Trotwaer. Jaargang 30
(1998)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 1]
| |
[Nummer 1]Dwersreed
| |
[pagina 2]
| |
binne net ambisjeus, mar wêrom soenen se dat ek wêze moatte want de Fryske lêzers wolle dochs neat avontoerje. Jonge skriuwers brûke min Frysk mar wat hinderet it ek want de Friezen har taaleigen stelt almar minder foar. Der is te min subsydzje mar hellet subsyzdje wat út? Wel nee, skriuwers binne ommers dochs net ambisjeus dus dat is mar jild fergriemen. Der binne te min jonge skriuwers mar wêrom soe men ek Frysk skriuwe, it saakje rint ommers dochs op 'e ein. Nei it lêzen fan tweintich siden fan dit sirkelproaza hope ik fansels dat Van der Ploeg mei de remeedzje komme soe. Mar de dokter wit it ek net! Ja, foar jonge skriuwers hat er as resept in lyts drankje: se soenen earst by harsels te rie gean moatte. Smyt soks wat op, dan soenen se meidwaan kinne oan in stúdzjerûnte foar ‘ynaktive, aktive en oankommende skriuwers, dy't har ûnder betûfte lieding fan bûten ôf analysearjend dwaande hâlde mei de ûntjouwing fan moderne literatuer.’ Want: Fryske skriuwers binne loaikerts, tefreden mei it skriuwen fan in koart ferhaaltsje foar in tydskrift en se witte temin fan de wrâldliteratuer. Dêr moat de swipe oer! Yn 'e wike dat Van der Ploeg foar syn essay in priis krige, út hannen fan deputearre Mulder, waard Frysk & Frij eksekutearre. Van der Ploeg krige daliks al syn sin. Hy sil wol bliid wêze mei it ferdwinen fan dit blêd dêr't ommers safolle skriuwers har talinten oan fergriemden. Nei syn gitswarte analyze fan de Fryske literatuer komt Van der Ploeg dus net mei in oplossing. In middel om de klachten wat te lichtsjen jout er ek net. Soe dat komme om't er ek mear as in bytsje rankuneus is? Syn útjouwer is net grutsk op him, skriuwt Van der Ploeg bitter. Dy bellet no nea om te freegjen oft er al wer wat moais ôf hat. Syn lêzers fine it ek allegear mar normaal dat hy alle dagen sit te skriuwen. En prizen? Soe't wêze kinne dat Van der Ploeg it net ferdrage kin, dat er by alle moaie besprekken, noch altyd de GJ net krigen hat? Is hy ea frege om it boekewikegeskink te skriuwen? Ik liket der net op. Van der Ploeg skriuwt teminsten: ‘As ik fjirtich jier earder witten hie wat ik no wit, ik bin der wis fan dat ik myn skriuwerskarriêre yn it Nederlâns begûn, ek yn it Nederlâns trochset hie, om't ik yn it Nederlâns gâns mear kreative frijheid en útdrukkingsfeardigens ûnderfyn en dat foar in befolking fan krapoan tweintich miljoen.’
Dêrom syn jeremiade, tink ik dan moarnsbetiid suver optein, hy fielt him miskend en dat kin er allinnich ferneare troch literêr Fryslân ferrot te ferklearjen. Sa reitsje ik dan wer yn 'e sliep. By it moarnsiten fiel ik my wer in stik rommer. Soe hy ús gewoan net wat opskerpje wollen ha? Doe't hy jong wie hat er fêst ek wolris fan Folkertsma op 'e bealch krigen. Wat wie dat ek in beul! By ljochtskyndei wurdt syn essay mear in brief fan omke Durk. Ik sjoch him sitten, de pen yn 'e hân swevet boppe dat ‘skjinne papier’. Hy begjint: ‘Lykas Gerrit Achterberg de dichter mei in ko fergelike, bin ik der de lêste jierren hieltyd mear fan oertsjûge rekke dat Fryske skriuwers it bêste fergelike wurde kinne mei de geit. Fanâlds de arbei- | |
[pagina 3]
| |
dersko. Wjerkôgjend, frettend of mêkjend, de bek stiet harren noait. Mar as it oan grutte wurden ta is... Roppe en raze, mar skriuwe, ho mar.’ Dit is raak, moat de sjuery fan ‘net-skriuwers’Ga naar eindnoot2 tocht ha, doe't se it essay ûnder eagen krigen. Wat in sarkasme! Dy skriuwers hoege har neat mear te ferbeeldzjen. En de amtners, troch elkenien mei krityk oerladen, sil Van der Ploeg mei freugde syn jild jûn ha. Dit wie no in insider en dy fûn dat alles by it âlde bliuwe koe om 't der dochs gjin salve oan te striken is. Mar Van der Ploeg hie oare bedoelingen, dêr bin ik wis fan. Hy hat syn essay net neamd Jonges, ik hâld der mei op! Hy wol sels ek fierder mei de Fryske literatuer. Nee, hy wie net sarkastysk, dy moarn doe't er de geitepreek makke. Hy hat sûnder mis de hoop hân dat syn krityk suverjend werke soe. En gelyk hat er. Ik wit ommers hielendal neat. Bygelyks dit: ‘Geiten drage neat mear by ta gewin en wolfeart. Geiten hâlde is willewurk, lúkse. Tsjintwurdich toutert it spul wat gekjeiend yn 'e blikken om. It tilet foar de aardichheid om 'e bern oan in boarterskammeraat te helpen.’ Hoe soe ik dan ek in boek skriuwe kinne, tink ik skuldbewust as ik ûnderweis bin nei't wurk, mei sa'n bytsje kennis. Foar't ik de pinne wer oppak moat ik earst marris nei in bernebuorkerij! |