Unoantaastber bewûnderje? (2)
Willem Abma
Unoantaastber bewûnderje wurdt bedoeld as bewûnderje as ûnoantaastber, nim ik oan. Moat ik earst ‘ûnoantaastber bewûnderje’ om nederich te bliuwen. En doch ik as ik mar nederich genôch bin, dêrnei better myn best?
Ik sjoch yn dizze opstiging fan Kees Fens de ferbannen net sa't hy dy leit. Hy sil it ek net sa earnstich bedoeld ha, tink ik. Ik bin in trou lêzer fan syn bydragen yn de Volkskrant, myn favoryt deiblêd. Ek as er essayearjend skriuwt yn syn ferhannelingen op moandei, mei er him graach wat gean litte en blomryk útdrukke. Lit stean as er net skriuwt, mar praat.
Nei in opstekker yn 1973 haw ik sûnt 1974, mar fral sûnt 1981/1982, alle reden om my nederich te fielen as it om literêre saken giet. Beide ûndersteande fersen sprekke dan ek foar har sels en my tige oan.
Fan G.N. Visser:
Pas
fan dizze mienskip en der is gjin hân
dy't mei my fûstket, 'k wie te min karaatsk.
Der wie gjin sit foar my oan libbens dis.
Haw ea ik it gouden oefte preaun?
Hja stegere my of, mar yn myn siele is bleaun
in fjoer, dêr't ik it slimste net fan sis.
De swiere wyn, it fruchtfleis net foar ús,
foar ús de skilen en de bittere koarsten.
Mar sis, hoe komme wy melaatsken thús?
Lâns in inge, tsjustere pas, dy't jim net oergean doarsten.
en fan G. Achterberg:
Over de Jabbok
Toen ik het einde had bereikt
stond God op uit het slijk,
en ik stond naast Hem, ziende neder
op een verloren eeuwigheid.
En Hij zei: je had geen gelijk;
maar dat is nu voorbij, van heden
tot aan die andere eeuwigheid,