Staltprakkesaasjes
Tr. Riemersma
Ik wie oer iis ûnderweis fan Boalsert nei Frjentsjer en ik hie it wol yn 'e macht, dat ik tocht, ik wol even sitte en genietsje. De wrâld wie dêr sa moai efter Lollum. Ik hie de floppy mei de tekst fan Meindert Bylsma foar it boekewikegeskink nei de printerij brocht. Grif de earste KU-floppy dy't oer iis ferfierd is.
De moarns siet it potticht, mar op 'e middei skynde de sinne. Ik fûn in plakje op in stalt en behimmele it stik koeke dat ik fan Henk meikrigen hie en ik smookte in sigretsje. En ik tocht: it is noch deselde wrâld fan 'e Halbertsma's. Der meie silo's stean en blikkene mûnen, mar it is deselde wrâld. Alles is der noch. En doe tocht ik yn ien sike oan Brolsma en Postma, want dy beide hawwe ek in folsleine wrâld skepen, lykas de Halbertsma's. Mar Brolsma, tocht ik, Brolsma is net rojaal genôch, dy nimt it folsleine libben net oan. Ja, soms wol, yn It Heechhôf, mar net yn Grûn en minsken. En Postma, dy wol it folsleine libben gripe, mar it is in tour de force, hy skuort it ferline der oan it hier by, it is net fansels.
It kaam my yn 't sin, yn Postma syn sammele wurk haw ik al dy rigels dêr't er it ferline yn beswart en syn filosofy beliidt mei in eintsje poatlead oanstreke. Ik hie syn boek net yn 'e rêchpuodde, mar ik haw it thús neisocht. It giet my om rigels as: ‘En 't opgean yn in blank heelal’ (85), ‘Hwat stoar giet net forlern! It wêzen bliuwt en libbet bûten tiid’ (108), ‘Hwa klaget dan om hwat forgong? It stiet yn heger ljocht!’ (120).
Dy rigels haw ik yndertiid oanstreke om myn studinten derop te wizen. Ik miende, hjir hie men de essinsje fan 'e dichter Postma te pakken. Mar dêr yn 'e iensumheid fan Lollum tocht ik ynienen: dy rigels - dy't ik fansels net wurdlik paraat hie - binne fierste eksplisyt. De wrâld, dy folsleine wrâld dy't de dichter suggerearje of beswarre wol, dy moat sprekke út it fers en út 'e fersen meiinoar. Mar dy moat net as in útsprutsen boadskip yn in rigel dellein wurde.
De Halbertsma's leze gjin belidenis fan har leauwe ôf, mar by har is de folsleine wrâld, it folsleine Fryslân oanwêzich. Postma twingt de lêzer in konklúzje op.
Dêrmei is de hele Postma net fan syn fuotstik mitere fansels. De man hat moaie fersen skreaun en ek in soad eamelige fersen en in soad rymlerij. De man keas partij yn in politike en literêre striid en dat stiet him te priizgjen. Mar oer it filosofyske aspekt fan syn wurk tink ik no dochs wat oars as ik earder die. Men sjucht mar, it is goed om de studearkeamer ris te ferlitten en by 't winterdei earne op in stalt sitten te gean.