Trotwaer. Jaargang 30(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 4] [p. 4] Eeltsje Hettinga Vincent Thomas De moarn is by kyps. Auto's as dinky-toys rûgelje oer Vincent Thomas Brêge, brêge fan farwol, mei hiel it spektrum oan hoi's fan pearkes, selsmoardners en de tsjunk dy't de moanne yn 't wetter foar wite snie hold. Kontenerskippen út Singapore en Rotterdam driuwe as kantele flatgebouwen de haven yn, falle stil ûnder de elevatoaren; swingend yn tsjustere laadromten krije hja linich as kreamheinsters it wûnder fan fracht op. Fan kaboem, kaboem komme de treinen op gong. De kadâns fan wagons draacht de grûntoan fan blues en honkey tonk. By alle beweech stean ik stil by it byld fan myn oarsprong, in blauwe boerinne op Vincent Thomas Brêge. [pagina 5] [p. 5] Achterôf Grûnich is it wetter fan de haven. It harpoen yn 'e hân jeie snorkeljende bern troch in ryk fan plestik, hout en ôfeart. Speetske fisk giet foar trofee. It útsjoch op it dok lapje ik my de ferwaarloazge bark fan in leafde op. Unfoltôge bliuwt libben yn wat it him betinkt achterôf. Der is in dylgjen fan skuld oant op de lêste spiker fan 'e kist. It ferline, it soarget mar foar ûnnedige komplikaasjes, joech my de Sineeske restauranthâlder yn Can Tho te ferstean. ‘Do you understand?’ Antwurden einigje yn taalferhaspeling en wurge dronkenskip, de holle útteld op 'e tafel. ‘Konfusius’, pûlemûlke ik noch ‘hie te uzes baas terpebouwer west.’ [pagina 6] [p. 6] Ik bin de blauwe nacht fan Texas ynrûn Ik bin de blauwe nacht fan Texas ynrûn. Febrewaris ripe wyt tsjin de heuvels. Yn 'e bedelte leinen de doarpen, fabriken, in opljochtsjend tankstasjon. It snijde licht, kâld wie it foar Texas dwaan. Ik tocht oan myn earste stappen de snie troch, thús, de homeie út en de stim fan de frou dy't my weromrôp, hja dy't begûn te swalkjen bylans dûnkere wetters, pratend yn harsels as ik. Ik bin de blauwe nacht fan Texas ynrûn. Oer de bare flakte fan Texoma Lake waaide my it gûlen fan dieren temjitte, lûd as stimmen yn 'e kast fan myn oantinken, tiid dy't langer fan dea en wolven is. Hânbûtsendewei ûnder it krús fan de moanne tsjin de kym frege ik mysels: Binne dit de wegen, ienris begûn mei de dream foar de opfeart thús, it wetter dat troch doarpen en stêden blynlings [pagina 7] [p. 7] de mûning fan de see fynt om wei te wurden yn de ús alles fersiljende romte achter dûnkere oseanen? ‘Och, ien reade rêch en wat is de wrâld noch mear as in hoannestap,’ skreau G. Ik bin de blauwe nacht fan Texas ynrûn, de holle skean oer 'e skouder keard. As in sniestoarm jage my it byld fan myn tiid: in berch snaren, tebrutsen op de kast fan myn lân, myn lichem en rinnen, swalkjen seach ik mysels, allinnich bylâns de reade pleatsen fan leafde en oarsprong, sûnder werom. Karwats wie de wyn dy't my it antlit iepenhelle. Sâlt biet sniejachtsjen de wûnen. Vorige Volgende