Trotwaer. Jaargang 29(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 83] [p. 83] Margryt Poortstra Ik baw it earder sjoen, mar lang ferlyn.Ga naar eind* Hy nimt my by de hân en ûnder it kuierjen fertelt hy wer fan hoe 't it wie: hoe los fan alles en hoe tagelyk mei taal en lân ferbûn. Wy rinne en hy beneamt it grien, wiist nei de tuorkes om ús hinne as hie hysels it plak bepaald fan hûs en pleats, de greiden hjir persoanlik as in tekken útspraat yn de sinne. Sa haw ik withoefaak mei Obe troch it ferline rûn. Wy komme pake Jetze tsjin. Fan fierren is it oan syn stal te sjen: de holle bûgd, de hannen stiif en klomjend yn 'e bûse, langjend nei de waarmte fan it koweliif. En pake Riemer, faamsykjend mei syn maten ûnderweis, op reis fan Kimswert, by de dyk lâns, op nei Skraard. By simmerdei fytst dêr ús heit; hy hat my yn in sitsje oan it stjoer. Fan boer nei boer, en fierder, op 'e einder ta. Hy praat ticht by myn ear, fertelt hoe 't hjir de minsken hite en wêr 't it ljocht weikomt dat eachferblynjend oer de romte leit. eind* Obe Postma Vorige Volgende