Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 8]
| |
Mear as bewûnderingKees Fens is in betochtsum man mei in grut ynlibbingsfermogen. En dat tanket er oan syn beskiedenens. Ik kin yn syn útspraak in soad neifiele. En dochs kin ik my der net alhiel yn fine. De willemoedsens, it opsetsin deryn stiet my wat tsjin. Bewûnderje om te witten datst de hichte noch net hast, om sels foarút te kinnen. Sa't in berchbeklimmer syn tou yn in fêst punt boppe him heakket om wrakseljend omheech komme te kinnen. Neffens my is it warber bliuwen net de reden foar dy ‘bewûndering’. It is der it gefolch fan. Ik ken it gefoel, of sis mar: it besef. Is it bewûndering? Earder is it de ûnderfining fan myn beheindens. Ik rin tsjin myn grinzen oan. Bûten my is in wrâld dy't ik net (be)fetsje kin, mar dy't ik as lytse doarmer lykwols yn kaart bringe wol. Ik stean op myn grins en digerje yn dy frjemdte, besykje wat te ûnderskieden. En inkeld kom ik in reizger tsjin dy't my wat fernije kin, dy't justjes mear sjoen hat as mij. Hoe komt immen fierder? Hoe nimt in minske wat waar oer de grinzen fan syn beheindens hinne? Ik tink: mei de taal. En dêryn mei de ferbylding. Wat wy net begripe kinne, dat stelle wy ús foar, dat krijt stal as wy it wurd jouwe. Dy reizger dy't ik moetsje docht gjin ferslach, hy fertelt in ferhaal. Hy kin syn ûnderfinings net fêstlizze yn paadwizers, foarskriften en rigels, syn ûntdekkings net bewize mei mjitstêf en skealjen, mar hy kin dêryn leauwe mei hert en siel en der metafoaren foar sykje. En dat is foar my dan ek in better begryp as ‘bewûndering’. It giet om it leauwe. In djip witten, in fêst fertrouwen dat der in wierheid oer en om ús hinne is, dy't ús heint en fergearret, wylst wy der net mear as in aan fan ha. En dat aan stipet ús, driuwt ús ta ferbylding, ropt ús ta ûntjouwing. Wy besykje dy te beneamen, der hâldfêst oan te krijen. Wy sizze ‘god’ en moatte dat wurd útlizze: it rint ús tusken de fingers troch. ‘Sjochst wol?’, seit immen: ‘God bestiet net.’ Ik leau net yn wat ik útlizze kin. Ik leau yn wêr't ik net by kin. Wat my hillich is dat is net fan my. It lit him net neame, allinne ferbyldzje. En derom hâldt it my oan it wurd. En dochs, in dichter, in skriuwer, is gjin mystikus. Hy is in fernijer. Ek as er saneamd ‘realist’ is. Dy realistyske skriuwer siket it ûnbegryplike yn de deistige dingen. Oars soe er sjoernalist wêze. | |
[pagina 9]
| |
Hy winkt syn gehoar om it fjoer, freget it wurd. ‘Ik moat jim in ferhaal fertelle’, seit er. En hy lit syn ferbylding sprekke oant syn harkers in hear oersjogge dat bûten harren eachweid leit. Sa komme se ta inoar en ta harsels. De wierheid leit net yn, mar ûnder syn wurden, gearfallend mei it besef: ‘Sa is it!’ De fernijer kin net lige. Want hy wit de wierheid net. |
|