijftig - met de gevangenis -, zie ik plaatje achtenvijftig - met het doodshoofd -, zie ik op plaatje tweeënzestig, het allerlaatste vóór de vijver met de Grote Moedergans, een sinistere figuur in het groen met een hoge hoed op... dan breekt het klamme zweet mij uit. Maar we blijven proberen, we blijven schrijven. Het bord ligt er opdat wij kunnen spelen. (s.384) | |
It doarp Obaba en syn ferhalenObabakoak betsjut ‘de minsken en/of de ferhalen fan Obaba’. Obaba is in troch de skriuwer betocht doarpke, mar hat alle skaaimerken fan in echt besteand doarp. It is yn Obaba dat it earste part fan it boek ‘Kinderjaren’ en it tredde part fan it boek ‘Op zoek naar het laatste woord’ him ôfspilet. It twadde part spilet him ôf yn it dúdlik Spaanske doarpke Villamediana. It hat ‘Negen woorden ter ere van het dorp Villamediana’ as titel meikrigen. Sa't letter noch wol bliken dwaan sil, is it ûnmooglik om it ferhaal oer Obaba nei te fertellen. Om in bytsje in ympresje te jaan fan | |
[pagina 15]
| |
it boek folget no in lytse gearfetting. | |
1. It ferline fan ObabaYn ‘Kinderjaren’ moetsje wy as earste Esteban Werfell dy't yn syn deiboek syn ferline opskriuwt. Yn dy deiboekfragminten lêze wy hoe't hy as soan fan in Dútske yngenieur al gau in bûtensteander waard yn Obaba en him weromluts yn de korrespondinsje mei in famke yn Hamburg dat letter net iens blykt te bestean. It twadde ferhaal giet oer de kanunnik Lizardi dy't yn âlde brieven beskriuwt hoe't yn Obaba in jonkje feroaret yn in wyt everswyn dat neffens de persoan dy't de brieven beskriuwt, sitearret en de missende hiaten yn it ferhaal oanfollet, syn soan wêze moat. Yn it tredde ferhaal komme wy in ûnderwizeres tsjin dy't yn Obaba hielendal gek wurdt fan iensumens en ôflieding siket yn har deiboek. Uteinlik fergrypt se har oan in lyts jonkje wat net goed ôfrint. It lêste dat wy fan har fernimme is dat se trout mei in kollega fan har en Obaba ferlit. De lêste twa ferhalen hawwe beide as titel ‘Ik zou iedere nacht wel willen wandelen’. It binne de bekentenissen fan Katharina en Marie. Katharina wol jûns graach kuierje nei de spoarline om har masinist te sjen dêr't se oait mei nei Hamburg west hat yn syn trein. Mar no tinkt hy net mear oan har en sy is te bang om nei bûten te gean. Marie is in famke dat net mear kuierje wol omdat de trein har hynder ‘Kent’ meinaam hat nei Hamburg foar de slacht. | |
2. Acht wurden oer VillamedianaYn it twadde part moetsje wy de ‘ik’ skriuwer dy't nei Villamediana ferhuzet om yn alle rêst te skriuwen. Hy sil besykje om it doarp yn njoggen wurden te beskriuwen. Hy fertelt hoe't er op it doarp komt en nei in pear dagen iensumens al gau fersilet rekket yn it doarpslibben. Hy makket kontakt mei de smoarge buorman, sit yn 'e kroech en kuieret in soad. Yn it ferlitten part fan it doarp, in normaal ferskynsel yn grutte parten fan Spanje, moetet hy de dwerch Enrique de Tassis dy't seit dat er famylje is fan de graaf fan Villamediana, de graaf fan Tassis en in grut dichter yn de Spaanske gouden ieu. Oan 'e ein fan it ferhaal blykt Enrique eins de dichter Carlos García te wêzen. De skriuwer ferlit Villamediana op syk nei it njoggende en lêste wurd. | |
3. It njoggende wurd oer ObabaYn it lêste part ‘Op zoek naar het laatste woord’ krije wy in hiele rige ferhalen ûnder eagen. It begjint mei it ferhaal fan de skriuwer dy't op in ald skoalfoto in hagedis ûntdekt by it ear fan in jonge dy't nei it meitsjen fan de foto al rillegau geastlik ôftakele. Hy moat tinke oan wat syn âlden him altiten fertelden: fal noait yn sliep op gers, want at de hagedis komt, dan krûpt er yn dyn holle en wurdsto gek. Fan dat momint ôf is er net mear te hâlden. Hy bellet in freon fan him op dy't dokter en literatuerleafhawwer is. Se sette ôf nei Obaba om it geheim fan de hagedis út te sykjen en by de omke fan de skriuwer te sjen dy't harren útnoege hat op in gearkomste oer literatuer. Underweis prate se oer ferhalen, moetsje in ferhaleferteller en komme úteinlik by omke telane dêr't se inoar ferhalen foarlêze en oer literatuer prate. It is in bûnt ferskaat fan ferhalen dy't oer de meast | |
[pagina 16]
| |
ferskillende saken gean. Oan 'e ein is de skriuwer noch altiten op syk nei it lêste wurd. Hy hat it riedsel fan de hagedis net oplosse kinnen en wurdt gek. | |
De konstruksje fan de wrâldIt boek Obabakoak is in hast ûneindige waaier fan ferhalen dy't inoar soms lykje te reitsjen. Want is Esteban Werfell dy't learaar ierdrykskunde is, bygelyks de kollega dy't mei de ûnderwizeres trout? Is de dwerchdicher Carlos García miskien de omkearing fan de reusdichter García Lorca dy't miskien net deasketten is oan 'e ein fan boargeroarloch, mar as balling yn it iensume Villamediana bedarre is? Is de skriuwer oan 'e ein echt gek wurden of is Obaba miskien inkeld in ferhaal? De tekst ropt in soad fragen op, mar jout gjin slutende antwurden. It binne deselde fragen dy't yn teksten steld wurde dy't de literatuerwittenskip ‘postmodernistysk’ neamt. Yn syn yntrigearjende boek Postmodernist Fiction formulearret Brian McHale de ‘postmodernistyske’ fragen as folget: What is a world? What kinds of worlds are there, how are they constituted, and how do they differ? What happens when different kinds of world are placed in confrontation, or when boundaries between worlds are violated? What is the mode of existence of a text, and what is the mode of existence of the world (or worlds) it projects? How is the world structured?Ga naar eindnoot3. McHale stelt dat men prate kin fan in postmodernistyske tekst at de tekst troch syn ynhâld of struktuer sokke fragen opropt of at dy fragen dúdlik yn de tekst oanwêzich binne. Wa't dy fragen stelt oan it boek kin in reade tried fine yn in wrâld dy't wat hat fan wat McHale neamt ‘a set of Chinese Boxes or Russian babushka dolls.’Ga naar eindnoot4. | |
1. De wrâldskepperIt is de skriuwer dy't de wrâld op papier set mei syn pinne. Op de earste side moetsje wy fuortendaliks sa'n skepper yn de persoan fan de deiboekskriuwer Esteban Werfell dy't achter syn buro sit en hielendal omjûn is troch boeken. In die muur van papier, van pagina's, van woorden, was echter één kier; een raam, waardoor Esteban Werfell tijdens het schrijven de hemel kon zien, en de wilgen, en de vijver, en het hok voor de zwanen in het grote stadspark. Zonder zijn afzondering te doorbreken vormde het raam een doorgang door de duisternis van de boeken en temperde het die andere duisternis die zo vaak spoken oproept in het hart van mensen die niet geleerd hebben alleen te leven. (s.11) Esteban kin troch in rút nei de ‘werklikheid’ sjen at er skriuwt. It rút hellet him út it tsjuster wei fan de boekewrâlden. Yn har boek Het postmodernisme in de literatuur meitsje Bertens en D'Haen in nijsgjirrige opmerking at it om skriuwen en it rút giet: ‘In de negentiende eeuw werd taal gezien als een transparent medium, een soort raam waardoor men naar de werkelijkheid kon kijken.’Ga naar eindnoot5. Esteban leaut noch yn dat njoggentjinde ieuske realisme at er it gebiet fan syn sûmbere oantinkens dat er ‘Kaap Wanhoop’ neamt bestride wol mei syn pinne: ‘Hij was nu een volwassen man, hij wist hoe hij de krachten in zichzelf | |
[pagina 17]
| |
moest bestrijden. En hij zou vechten, hij zou dat nieuwe schrift vullen.’ (s.13) It deiboek moat it rút wurde om de werklikheid fan syn libben te sjen, mar it is de fraach oft dat slagget. Hoewol't er oan 'e ein kalm en lokkich is at er klear is mei it skriuwen fan syn libbensberjocht, docht er wol it ljocht út. En yn it donker kin er fansels net mear troch dat rút hinne sjen. Hy is werom yn de iensumens tusken de fjouwer muorren fan papier. It ferhaal fan Esteban lit sjen hoe't Atxaga troch de ynhâld en de struktuer de klam leit op hoe't de skriuwer syn wrâld konstruearret. Atxaga brûkt it byld fan hoe't in skriuwer in wrâld konstruearret faker. Yn it ferhaal ‘Hoe men een verhaal schrijft in vijf minuten’ wurde oanwizingen foar skriuwen ôfwiksele mei it ferhaal dat op itselde momint opskreaun wurdt. In pear oanwizingen út dit prachtige stik tekst dat ek wer liket op it stikje oer Esteban Werfell: Neemt u alstublieft niet plaats voor een van die eentonige, effen moderne wanden, dat nooit; laat uw blik zich verliezen in het open landschap dat zich buiten uw venster uitstrekt, in de hemel waar de meeuwen en andere middelgrote vogels in geometrische figuren hun plezier in het vliegen uitleven. Ook is het nodig, zij het in iets mindere mate dat u naar muziek luistert, een willekeurig lied met een voor u onbegrijpelijke tekst; een Russisch lied bij voorbeeld. (s.261) | |
2. Ferhalen: de fragminten fan de wrâldDe skriuwer konstruearret de wrâld mei ferhalen. Nijsgjirrich op it mêd fan de konstruksje fan de wrâld fan Obaba is de Baskyske ferzy. Yn dy edysje stiet dat de lêzer syn eigen folchoarder mar útsykje moat yn de alfabetysk rangskikte ferhalen. De Baskyske lêzer kin op dy manier syn eigen ferhaal fan Obaba skeppe. Atxaga seit sels oer dy manier fan skriuwen en lêzen: ‘Het boek is een podium, een rommelkist; de schrijver een tovenaar die het publiek vermaakt met een lange reeks kleurige zakdoeken. Natuurlijk moet de tovenaar zich goed voorbereiden, maar de voorstelling mag ook weer niet te glad verlopen. Het moet spannend blijven. Als alles klopt, is het verloren.’ Atxaga is de tsjoender dy't de lêzer syn keunsten sjen lit en de lêzer moat sels mar útmeitsje hoe't it yn inoar sit. Lykas op it guozzebrief moat de lêzer de sprongen meitsje. Atxaga hat bewust net alles klopje litten yn de wrâld fan Obaba. Hy brûkt it ‘spul’ om de wrâld stal te jaan en lit sa sjen dat der hiel wat mear wrâlden en mooglikheden binne. Atxaga lit de lêzer op in postmodernistyske manier Obaba opsette: Het staat de lezer uiteraard vrij tussen de verschillende fragmenten een verband te ontdekken, ze een thematische zin te geven, maar nooit bestaat de garantie dat een dergelijk verband, een dergelijke zin, ook gerechtvaardigd, bedoeld of zelfs maar nuttig is. In dit opzicht bevindt de lezer zich in dezelfde positie als het postmoderne personage: ook dat ervaart zijn/haar wereld als fragmentarisch.Ga naar eindnoot6. De skiuwer yn it twadde en tredde part fan it boek besiket yn de fragminten fan de wrâld in sin te finen. Hy besiket syn wrâld yn njoggen wurden te omskriuwen. Op syk nei it njoggende wurd giet it mis. Hy bliuwt op Kaap Wanhoop stekken. | |
[pagina 18]
| |
3. De dea fan de wrâldskepperDe skepper fan Obaba is op syk nei it wurd en it ferhaal dat alles mei inoar ferbine moat. Hy siket dat yn it ferhaal fan de hagedis. De skriuwer mient dat dy systeem oanbringe kin, mar krekt de hagedis makket de skriuwer gek. Syn omke besiket him te warskôgjen: ‘Jullie zijn van mening dat literatuur een spel is, en geen enkel nut heeft. En omdat jullie er zo over denken, zijn jullie niet in staat geweest de kern te vatten die verborgen zat in die geschiedenis die jullie ouders vertelden. (...) daarin worden, als in een metafoor, alle denkbare gevaren samengevat. Bovendien moeten jullie bedenken dat de hagedis net een klein draakje lijkt, en dat in allerlei volksverhalen draken het kwaad vertegenwoordigen’ (s.359-360) Mar de skiuwer kin de metafoar fan de hagedis net los sjen fan de realiteit. De metafoar fan de hagedis (fan it dûnker) wurdt sa echt foar him dat dy úteinlik syn ferstân opfret. Uteinlik dôvet de fakkel yn syn holle, sa't syn omke dat sa moai neamt. It sykjen nei ferbannen en symboalen kin men hast sjen as in definysje fan it modernisme, de foarrinner fan it postmodernisme dat noch leaude oan ien werklikheid. Neffens de modernisten lykas Joyce en Woolf is de werklikheid dan wol swier stal te jaan, mar se twifelje net oan dy werklikheid en besykje him stal te jaan troch symboalen. Se leauwe noch yn it ferhaal ûnder it ferhaal. It ferhaal ûnder de ferhalen yn Obabakoak is dat sa'n ferhaal net bestiet. De hagedis is net it symboal dat de skriuwer helpt, mar it makket him gek. De skepper stjert. | |
4. It postmodernisme selsDe omke yn Obaba is in yntrigearjende man dy't yn postmodernistyske termen oer literatuer praat. Set er him yn it begjin noch ôf tsjin it ferskynsel en is er sljocht fan de njoggentjinde ieu, oan 'e ein is er om en liket er hast wol it postmodernisme sels te wêzen, al nimt er de literatuer noch altiten like serieus. At syn neef freget hoe't er op de ynterpretaasje fan de hagedis komt, seit er: ‘Intertextuality, beste neef, intertextuality.’ Intertekstualiteit is in postmodernistysk begryp. It betsjut dat in tekst net unyk is, mar altiten basearre is op oare teksten. It orizjinele ferhaal bestiet net. Op syk gean nei in njoggende wurd is in fata morgana. Yn syn ferhaal ‘Methode voor het plegen van plagiaat’ hat omke in dream oer in moeting mei Pedro Daquerre Azpilicueta, bynamme Axular, de heechste autoriteit en de earste fan alle Baskyske skriuwers. Tegearre steane se op de berch en sjogge it lytse Baskelân yn see. De oplossing, seit Axular, foar dy iensumens is it kopiearjen fan âlde en goeie ferhalen. Omke fynt dat earst plagiaat' mar, sa seit Axular, sa gie dat ommers yn it ferline ek. At omke wekker wurdt, set er him fuortendaliks oan it skriuwen fan syn metoade tsjin de iensumens: hoe wurdt men plagiator. Plagiaat hellet de skriuwer ek fan syn Kaap Wanhoop ôf en sa hoecht in skriuwer ek net gek te wurden of te tinken dat er God is. Al stjert de skriuwer, it ferhaal kin wer bestean by graasje fan plagiaat. | |
[pagina 19]
| |
5. De konstruksje fan taalNeffens it postmodernisme kin taal neat sizze oer de werklikheid, want taal is in yn himsels opsletten systeem dat allinne mar wat oer himsels sizze kin. It wurd ‘kat’ is neat oars as trije letters dy't foar elts minsk wer wat oars betsjutte. Taal en wurden komme ek yn Obabakoak oan 'e oarder. In tal wurden binne bygelysk skeef drukt. Yn it deiboek fan Esteban Werfell is dat bygelyks it wurd ‘kanunnikenpad’. Yn it twadde ferhaal is der sprake fan in kanunnik. Mar it wurdt noait dúdlik wat it ferbân is tusken dy wurden. Lykas al sein kin de skriuwer it lêste wurd net fine. Yn syn earste wurd oer Villamediana lit er al sjen hoe dubieus de ferhâlding is tusken wurd en werklikheid. Als iemand mij vroeg uit de woorden in een woordenboek er vijf te kiezen en met behulp daarvan een zo beknopt mogelijke beschrijving of uitleg te geven met betrekking tot Villamediana, zou ik er niet aan ontkomen het woord zon te kiezen (...) In de tweede plaats zou ik korenveld moeten kiezen. (...) De drie laatste woorden zouden zijn leegte, raaf en schaap. Enerzijds zouden die vijf woorden al voldoende zijn om over dat eiland te berichten. Misschien ook wel over heel Castilië. Maar anderzijds zou deze samenvatting niet meer zijn dan een eenvoudig schoolopstel of de visie weergeven van de dichters die er zich, naar ik heb gezien en gelezen, alleen in de vakantie moeten hebben vertoond. En dan zouden dus veel bijzonderheden uit mijn eigen ervaring onvermeld moeten blijven. Bij voorbeeld met betrekking tot mijn aankomst in het dorp. Want ik kwam op een donkere wintermiddag in Villamediana aan, toen het dorp niet omringd was door zon en korenvelden. (s.118) De skriuwer lit sjen dat wurden úteinlik net ien werklikheid werspegelje, mar in hiel soad. Hy brûkt de klisjeewurden at it giet om it beskriuwen fan Spanje en lit sjen hoe't dy wol en ek net klopje. Hy komt dan ek noait út by it njoggende wurd, want taal kin dat úteinlik net sizze. Der is gjin einpunt yn de taal dêr't alles sein wurde kin of, sa't de skriuwer seit, ‘dat afdoende en essentieel zou zijn.’ Grappich at men it hat oer einpunten yn de taal, is de betsjutting fan ‘Villamediana’. It wurd ‘villa’ betsjut hûs yn it Latyn. ‘mediana’ betsjut ‘midden, gemiddeld’ yn it Spaansk. Villamediana betsjut dus it hûs yn it midden. Dat kin de posysje fan it Spaansk wêze nei it Baskysk ta, mar it kin ek it idee fan it Spaansktalige plak wêze dêr't de Baksen ûnder Franco ferbliuwe moasten. Of miskien is it wol de himel sels dêr't García Lorca omrint. Wa't in ‘a’ út ‘mediana’ hellet (in uterst postmodernistysk prosedee) komt ek noch út op ‘medina’, de âlde wyk yn in Arabyske stêd dy't boud is as in einleaze sirkel fan strjitsjes. Yn Villamediana leit de dichter Carlos García him de betsjutting út fan in tal Spaanske wurden en hoe't dy te werom te bringen ta it Latyn. Mar de skriuwer lykas Atxaga sels is in Bask en Baskysk is in hiel aparte taal dy't net yn dy Latynske werklikheid past. It Baskysk is net iens in Indo-Europeeske taal en de taalwittenskippers binne der noch altiten net oer út hoe âld de taal is en wêr't dy presiis weikomt. Krekt troch de skiednis fan it Baskysk lit Atxaga sjen hoe't taal en | |
[pagina 20]
| |
werklikheid twa ferskillende dingen binne en hoe't de realiteit foar him as skriuwer derút sjocht.. Yn it foaropwurd skriuwt er: Ik schrijf in een wonderlijke taal. Haar werkwoorden, de structuur van haar bijvoeglijke bijzinnen, de woorden waarmee ze de oude dingen benoemt - de rivieren, de planten, de vogels - hebben nergens ter wereld verwanten. | |
De eilannen en de wrâldYn Obabakoak pakt Atxaga in hiele rige doaskes út dêr't de lêzer him mei fermeitsje kin. De skriuwer komt foarby, it ferhaal, de dea, it postmodernisme en de taal sels. It is in lange rige ferhalen dêr't de lêzer úteinlik syn eigen ferhaal oan taheakje mei. Obabakoak is in ferhaal dat foar in grut part oer taal en realiteit giet en dat him op it ‘eilân’ Baskelân ôfspylje kin, mar ek yn de rest fan de wrâld. Foar de rest fan de wrâld hoege wy net fier fuort en kinne wy gewoan yn Fryslân bliuwe. De reade bwarre fan Trinus Riemersma hat hast alle eleminten dy't Obabakoak hat. Riemersma lit ferskillende ferhalen (en realiteiten) troch inoar rinne en de lêzer begjint te twifeljen oan de skriuwer. In skriuwer dy't fragen stelt as ‘Va skrjoot ut búk? Vaans vudden stonne? Vaans vurk bedarret yn 'e koer? Va lêze jo? Lêze jo mij of lêze jo him? Va fon ús fiven, kopijskriuwers dy't óp solderkeamers stinne en tikje, skrjoot ut búk?’ (s.9) De skriuwer jout opdrachten oan ‘kopij’ skriuwers om ferhalen te skriuwen en sa hawwe de ferhalen yn De reade bwarre gjin pretinsje dat se sa unyk binne en stjert de ‘unike’ skriuwer. Riemersma ‘kopiearret’ de styl fan de boereroman en lit dat ek dúdlik merke. En Riemersma brûkt letterlik syn eigen Fryske taal om syn realiteiten stal te jaan. Oer wurden skriuwt Riemersma: ‘en olles vot yn 'e minske is, is ut vud, en bwótten ut vud is de minske net.’ (s.8) In minske is net mear en net minder as in talige konstruksje.
De minske sit oeral op 'e wrâld op in eilân fan iensumens at it giet om taal. Taal kin gjin unike dingen sizze oer de werklikheid hoe graach wy dat ek wolle. In skriuwer kin inkeld stal jaan oan syn eigen realiteit. Dy iensumens sit foar Atxaga net allinne yn de realiteit, mar ek yn taal sels. Om't er yn it Baskysk skriuwt dat de frjemde buorman fan it Spaansk is, is er him bewust fan de relaasje tusken taal en werklikheid. Atxaga hat gjin romantyske idealen oer syn taal. Syn eigen situaasje is foar him in gegeven dêr't er as skriuwer net altiten like bliid mei is. Sa seit | |
[pagina 21]
| |
er yn it fraachpetear: ‘We zouden op moeten houden met discussies over abstracte begrippen als vrijheid, onafhankelijkheid, democratie, volk en taal. We zouden ons bezig moeten gaan houden met concrete problemen.’ Mar sa is de situaasje yn Baskelân no krekt net. Taal is polityk en polityk hat úteinlik kwalik gefoel foar wat literatuer is. Atxaga is gjin nationalist, mar in skriuwer dy't sa't er seit gewoan fereale is op syn eigen taal. Hy is in skriuwer dy't it ûntbrekt oan in ‘foarskiednis’ fan in literêre taal, mar net oan in ‘tradysje’, want in skriuwer hat it hiele literêre ferline ta syn beskikking of sa't Atxaga skriuwt yn syn neiwurd: ‘Er is tegenwoordig niets meer dat strikt tot één gebied beperkt blijft. De wereld is overal, en Euskal Herria, Baskenland, is niet alleen meer Euskal Herria, maar de plaats waar de wereld de naam Euskal Herria aanneemt.’ (s.382) Oer taal, polityk en Fryslân hat Riemermsa saken te melden dy't op 'e nij hiel tichtby dy fan Atxaga lizze. Riemersma makket him foaral drok oer it geeamel oer geef Frysk. In skriuwer moat neffens Riemersma dy taal brûke dy't by syn ferhaal en syn persoanen past. ‘De kwesje fon “geef” of “goed” Fries is fwar de skrjower net un taalkundeg, mar un lyterêr probleem.’ (s.193) In skriuwer moat him net bekroadzje om it standertfrysk en syn feranwurdlikheid leit net tsjinoer de lêzers of de ‘taaliverders’, mar tsjinoer ‘de súsjetten dyt ur beskrjoot.’ De persoanen moatte de taal prate fan har eigen realiteit. Hoe't de Fryske polityk mei taal omgiet wurdt dúdlik yn it haadstik oer de ‘supsydzje’ oanfraach foar it boek. Dy wurdt ôfwezen, omdat it gjin geef Frysk is. Riemersma syn realiteit bestiet net neffens de noarmen fan de Afûk. Riemersma skriuwt net sa eksplisyt oer de wrâld as Atxaga dat docht. De reade boarre spilet him hielendal ôf yn Fryslân en dan foaral yn Fervet. Mar Fervet wurdt oan 'e ein wol ôfbrutsen en dermei ek it ferhaal fan Fervet en it boek sels. Yn Obaba wurdt de skriuwer gek fan syn konstruksje, yn Fervet brekt de skriuwer syn konstruksje ôf. Beide kearen is der sprake fan in nij begjin en stappe se út de iensumens fan har taal.
Obabakoak is in boek dat op it earste gesicht inkeld in samling aparte ferhalen liket. Wa't fierder sjocht en siket, fynt in ferhaal dat ‘unyk’ is. Alle doaskes meitsje ien grut ferhaal en de lêzer mei der fan tinke wat er wol. Syn manier om stal te jaan oan de wrâld is prachtich en foar my as sprekker fan in minderheidstaal, uterst werkenber. Atxaga praat net yn it standerttaal fan wittenskippers, ‘taaliverders’ of politsy oer taal, skiednis en werklikheid, mar hat in folslein eigen manier fan fertellen fûn. Ien fan syn wapens tsjin de minsken dy't mar ien werklikheid sjen wolle is syn pleit foar ‘plagiaat’. Sels seit er dêroer yn it fraachpetear: ‘Plagiaat bevalt me ook omdat het een wapen is tegen de vergoddelijking van het schrijversvak. Het is tegengif tegen de mythe van de briljante eenling, en daarmee bedoel ik niet alleen de schrijver die zich zogenaamd van niemand iets aantrekt, maar ook degene die zich juist als spreekbuis beschouwt van heel zijn volk.’ Atxaga hat him by it skriuwen allinne mar oan | |
[pagina 22]
| |
de regels fan syn eigen spul hâlden en dat hat in yn alle opsichten ‘fantastysk’ ferhaal opsmiten dêr't hy mei ûntsnapt is oan wat hysels ‘de metafoaryske kondysje’ fan in minderheidstaal neamt. Atxaga fertelt ferhalen en dat is wêr't it ieuwenlang yn de literatuer om gien is Hy kin him net alhiel losmeitsje fan de posysje fan syn taal en fan syn skiednis, mar hy besiket it wol en just mei dat besykjen jout Obabakoak in ‘unyk’ perspektyf op de posysje fan de skriuwer yn in minderheidstaal. In skriuwer dy't himsels prachtich gearfettet at er seit yn it fraachpetear: ‘Ik ben er doodmoe van, om iedere keer weer het bestaan van mijn taal te moeten verdedigen. Maar ik ontkom er niet aan, terwijl ik het veel liever over de schoonheid van de struisvogel heb.’ |
|