| |
| |
| |
Obe libbet
Tineke Steenmeijer-Wielenga
Yn it lêste part fan ‘Natoer en kultuer’ (Samle fersen, 276), in fers dat yn 1954 foar it earst publisearre is, seit de dichter Obe Postma dat hysels al fyftich jier en langer oan it dichtsjen west hat en dat it wêze kinne soe, dat er sadwaande ‘ek eat fan kultuer opbrocht hie’. Yn it lêste part fan it fers leit er - ferwizend nei in meidieling fan dy syn soan - net sûnder grutskens fêst, dat ‘in man [...] fier útstekkend boppe de mannichte’ [dat is dr. G.A. Wumkes, tsw] moarns alderearst ‘de dichten fan Obe Postma’ yn 'e hannen naam. Utsein yn it sitaat fan Douwe Tamminga, dat de dichter as titel brûkte foar it fers ‘“Fan God en heitelân hat Brolsma, likemin as de dichter Obe Postma, nea net folle skreaun”’ (274) is dit it iennige plak, dêr't er syn eigen namme folút yn in gedicht skreaun hat. It hat wat fan in ‘Droste-effekt’: de dichter Obe Postma neamt ‘de dichten fan Obe Postma’ en makket sa syn namme ta in part fan it kultureel erfgoed. Hy hie dat earder alris dichterliker ûnder wurden brocht yn it fers ‘Nimmen en jaan’ (218), dêr't er - skriuwend oer Fryslân - syn poëzy en syn wittenskiplike stúdzjes ‘myn oanbring yn har geastlik erf’ neamde.
It past yn syn eigen libbensfilosofy mei syn ‘'t Hat west, it is’ (268) en ‘'It sil bestean, it sil bestean!'’ (216) om der wol betrouwen op te hawwen, dat syn fersen langer meigean soene as de dichter. Dat er troch syn poëzy en troch syn wittenskiplik wurk op it mêd fan de lânbouhistoarje fierder libbet, kin fyftich jier neidat er de Gysbert Japicx-priis krige hat en 34 jier nei syn dea konstateard wurde, sûnder dat dêr bewizen foar bybrocht hoege te wurden.
Dochs binne sokke bewizen der legio en it soe nijsgjirrich wêze en meitsje ris in deeglike ynventarisaasje fan de spoaren dy't Obe Postma konkreet en yn artistike sin neilitten hat. Yn dit stikje kin ik oars net dwaan as dêr in stikmannich fan sinjalearje.
| |
Offisjeel, iepenbier fuortbestean
Konkreet
No't ik sa âld wurden bin, wurdt my fan alles taskikt,
Ik haw ‘eare dit en eare dat’ krigen,
dêr't ik my net klear foar fielde;
In strjitte moast myn namme hawwe en in skilderstik
moast myn byltnis fêst hâlde.
Sa't ût boppesteande strofe út ‘Fan earbewizen en âlde brieven’ (334) bliken docht, is Postma al by syn libben eare mei in strjitte, dy't nei him neamd waard. In flechtich ûndersyk yn de Stratenatlas van Friesland (1994) leart ús, dat der hjoeddedei yn Bûtenpost, Boalsert, Frjentsjer, Kollum, Ljouwert, Snits en Gytsjerk strjitten binne, dy't syn namme bewarje.
| |
| |
Yn it Provinsjehûs waard yn desimber 1952 in fan Jentsje Popma makke brânskildere rút pleatst, dat it ivich jonge Fryslân symbolisearret. De keunstner hat him ynspirearje litten troch de fersrigel fan Obe Postma dy't ek op it keunstwurk te lêzen is: ‘O myn famke, jong Fryslân, myn bern.’ út ‘Wintermiddei-dream’, it earste fan de fjouwer fersen dêr't Postma mei debutearre as Frysk dichter yn Forjit my net fan 1902.
Fierder is der de ‘memorystien’ by de nije entree fan it Fries Museum oan de Turfmerk yn Ljouwert, dy't yn 1995 pleatst is by it reekommen fan dat part fan de ferbouwing fan it Fries Museum dat oan de Kânselarijkant stiet. Wa't him de tekst fan dy stien lêzende de ferneamde foto fan de âlde Postma by it ferlitten fan de Kânselarij foar eagen stelt (sjoch bygelyks De Strikel, 1982, s. 7) belibbet de sensaasje fan de poëzy dy't yn it plak kommen is fan de man sels op 'en dúdliksten. It sitaat ‘Machtich kliuwe alle krêften, / Al de ieuwen boartsje mei. / Hwet yn 't fier forline wraemde, / Libbet wer yn jonge dei.’ komt út it fers ‘Uzes’ (306).
‘Prinsetún’ (274), dat earder kalligrafearre en ynliste yn it Keunstsintrum mei dy namme en letter yn de gearkomsteseal fan de Fryske Kultuerried hongen hat en sûnt de opheffing dêrfan ûnderbrocht is yn it FLMD leit no op 'e hoeke fan de Griene Wei en it Skuonmakkersperk yn de Ljouwerter poëzyrûte ‘Het metrum van de voetstap’, oanbean oan mr. G.J. te Loo by syn ôfskie as boargemaster yn 1993. Yn it toeristyske ‘fersepaad’ troch Boalsert, Wûnseradiel en Littenseradiel is it fers ‘De hikke’ (174) opnommen.
Hoewol't Obe Postma twaris troch de keunstner Dick Osinga op portret set is - by syn 85e jierdei yn potlead en op syn 90e sels yn oaljeferve (it ‘skilderstik dat myn byltnis fêsthâlde moast’) - is der noch net in stânbyld foar him oprjochte, noch earne in gevelstien pleatst om syn ferbliuw op ierde te markearen. Wol dielt er mei William Shakespeare de eare fan yn de Ljouwerter Harmonie te pronk te stean yn de foarm fan in troch Beb Mulder boetsearde ôfbylding fan syn dichterlike ‘kop’ yn read ferve gips boppe op in pilaarke.
| |
Fersen op muzyk
Yn 1983 brocht Hindrik van der Meer mei kollega's en studinten fan De Him út Snits in Obe Postma-programma op 'e planken, dêr't in tweintichtal gedichten yn brûkt waarden, guon dêrfan op muzyk. Nei de premiêre yn de Koarnwerter tsjerke is it programma ek noch útfierd yn Ljouwert en Stiens.
Yn 1984 ferskynde de LP Dit Folk, mei dêrop û.o. ‘De parrebeam’ (332) en ‘De hege dyk lâns’ (39), op muzyk set en songen troch Joop Verbeke. Fierders is der, foar safier't ik neigean koe, mar in bytsje fan Obe Postma syn poëzy op muzyk brocht. De lettere frije fersen liene har faaks net sa goed foar toansetting en miskien is de ynhâld ek net sa gaadlik foar de folkssang. Yn de nije edysje fan it lieteboekje Fryslân sjongt (1996) is net ien tekst fan Postma opnommen. Yn Sjongenderwize (1996), in bondel lieten foar sjongstim en piano, steane al trije fersen fan him: ‘De stêd’ (85), ‘En dochs’ (78) en ‘Fan it libben’ (51). Beide earste
| |
| |
op muzyk fan Jac. Huisman, it lêste fan T. Lambooij. Lêstneamde hie foar in gearkomste fan de Fryske Akademy yn 1952 alris trije lieten op muzyk set. Dat binne njonken ‘Fan it libben’: ‘Lok’ (81) en ‘As ik fuortgean’ (202). Paulus Folkertsma hat yn 1940 by ‘'t Wie Snein’ (38) in meldij komponeard.
| |
Dr. Obe Postma-priis
As lêste foarbyld fan offisjeel, iepenbier earbetoan wol ik neame, dat de Provinsje Fryslân de trije-jierlikse priis foar oersettingen yn 1984 de
De oarkonde fan de Obe Postma Priis 1996; kalligrafy Gerrit Tuininga. (foto FLMD)
namme Dr. Obe Postma-priis jûn hat. As oersetter fan poëzy út it Nederlânsk (P.C. Boutens, H.J. Boeken), it Aldsaksysk (fragminten út de Heliand), it Dútsk (Klaus Groth, Rainer Maria Rilke, J.V. von Scheffel, Berend de Vries, Helene Brauer), it Ingelsk/Amerikaansk (Emily Dickinson, Edna St. Vincent Killag, E.E. Cummings) en it Aldsineesk (fia Ingelske oersettings en fia Slauerhoff) en fan Franz Hellens út it Fraânsktalige part fan België mei er in stimulearjend foarbyld hjitte foar oersetters.
| |
Spoaren yn literatuer
Ynspiraasje út it wurk fan Postma: gebrûk en misbrûk
Likegoed as alle skôgings, resinsjes, artikelen, útstallingen en lêzingen oer de dichter dat binne, is eins ek eltse oersetting fan in fers fan Postma in fuotprint yn it spoar dat de dichter efter him oan lûkt, mar ik sil hjir net de bibliografy fan wurk oer him en ek net alle fertalingen opneame. Foar safier't ik wit is poëzy fan him oerset yn it Nederlânsk, it Ingelsk, it Fraânsk, it Dútsk, it Oekraynsk, it Hongaarsk en it Italjaansk. It giet my no mear om it ferwurkjen fan Obe Postma syn wurk yn literatuer fan oaren en om de ynspiraasje dy't der fan him op oaren útgien is.
In moai foarbyld is it opnimmen fan it fers ‘Joun’ (159) troch Maarten 't Hart yn syn roman De aansprekers (1979). Yn dat autobiografyske boek fertelt de skriuwer oer de wankende dea fan syn heit en syn eigen tinzen en gefoelens yn it proses fan ôfskie-nimmen. Yn ien fan syn sliepeleaze nachten seit er alle tritich fersen fan Bloem
| |
| |
dy't er út 'e holle ken op en betinkt dêrnei, hokker fersen er noch mear leare wol om se yn sokke nachten yn him oproppe te kinnen. It earste wat him yn it sin komt is ‘Joun’ en hy ferklearret dat út de oerienkomst dy't er fielt tusken it troch Postma ferbylde skilderij fan in lokkich húsgesin mei it printsje dat er yn syn eigen ûnthâld bewarret fan heit, mem en himsels as bern. It gedicht sprekt him oan, omdat er der syn eigen dingen yn werom fynt.
Wat de omstannichheden oangiet slút ‘In memoriam patris’ fan Jan Wybenga (Fergetten fersen, 1994, s. 53-54) hjir moai by oan, mar Wybenga brûkt it oan Postma ûntliende motto boppe syn gedicht - ‘O, allinne yn de Geast kin eat behâlden bliuwe!’ (240) - oars as 't Hart. Hy giet yn diskusje mei de dichter: ‘Ek yn de Geast sil neat behâlden bliuwe: “wat yn 'e hades giet, wurdt hades mei.”’
Ek it jin net werkennen yn it wurd fan de dichter kin ynspiraasje jaan: it earste fers yn de earste bondel (Amoeben, 1954, s. 7) fan Jan Wybenga begjint mei: ‘Net in soan fan d' ierde, / gjin basterd fan it ljocht.’ Dêrmei ûnderskiedt er him neidruklik fan syn dichterlike foargongers Obe Postma, dy't troch Fokke Sierksma as Bern fan de ierde karakterisearre wie yn it essee mei dy titel (ûntliend oan it kwatryn ‘Sûnde’, 199) út 1953 en Rixt, dy't harsels yn in fers ‘in bern fan 't ljocht’ (De gouden rider, 1952, s. 18) neamd hie. Postma hie beide al ferbûn yn ‘Yn febrewaris’ (75), dêr't er yn seit: ‘Ut d' ierde opbloeid troch de krêft fan 't ljocht, / Is minske wol fan ierde en ljocht it bern.’
Postma syn frage ‘Is dichter wêzen oars as 't lok fan 't libben sjen?’ (70) - foar de dichter sels in frijwat retoaryske frage - waard troch Lieuwe Hornstra ûntkennend beändere yn ‘Oan Obe Postma’ (Friesland dichters vandaag, 1979, s. 67): ‘Né, dichter wêzen is it witten fan de smert, / fortrietlikens, de skiere earmoed fan it hert / [...].’
Yn Frysk en Frij fan septimber 1996 fergelike Teake Oppewal it fers ‘Hjerst’ fan Douwe H. Kiestra (Samle fersen, 1982, s. 44) mei Postma syn ‘Hjerst’ (40) en fynt in reaksje op Postma syn ‘Wer thús by smoute hurd seach 'k út nei grize loft’ yn Kiestra syn: ‘De smoute hurd kin no gjin taflecht jaan.’
Oare spoaren fan Postma binne noch te finen yn it motto dat ds. A.D. Wumkes as besoarger fan de kar út de fersen fan Simke Kloosterman meijoech oan de bondel Myn lân (1982): ‘O dy't de skiente koe, as wa fan ús? / En leafde-langstme koe, as wa fan ús?’ (218) út ‘Op har dy't “Libbensbloei” skreau’, ien fan de beide fersen dy't Postma op Simke Kloosterman har wurk skreaun hat. Baukje Wytsma liet as motto foaryn har bondel Thúslûd (1997) de fyfde fan de ‘Fryske fjouwerrigels’ ôfprintsje: ‘Fan ierde' wêzen bin 'k in simpel part; / Nei har werom giet it memkennich hert. / De gloed fan 't fjild, de bloei, de skyn fan eagen - / 't Is yn har siele my fan 't iivge bard.’ (198). Age Tanja liet him yn syn bydrage oan Stilte (1996) ynspirearje troch ‘Myn dream giet iepen wol op stille paden’ út ‘Snein-te-middei’ (127).
Foar it ‘Slútdicht’ fan syn bondel villanellen, Lieten fan de flakte [1988] brûkte Piter Yedema
| |
| |
as rigel 3 dy't herhelle wurdt yn de rigels 9, 15 en 19 ‘As 't oansyk komt reedzje ús wat poëzije’ ûntliend oan Obe Postma syn fers ‘Jeugd en jeld’ (270). It fers fan dyselde namme, dêr't de bondel mei iepenet hat yn de rigels 1, 3, 6, 9, 12, 15, 18 en 19 oan Postma ûntliende sinnen. Oplossing foar de dichter Yedema foar syn probleem ‘Hoe moat it rymjend wurd syn gloede krije’ fynt er yn de villanellefoarm: ‘De gloede komt dan yn de rymlerije / Dat Obe mei de lêste rigels rêdt.’
Yn de bondel Stôk en Ballen [s.j.], dêr't Jo Smit syn biljertfersen yn sammele hat, skreaun yn de trant fan ûnderskate ferneamde Fryske dichters, ûntbrekt fansels ek in Obe Postma neireaunte fers net. Yn ‘Biljerte’ op side 23 begjint er mei: ‘Bonne Hof die mei oan de fierdaegse en Ype learde autoriden, / En hja waerden der in oar minske fan’ nei it foarbyld fan Postma syn fers ‘To Harns’ (181): ‘Goethe die in reis nei Italie en Rilke nei Ruslân, / En as in oar minske kamen hja werom.’ Itselde fers waard ek troch K.F. Gildemacher brûkt yn syn bibliofyl útjûne ‘printskrift’ Boerinne fan Staffolo (1983): ‘Hy die in reis nei Harns / Wy fleagen nei Itaalje ta / In oar man koed er net wurde / As in oare selde kear ik hjoed werom nei Hoeve A.’ De hiele syklus is trochlutsen mei Postma-ferwizingen. Sa begjint it al mei ‘Dyn earizer blinkt yn 'e sinne fier’, wat ek skreaun is fan de boerinne fan Surch yn it nei har neamde fers (27). It ferskinen fan it fers ‘Kerkje van Fransum’ fan C.O. Jellema yn de bondel Spolia (1996) hat foar Gildemacher oanlieding west by gelegenheid fan Koppermoandei 1997 in moai boekje út te jaan ûnder de titel Fransum mei dêryn Obe Postma syn fers ‘It tsjerkje fan Fransum wurdt besiningssintrum’ (277), Jellema syn fers yn oersette foarm ta ‘Lytse tsjerke fan Fransum’ en in eigen fers ‘In memoriam’ dat einiget mei de rigels: ‘skimen fan dichters / roppe tûzen deaden / ta libben.’ Op de kopperprint fan 1983 hie De Hynsteblom alris it fers ‘Huning’ (150) werjûn.
De fersen fan Obe Postma binne foar in part sa bekend, dat se maklik brûkt en ek wolris misbrûkt wurde. Sa begjint Janneke Spoelstra har bydrage oan Holland heeft mooi weer op zondag (1996) mei: ‘Ik soe sizze Frank mei ik myn freon wol neame’ nei it foarbyld fan Postma syn ‘Pier’ (194). Yn syn fers ‘de deade dichter’ (Nachtfeest, 1982, s. 18) klaget Daniël Daen: ‘dichters dy't libje wurde deaswijd yn dit lân / deade dichters lykwols hâlde de Ljouwerter / wurkferbannen en kolleezjes yn stân / Obe, Fedde en Rixt: hoe deader hoe libbener.’ Yn De mafiaman fan G. Willem Abma (1995, s. 142/43) sprekt de haadpersoan him út as in leafhawwer fan de poëzy fan Postma dy't argewaasje hat fan in anonime skribint yn it Fries Landbouwblad dy't ‘de âlde, weardige Obe Postma begekket’.
By guon ferwizingen liket it minder om Obe Postma te gean as wol om wêr't er foar stiet: de nommele dichter fan fersen dy't yn alle situaasjes dêr't it libben de minske foar stelt in treastryk wurd te bieden hat. It is grif gjin tafal dat de gelegenheidsdichter yn ‘It tredde ferhaal’ fan Sjoerd Bottema (18 Fryske fakânsjeferhalen, 1996, s. 169-184) as pseudonym Obbe Post keazen hat. Deselde kearsljochtdichter kaam as alter ego fan Romke Kylstra ek al foar yn it ferhaal ‘Gouden
| |
| |
mominten’ yn It fertriet fan dokter Kildare (1994) fan deselde skriuwer.
En hoe moatte wy de winsk fan de dichter tsjutte dy't yn ‘taboe (it lêste fryske fers)’ (Steven de
Resint foarbyld fan fuortbestean fan Obe Postma yn syn wurk. By it Ryksargyf yn Ljouwert waard yn augustus 1997 flierbedekking lein mei teksten dêr't de dichter it belang fan it Argyf foar it histoarysk ûndersyk yn ferwurde hat: de fersen ‘Ein’ (SF 184) en ‘'t Hat west, it is’ (SF 268). (HR heijne fotografie/Paul Friederichs)
Jong yn Skande skande sûnde sûnde, s.j.) útropt: ‘O Obe Postma silliger / wie ik dochs mar wat hilliger.’ De redaksje - de bondel is in ekstra nûmer fan Fryslân oerein! - hat it sitaat sa skaaimerkend fûn, dat hja it as motto oan it boek meijûn hawwe. Ypk fan der Fear neamde har roman oer it libben fan J.C.P. Salverda In earme swalker yn 'e wrâld en pleatste as motto Postma syn fers ‘Te Wûns’ (53) foar yn it boek. De lêste rigel fan dat fers is: ‘hjir stoar hy, earme swalker yn 'e wrâld.’ [Der soe tocht wurde kinne, dat yn Postma syn ‘earme swalker yn 'e wrâld’ J.H. Halbertsma syn karakteristyk fan Salverda as ‘in skoweling op 'e wrâld’ neiklinkt. Halbertsma brûkte de útdrukking yn in lêzing foar it Fries Genootschap yn 1836, mar de tekst is net earder publisearre as troch Canne yn Fryslân 1918, wylst it fers fan Postma út 1913 is.]
‘Mei tank oan Obe Postma’ dichte Kee van der Hoek in ‘Kyriëlle’ mei as herheljende rigel ‘Tûzen ljochte dagen draach ik mei’ (Foar de frou, febr. 1995) út it fers ‘Simmer’ (271).
De bekendheid fan Postma syn wurk makket ek, dat der soms wol tige frij mei omsprongen wurdt. Douwe Willemsma dichte ‘hiel frij nei Obe Postma’ by it ôfskie fan Geeske Krol as steatelid: ‘It steatelid fan Boarnburgum / Geeske stiet thús op it hiem / de hân op 'e klink fan de doar, / yn kreaze passende steateklean’ (Frijbûtser, april 1995) en is dan wol fier ôfdwaald fan ‘De boerinne fan Surch’ (27).
| |
De man mei syn wurk
Rixt beskreau Postma yn ‘Wykein yn Fryslân’ (De
| |
| |
gouden rider, s. 40) as: ‘de âlde dichter efter it buordsje, / hy, dy't oan alle fielen part hat / en hwa't licht it moed forweecht,/ dy't it lûde laitsjen ôfstoarn is / en it stille glimke komd.’ De beide lêste rigels binne frij ûntliend oan ‘Fan lûd en rook’ (78), de earste oan ‘Myn bistean’ (84).
Durk van der Ploeg rjochte by Postma syn dea in ‘Brief oan in forstoarne dichter’ (Hwerom is de himel swart, 1967, s. 56). Ek dêryn fine jo in mingeling fan oantinkens oan de minske Postma, sa't Van der Ploeg him troch de stêd kuierjen sjoen hat, mei tinzen oer syn poëzy en fan sitaten en ferwizings nei Postma syn fersen. ‘By in foto fan Obe Postma’ fan Yge Foppema, in fers nei oanlieding fan de hjirboppe al neamde foto fan de âlde dichter it Ryksargyf ferlittende (De Strikel, 1982, s. 7) is in skildering fan wat op it printsje te sjen is mei oan 'e ein in ynterpretaasje en ek wer in ferwizing nei Postma syn poëzy: ‘'t Is dochs begrutlik sa't dy man dêr giet, / tinkt men meilydsum, sjoch him no sa rinnen. / Mar yn dy holle gûnzet jit in liet, in ierdeliet fan wjerklank en besinnen.’
| |
De Samle fersen as sitateboek
Elts dy't wolris om in passend wurdsje socht hat en dêrby de Samle fersen trochblêde, sil it by ûnderfining witte: Obe Postma stelt jin nea teloar. Foar alle gelegenheden binne der yn syn ryk oeuvre wol in stikmannich rigels te finen, krekt fan pas of eagenskynlik sa algemien dat de gelegenheid se tapaslik makket. In tal foarbylden: yn it jannewarisnûmer fan Frysk en Frij 1997 hellet Teake Oppewal rigels oan út ‘De lodde’ (135): ‘Mar yn dit gea, myn bodder, hasto boud / en dien wat moast. 't Hie sûnder dy / Syn plak net sa yn al it ierdske hân’ om dêrnei út te roppen: ‘Prachtige rigels om mei te jaan oan ien dy't mei pinsjoen giet [...].’
By in gearkomste op 1 maaie 1984 yn it Provinsjehûs fan Deputearre Steaten mei de tsjinsthaden, ôfdielingssjefs en de kontaktfunksjonaris Sjoerd de Jong op it tema fan de presintaasje fan de provinsje Fryslân yn De Haach waarden kopyen fan ‘As Fryslân in yndustrylân wurdt’ (340) omparte om it petear op gong te helpen. By it ferdwinen fan de Fryske kultuerried boude direkteur Pyt Hemminga syn treflik ôfskiedswurd op de rigels ‘De tiden binne grut fan moed en krêft / Mar ek fan ramp en flok’ út ‘lerdereis’ (234/5) om posityf te einigjen mei de ynset fan it fers ‘Prinsetún’ (274).
Sa hat mannich sprekker in berop op Postma dien en mear as ien Fries is yn in rou-advertinsje betocht mei poëzy fan Postma. De neibesteanden fan heit en soan Hindrik en Theunis van der Mei waarden yn respektivelik 1981 en 1995 treastge mei itselde fers ‘Ofskie’ (156). Anne Bokma, âlde kunde fan de dichter, krige yn de krante de twadde strofe mei fan ‘It liet’ (173) en de widdo fan Halbe Doele, Gryt Doele-Bokma, de lêste strofe fan ‘Maertedei’ (118). Twa âld-learlingen fan tekenlearaar Gerrit Visser brûkten twa rigels út ‘Lok’ (81): ‘Fier haw ik myn dreamen weide / En de himmel iepen sjoen.’ Foar Pieter Fennema waard de ein fan ‘Op it tsjerkhôf’ (107/8) útkeazen: ‘Wat stoar giet net ferlern! It wêzen bliuwt / En libbet bûten tiid.’ By de dea fan Roel of Yme Oostra liet
| |
| |
de famylje yn de krante sette: ‘De groun is ûnder de fuotten wei, / Wy sykje hwat ús hâlde mei...’ út ‘De slachten'’ (306/7) in fers, dêr't de dichter oer it ferstjerren fan syn âlden yn sprekt. Johan Bleeker, stoarn op 28 jannewaris 1997, waard betocht mei de rigels: ‘Mei tûzen triedden hâldt my fêst / Hwat om my weeft en tilt / En alles hwat ea myn leafde hie / Forskynt yn 't glânzjend fjild.’ (328/9)
Yn in advertinsje om te betankjen foar it meilibjen by it ferstjerren fan Lolkje Gerlsma is ‘Op wei troch it Fryske lân’ (278/9) yn syn hiele hear en fear ôfprinte.
It seit himsels, dat Obe Postma syn wurk tal fan fersen biedt dy't brûkt wurde kinne om mei in moaie (natoer)foto in sfearbyld te jaan. Peaske en Pinkster, hjerst en maitiid foar eltse gelegenheid is der wol wat en net allinne de tiden fan it jier jouwe oanlieding om de Samle fersen op te slaan ek tema's as yndustrialisaasje, pleatsebou, hiembeplanting, it Frysk-eigene kinne treflik ‘kadere’ wurde mei in Postma-fers. De ûnderwilens alwer nei gychem giene Provinciale Uitgaans Krant keas as motto in strofe fan Postma út ‘It liet’: ‘Sa kin it wêze dat nei kear / En slach, as mannich ding fergong, / Noch trillet eat dat Fryslân is, / Sa't it yn dizze siele song.’ (173).
As lêste kategory fan it brûken fan Postma syn poëzy soe ik noch neame wolle de sitaten dy't brûkt wurde om de sfear fan in boek te karakterisearjen of om de ynhâld gear te fetsjen. Yn it prachtige boek Het Friese landschap dat yn 1980 útjûn is by it fyftichjierrich bestean fan It Fryske Gea hawwe alle trettjin haadstikken sa'n dichterlik motto meikrige. Trije dêrfan binne oan Postma ûntliend. Ek Geert Mak hat yn syn bestseller Hoe God verdween uit Jorwerd (1996) gebrûk makke fan it wurk fan Postma.
It binne de minste dichters net dy't lang nei har ferstjerren noch sa yn libben gebrûk binne.
|
|