Trotwaer. Jaargang 29(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Tjits Peanstra Us Johan Dit is 't ferhaal fan in gedicht dat neffens smaak en aard, net twa, net trije kear mar mear dy deis foardroegen waard. De juryleden hearden 't oan wat moasten se ek oars in nij bern sei wer: dit gedicht... se brocht it firtuoas. We reizgen nei in oare wrâld dêr't alles fredich wie twa jonges op in grouwe stien, de moanne yn 't loftrom stie en oer it fjild klonk hoar in stim sa as men net mear heart, in skepersliet fan jierren lyn men hat hjoed ferleard. Wy seagen krekt as yn in dream eat fan dat paradys sa't ús sa'n bern dy foardracht brocht gefoelich en presys, fan 't jonkje mei syn lytse freon, se waarden feint en man en jit ris hearden wy dan wer dit fers hjit: Us Johan. Vorige Volgende