Meiwurkers
Tine Bethlehem (1938) is dosinte literêre foarming; in oersjoch fan har fersen sûnt 1955 ferskynde yn Swietroken & koperblazers (1995).
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum.
Freak Dam (1924) wie wurksum yn útjouwerij en sjoernalistyk, dêrnei oant healwei 1986 konservator fan it FLMD; wie redakteur fan De Tsjerne en einredakteur fan De Strikel; skriuwt njonken poëzy ek ferheljend en kritysk proaza, toaniel (ek yn oersetting) en de lêste jierren benammen literêr-histoaryske stikken.
Job Degenaar (1952) woont sinds 1992 in Lemmer, publiceert geregeld gedichten in De tweede ronde; zijn laatste bondel, Van de arena en het lastdier, kwam uit in 1995; eerder al verscheen een bloemlezing van zijn poëzie in het Pools.
Jan Dotinga (1934) wurke fjirtich jier yn it kristlik basisûnderwiis, wie redakteur fan De Stim fan Fryslân en Alternatyf, is meiwurker oan ferskate tydskriften; skreau meast poëzij en de lêste tiid ek kantateteksten. Syn lêste bondel wie Lang gjin lykwicht (1993).
Gryt van Duinen (1950), redaktrise fan Omrop Fryslân, earst by de radio, sûnt 1992 by de lanlike televyzje; makke yn desimber 1996 in dokumintêre oer lêzers fan Obe Postma syn poëzy.
Frâns Faber (1950) folge de oplieding foar byldzjend keunstner yn Ljouwert en Grins, makket tekeningen, yllustraasjes en grafysk wurk, hie ienmans- en groepseksposysjes yn ferskate plakken yn Nederlân.
Tony Feitsma (1928); wittenskiplike publikaasjes op it mêd fan midfrysk (Gysbert Japicx), grafematyk, sosjolingwistyk, taalnoarm, literatuersosjology, taalskiednis, skiednis fan de frisistyk en de Fryske Beweging, en benammen yn de lêste jierren oer Joast Halbertsma as taalkundige.
Berber van der Geest (1938) wie goed fiifentweintich jier haad fan in beukerskoalle, helle akten foar tekenjen en Frysk, publisearre fersen, miniferhaaltsjes en berneboeken, makke teksten foar sjongers, krige yn 1989 de Simke Kloostermanpriis en de Premiio Europeo di Litteratura Giovanile.
Jacques van Gent (1937) was bibliothecaris van de Provinsjale Biblioteek en van de Rijksuniversiteit Leiden, publiceerde naast tal van vakartikelen de dichtbundels Kwânskwiis/kwansuis (samen met Sybe Sybesma) en Bûtendoar boartsje (onder het pseudoniem Fenne Rebel).
Kees 't Hart (1944) publiceert romans, gedichten en essays.
Steven de Jong (1935) wie redakteur fan De Tsjerne (lêste nûmer), Quatrebras en Trotwaer en oant begjin 1997 dosint Nederlânsk oan it Lienward College yn Ljouwert; skriuwer fan fersen, kritiken, essays, ferhalen en de (autobiogafyske) roman De Wuttelhaven del (Gysbert Japicxpriis 1992).
Jelle Kaspersma (1948) is skoalmaster, publisearre in tal dichtbondels (1996: Ta de bonken úttekene) en oersettingen fan Yndiaanske dichters.
Gerrit Krol (1934) geboren uit Friese ouders, bracht als kind veel vakanties in Friesland door, studeerde wiskunde in Groningen, is auteur van een flink aantal romans.
Jelle Krol (1957) studearre Ingelsk en Frysk, wie redakteur fan Trotwaer, sette mei Popke van der Zee de Beowulf oer, publisearre oer Douwe Kalma en besoarge syn Samle fersen (1996), wurket as dokumintalist op it FLMD en besprekt Frysk proaza foar de Leeuwarder Courant.
Ed Leeflang (1929) studeerde Nederlands, gaf les in het hoger beroepsonderwijs, publiceerde acht bundels poëzie, waarvan Liereman (1996) de meest recente is; vertaalde samen met Fokke Plat een aantal gedichten van Obe Postma in het Nederlands (Maatstaf, 1983-6/7).
Teake Oppewal (1952) is koördinator literatuerbe-