Oars as Obe
Evert Vledder
Oer: Ph.H. Breuker, Obe Postma als auteur van het sublieme (Fryske Akademy, Ljouwert 1996; 59 siden, f 5)
Bij it oangean fan it amt as heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit van Amsterdam hat Philippus Breuker op 31 maaie 1996 in rede útsprutsen mei as titel: ‘Obe Postma als auteur van het sublieme’. It wie de ferkoarte fersy fan in artikel dat bij de Fryske Akademy in Ljouwert ferskynd is.
Hoe pakke je soks oan as je sa'n kâns krije? In oraasje hâlde je fansels net eltse dei. Kieze je der op sa'n momint foar om in wittenskiplik stik foar te lêzen of meitsje je fan dy gelegenheid gebrûk om it ûnderwerp fan je stúdzje op in algemien begryplike wize wat ekstra oandacht te besoargjen?
Breuker kiest mei syn rede dúdlik foar it earste: hy rjochtet him op in suver wittenskiplik publyk. De ferwizingen binne talryk en der wurdt in soad foarkennis ferûndersteld. Noaten (en dêr hat Breuker aardich wat fan op syn sang) wurde net brûkt om te ferdúdlikjen of út te lizzen, mar ferwize troch of binne in fierdere útbou fan arguminten.
Fansels kin dit net as krityk jilde, want sa heart it ommers yn de wittenskip. Dochs is it yn myn eagen spitich dat Breuker dizze kar makke hat. Syn oraasje hie in prachtige gelegenheid west om in mear populêr ferhaal te hâlden, dat Obe Postma as dichter wat mear publisiteit jûn hie, en him bij in noch wat grutter publyk yntrodusearje kinnen hie. De tematyk dêr't Breuker no foar keazen hat slút soks út.
Hoe't de rede úteinlik sels west hat wit ik net, want ik wie der net bij. Mar it artikel, dêr't dy rede in ferkoarte fersy fan wie, is net bepaald in maklik stik wurden. En dat leit net allinnich oan it al earder (net allinnich troch mij) neamde grutte tal noaten.
Wat soe Obe Postma der sels fan fûn ha? Ik kin mij yntinke dat de ‘folksdichter’ earne yn in fers oan dizze benadering fan syn wurk inkelde myldkrityske rigels wijd hie. Syn rede hie der yn elts gefal oars útsjoen.
Mar goed, dizze ynliedende wurden sizze fansels neat oer de kwaliteit fan it stik fan Breuker. Om dêr mear oer te sizzen is it nedich dat we ús wat mear yn de ynhâld ferdjipje. En dan docht bliken dat Breuker faaks op syn eigen wize it ‘provosearjende’ mear yn de literatuerwittenskip sels siket. Syn artikel is te lêzen as in pleit foar de yntroduksje fan it begryp ‘het sublieme’ yn de Nederlânske literatuerwittenskip. En dat is fansels net samar wat. Lit mij besykje de kearn fan it ferhaal koart wer te jaan.
Doel fan Breuker is om twa troch him konstatear-