Der binne wichtiger saken oan 'e oarder
Jelle Kaspersma
‘Ien kroket fan Trinus docht my mear as it folsleine, samle geëamel fan ús Obe’, hearde ik okkerdeis út 'e mûle fan in freon dy't, lykas ik no, dwaande wie mei in stikje oer ‘de ljurk fan Koarnwert’. Ik ha te min Postma lêzen om it mei dizze wrede útspraak iens te wêzen, mar de fersen en de persoan fan Postma ha my der ta setten om inkele fragen te stellen en opmerkings te meitsjen.
Doe't Obe yn 1963 stoar, toarke ik yn myn fakânsjes safolle mûglik as fiskersfeint op 'e Iselmar om. Dêrtuskentroch reizge ik seis dagen wyks nei it Bogermanlyceum yn Snits, dêr't ik ûnder oaren Fryske les krige fan de hear Schra út Drylts. Wy liezen De sûnde fan Haitze Holwerda en de man brocht ús yn de kunde mei fersen fan Tamminga, Schurer, Rixt en Ella Wassenaar, dy't ek noch folk fan ús wie. Oer Obe Postma hat Schra it nea hân. It kin west ha om't Postma homo wie, mar neffens my fûn er dy fersen net moai genôch.
Yn 1968, doe't Bartle Laverman my oanpoende om Fryske fersen te skriuwen foar Operaesje Fers, barde der in soad yn 'e Fryske literatuer. Trinus wie folop yn it nijs, Rink syn boeken ferkochten as slaad en ik lies fersen fan Van der Ploeg, Tamminga, Tiny Mulder, Josse de Haan, Daniël Daen en jitris Ella Wassenaar. Op 'e dichtersjûnen fan Operaesje Fers kaam ik yn 'e kunde mei myn favorite dichters. Yn de Wite Kat, de ferneamde Snitser hang-out foar oankommende skriuwers, moete ik Piter Yedema, Tsjêbbe Hettinga en Binne Boarnstra. Tiid foar Obe hiene wy deagewoan net, der wie sa'n soad nije Fryske litertuer. Wy fielden ús moderne Fryske skriuwers, der wiene plannen foar in bondel en omtinken jaan oan dat fossyl fan Postma kaam net by ús op. Hy foel neffens ús yn deselde kategory as Cats, dy waard ek net mear lêzen.
No't ik foar dit stikje guon fersen fan Postma ris lês, begryp ik wêrom't Schra der neat fan ha moast. It is dy ferdomde krûperige Fryske aard, dy't yn Obe syn wurk foar master opslacht. Feestfiere, dûnsje, ris fiks út 'e bân springe of trochsakje yn 'e kroech, it is him allegear frjemd. Foaral net de harsens boppe it gers útstekke. It opstannige is by ús Obe fier te sykjen. Blykber hat er alles sa't it gie wol goed fûn.
Myn fragen: Hoe hat de man him holden en droegen as fersetsman? Hat er ea protestearre tsjin de poerminne libbensomstannichheden fan de boere-arbeiders? Hat er wolris flokt by it weireitsjen fan freonen en sibben? Ynteressearre de meiminske him einlings wol?
Myn útstel: Lit it lyk yn Koarnwert en it wurk yn it FLMD. Der binne wichtiger saken oan 'e oarder, benammen: hoe kweke wy ynteresse by de jongerein foar de Fryske literatuer? Jin ferdjipje yn it ferline is in soad Friezen eigen, mar guon libbene ljurken sjonge better as dy fan Koarnwert.