Obe-Postma-En-Gjin-Ein!
Tjitte Piebenga
Lykas wy by Ronner Vondel lêze moasten, moasten wy by Krine Boelens op 'e (doe noch) Kweek Postma lêze. 'k Ha my tsjin beide ferplichte nûmers sa lang as't mar koe ferset, mar as in eksamen wankt fergiet jin de wjeraksel moai gau. Mar it Wûnder, dat my by Vondel tafoel, liet my by Postma sitte. En dat is spitigernôch (?) noait wer oerbettere.
'k Moat earlik wêze, ik ha it mei Postma noch in mennichkear besocht, mar lang om let moast ik dochs ûnwjerlisber ta it ynsjoch komme, dat der no ienris dichters binne, waans net te ferbetterjen kwaliteiten foar guon lêzers altyd en ivich in folslein geheim bliuwe sille.
Ik jou dan ek altyd rûnom ta, dat ‘De boerinne fen Surch’ (Fryske lân en Fryske libben, Twadde formeardere printinge, Brandenburgh, Boschma & Co., Snits 1923, bls. 7-8) in yntear masterwurkje is, dat yn sa om en de by de hiele wrâld syn wjergea noch fine moat, mar dat dy seurderige healromantyk mei in snúfke naturalisme my net it aldermeaste seit.
Allyksa gie it my ôf by dy langtriedderige boereroman yn fersfoarm, dy't de dichter mei each foar it sublym-lytse de titel ‘Oantinken’ meijûn hat (De ljochte ierde, Brandenburgh & Co, Snits 1929, bls. 20-21). In wat sabeare filosofysk, suver religieus trânsplantaat fan Jean de La Fontaine's ‘It imerke en de eamelder’, mar dan yn 'e trant fan Brolsma en Co.
Sa't ik sei, it sil 'm wol oan my en myn ferdoarne ynhouten lizze of oan myn net-ear foar dichterlike bêstsoartigens, ik jou it opslach en fuortdaliks ta.
En dan bliuwt der noch dat iene ‘fers’ oer, datselde fan dy dichter, dy't in lyts publikaasjeferbod oplein kriget: ‘“Soene Jo stjerre moatte as Jo net dichtsje mochten?”’ (It sil bestean, Brandenburgh & Co., Snits 1946, bls. 34). Obe Postma jout oan de ein fan dy paradoksale en retoaryske enkête sèls it andert al: ‘-Mar it wie ommers mar sa'n frage!’
No krekt, no-sà.
Mar hoe komt soks ynienen op, sa'n ‘hype’ om Postma hinne?
Jentsje mei it witte, faaks is Maarten 't Hart der mandielich oan, faaks binne der guont, dy't dy twa dichters, dy't yn 'e Fryske Literatuer wier wat te betsjutten hawwe, opskypje wolle mei in trêde.
Lykwols, in bûtenkânske om it no, nei jierren, einlings te affisjearjen: dyjinge, dy't my allang troch it sin gien is en dy't ea ris it sammele dichtwurk fan Obe Postma fan my liende en noait wer ynlevere, no, hy mei it hâlde.