Koarte kroanyk fan it proaza
Doeke Sijens
In roljende stien
Oer: Piter Boersma, It libben sels, Boalsert, Koperative Utjouwerij, 1997. 158 s. Priis: f 27,50.
De measte romans wurde skreaun yn 'e trant fan: ‘Hy die de doar iepen, stapte de drompel oer en seach syn frou mei in frjemd op 'e bank sitten. Hy skrok. Hoe soe er dit ha?’ In soad lêzers meie graach oer sa'n styl, se hoege de skriuwer mar te folgjen en alles komt foarinoar.
Piter Boersma pakt it yn syn nije roman It libben sels hiel oars oan. De lêzer moat foar dit boek sels oan it wurk. Fan in skriuwer dy't oanwizingen jout is gjin sprake. Boersma skriuwt direkt, beslist en sûnder omballingen. Boppedat moatte wy wat ús ferteld wurdt earst marris goed yn ús omgean litte, ear't dúdlik is wat ús konklúzje wêze moat.
Koartsein giet It libben sels oer it mislearjen fan it houlik fan de ferteller en Dette. It is de fyfde kear al dat him in houlik misrint. Yn 'e rin fan it boek wurdt dúdlik dat soks elke kear syn eigen skuld west hat, om 't hy mear oan seks as oan syn froulju hinget. Elke kear as de schwung der út rekket, siket de ferteller in útwei. By syn earste frou giet er lange einen te fytsen, by de twadde sit er almar op 'e fliering, by de tredde yn it hok en by de fjirde yn syn bibleteek. By Dette sit er yn 'e finsterbank, mei útsicht op 'e fjilden en de loften. As in ‘dowehâlder yn syn dowehok’.
Ynearsten is Dette yn alles syn maat. Sy ‘wennet yn 'e keuken of better sein oan 'e keukenstafel. Se wennet perfoarst net oan it oanrjocht. Dêr komt se allinne om de brot del te setten. Se hâldt net fan ôfwaskjen, dat moat ik dwaan.’ Dette past him hiel wat better as syn eardere froulju. Alles wat dy net woenen, wol sy wol. ‘Myn tredde houlik wie wat dat oangiet in mislearring. Tet woe in soad, sei se, mar se stoar leaver as dat se mei my yn it hea lizzen gong. Mar mei Dette ha ik it wer troffen. As wy ûnderweis binne en yn in stik lân hea lizzen sjogge jouwe wy ús der daliks yn del.’ Dochs giet it mis en siket Dette in oare man.
It libben sels is mear as in houliksroman, it is ek in selsanalyze. De ferteller komt mei ferskillende teoryen oer himsels: hy is ferlegen, kin him net goed uterje, hy hâldt dingen foar himsels. Dette giet tsjin him yn.
Ik sit yn myn finsterbank. Ik bin ferlegen. Ik bin net op it libben taret. Alle kearen as ik út myn finsterbank wei kom stap ik yn 'e ôfgrûn.’ ‘Dus ik wie in ôfgrûn?’ sei Dette.
‘Ja,’ sei ik.
‘Nee,’ sei se, ‘ik wie de sachte boaiem dêr'tst op del delkaamst.’
De ynfloed fan Dette op him wurdt lytser as oare froulje greep op syn fantasy krije. Yn de krisis