Oan de ein ta dichter
Baukje Wytsma
Sa kin dit dan wêze in lêste dicht,
En it opuske komt ta syn ein;
Nou sille wy witte wat hâldt.
Om to sjongen net, om te skriemen net;
Mar om stil yn it ynderlikst op to gean
As in skimke fan ivichheit. (280)
Wat my oansprekt yn it wurk fan Postma is net mei in pear wurden te sizzen. Ik soe it miskien it bêste oanjaan kinne troch allinnich mar justjes te wizen nei de dingen dy't der ommers altyd binne, de dingen dêr't Postma oer skreaun hat: wat tsjotterjende mosken yn 'e hage, reade knoppen yn in appelbeam, in loft dy't iepenskuort, dy glinstering fan koele klearens yn de iere maaitiid. Ja, wat net? Hat er it net allegear sjoen en oaren bewuster sjen litten?
Obe Postma wit my mei syn poëzij yn alle hoeken fan it bestean te bringen. Fynt wurden foar de nammeleaze dingen sa't allinnich grutte dichters dat kinne. Skriuwt rigels dy't foar ivich yn jins ûnthâld hingjen bliuwe. Rigels ta treast, rigels ek om de ivige ûnwennigens te bemasterjen. Postma, dichter fan de geast. Ik lit my sa no en dan graach troch him meinimme yn de foar my o sa werkenbere ynderlike en uterlike wrâld dêr't er oer skriuwt.
Doe't Postma stoar yn 1963 wie ik santjin jier, wenne yn Fryslân en ik wist net iens dat er bestien hie. Wêrom hie net ien ús dat ferteld op skoalle, of thús? Yn dy tiid lies ik Walt Whitman yn stee fan Obe Postma. De Fryske literatuer wie foar my doe spitigernôch blykber noch te fier fuort. Mar wat hie ik doe dizze dichter graach in kear libbensliif sjen en hearre wold.
Yn Postma's wurk fûn ik letter op in oare wize de dichterlike wrâld fan Whitman werom. Mar yn Whitmans wurk wie net allinnich plak foar de geast, ek it lichaamlike krige yn syn fersen syn gerak. Twa bysûndere manlju dy't my noch altyd hiel wat te sizzen hawwe en dy't ik mar net los fan mekoar sjen kin. Deselde glâns, itselde positive libbensgefoel dat jin út harren poëzij temjitte komt.
Whitman stoar yn 1892. In jier foar syn dea skreau de yn 1819 berne dichter yn syn ûnferjitlike bondel Leaves of Grass:
Farewell dear mate, dear love!
I'm going away, I know not where,
Or to what fortune, or whether I may ever see you again,
Now for my last - let me look back a moment;
The slower fainter ticking of the clock is in me,
Exit, nightfall, an soon the heart-thud stopping.
Long have wy lived, joy'd, carees'e thogether;
Delightfull! - now separation - Good-bye my Fancy.