Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 84]
| |
These are the Signs to Nature's Inns -
| |
De finne, de klaver en de bijenEmily Dickinson waard yn 1830 berne yn Amherst yn Amearika. Yn in strang kalvinistysk fermidden keas se doe't se noch gjin tweintich foar it ‘no serviam’: ik sil net mear tsjinje yn de tsjerke. Dat feit kombinearre mei in tal ûngelokkige leafdes soarge der foar dat se yn 1862 yn in djippe emosjonele krisis telâne kaam. Se besleat om har út de wrâld werom te lûken en mei har poëzij in eigen wrâld te skeppen. ‘This is my letter to the world that never wrote to me’,Ga naar eind4 skreau se yn dat jier en liet yn ien jier tiid noch 365 fersen folgje. Yn datselde jier begûn har brievewiksel mei Higginson, in ferneamd tydskriftredakteur en de iennichste dy't har fersen as kritikus ûnder eagen kriich. By har libben binne der mar in pear fersen fan har publisearre. Doe't se stoarn wie yn 1886 fûn har suster yn in kistje 1775 fersen. It wie Emily Dickinson slagge en skep yn stilte in eigen universum dat har nei har dea wrâldferneamd meitsje sil. De fersen fan Emily Dickinson wurde foar it earst yn it Nederlânsk oerset troch Simon Vestdijk yn 1939. Yn datselde jier ferskynt der fan him de esseebondel Lier en lancet, mei ek in essee oer de poëzij fan Dickinson. Postma hat de oersettingen en it essee fan Vestdijk lêzen en moat him bysûnder oansprutsen field haGa naar eind5, want in jier letter al ferskine der fan syn hân twa oersettingen fan Dickinson yn It Heitelân, nammentlik ‘In finne’ en ‘Twa reaboarstkes’. It fers ‘In finne’ (210) hat eleminten dy't ek foar | |
[pagina 85]
| |
Postma typearjend binne:
Ta in finne nim in klaverblom
En nim ien bij, -
In klaverblom en in bij
En dreamerij.
De dreamerij allinne kin,
Binne de bijen tin.
De finne en de klaver binne ûnderwerpen dêr't er sels ek al faak oer dichte hat at er de fersen fan Dickinson lêst. ‘Hoe prote de klaver de pôle út’ (38) skriuwt Postma al yn 1905 en der binne mear foarbylden lykas ‘Gjin swieter sté as dêr't de klaver rûkt’ (136) en ‘De miedkraach mei syn dracht fan klaver’ (156). It fers ‘In finne’ stiet ek yn it essee fan Vestdijk en wer moat Postma rekke wêze troch wat Vestdijk skriuwt oer it fers en dichteresse: ‘Het is of zij geen verschil kent tussen de objecten der natuur en de objecten van de geest.’Ga naar eind6 Postma is dan al ynteressearre yn de filosofy fan Heymans dêr't inkeld de siel in realiteit is en de natuer in ferskining is fan de siel. At er yn 1948 op 'e nij oer de klaver begjint, skriuwt er dat ‘De sinne en de klaver, dat is ommers al / Hwat in minske hawwe moat fan himmel en fan ierd’ (322). Lis dat neist wat Dickinson skriuwt oer klaver: ‘Except to Heaven, she is nought’ (f.154) en de oerienkomsten binne fuortendaliks dúdlik. Ien fan meast simpele eleminten yn de natuer is úteinlik ek in refleksje fan de siel sels. De bij dy't yn ‘In finne’ om de klaver hinne gûnzet is in bistke dat hiel faak by Dickinson wer weromkomt. Postma hat in tal fersen fan har oerset dêr't dy bij yn foarkomt.Ga naar eind7 Ien yn fan dy fersen steane it bistke en foaral syn lûd foar wat folle grutters (f.1115):
The murmuring of Bees, has ceased
But murmuring of some
Posterior, prophetic
Has simultaneous come.
The lower metres of the Year
When Nature's laugh is done
The Revelations of the Book
Whose Genesis was June.
De oersetting dy't de ferriedlik ienfâldige toan en bylden fan Dickinson prachtich fêsthâlden hat, lit fuortendaliks sjen wat Postma as oersetter fan Dickinson wurdich is (363):
It gounzjen fan de bij hat dien;
Mar oare gounzjens stim,
Dy't hwat fan profesije draecht,
Komt daliks op nei him.
- It leger metrum fan Natûr
As it laitsjen útstoarn is;
De Iepenbiering fan it Boek
Mei juny as Genesis.
It byld fan de hjerst en fan de bij as de drager fan wierheid, komt werom yn it fers ‘These are the days when Birds come back -’ dêr't de hjerst de bij net foar it lapke hâlde kin mei loften dy't inkeld op dy fan juny lykje. It is de minske dy't him fersint: ‘Bedroch! Gjin bijen flean' der yn, / Mar ik, meinommen fan de skyn, / Soe hast it leauwe ha;’ (285) set Postma ien fan de strofen oer. It is it momint dat de hjerst der oankomt en de simmer al oer is. At Postma de twa fersen oer bijen yn 'e hjerst oerset, is it al jierren en jierren ferlyn, namment- | |
[pagina 86]
| |
lik yn 1912, dat er sels it fers ‘Augustus-Snein’ (47) skreau, dat yn de earste fjouwer rigels kwa tematyk opfallend oerienkomt mei de twa fersen fan Dickinson oer bijen yn de neisimmer:
It is sa stil; in blêdtsje dat ferweecht
In bij dy't rounfljocht is al hwat forgiet.
It lân is wiet, de loft is griis en stil
Natûre hat in droev'nis, dy't myn hert forstiet.
Ek oer it produkt fan de bijen, har huning, hawwe Postma en Dickinson fersen skreaun dy't in protte op inoar lykje. Huning is it swiete en it teare fan it lân en hat foar beide wat fan in dream dy't him no sa en dan as in realiteit sjen lit (150 en f.1607):
De finne' kostlikst gearbrocht yn it edel oeft;
De swietste rook, dêr d'ym de siele yn fong
Fan 't bloeijend lân yn gouden simmertiid;
In dicht sa tear as ea in dichter sang.
Within that little Hive
Such Hints of Honey lay
As made Reality a Dream
And Dreams, Reality -
| |
It riedsel fan libben en deaIt setten fan ‘lytse dingen’ neist ‘grutte dingen’ as dea en ûneindichheid lykas Postma sels yn it lykneamige fers ‘Greate en lytse dingen’ docht, is in skaaimerk foar dichters dy't men mei ‘sublym’ oantsjutte kin.Ga naar eind8 In oar skaaimerk fan sokke dichters is dat har poëzij it bewustwêzen sels as tema hat en dat se sykje nei de grinzen fan it kenbere of it ûneinige. Se wolle trochkringe ta it riedsel fan it libben en/of de dea, mar sette dat net rjochtstreeks op it papier. Ien fan de fersen dy't Postma oerset hat giet oer dat riedsel (f.50 en 287). It fers begjint sa:
I haven't told my garden yet
Lest that should conquer me
I haven't quite the strength now
To break it to the Bee -
Ik haw it de tún noch net ferteld
't Die my tofolle oan;
En 'k haw ek net de krêft opbrocht
En siz it de bijen oan.
It riedsel ferskynt fuortendaliks al yn de earste rigel yn de foarm fan ‘it’. Postma hat de hiel gewoane toan fan it fers moai oerset en just dat makket it ‘it’ riedsel noch grutter. Der leit wat gruts ûnder dy rigels, mar wat dat is is in riedsel en dat bliuwt it ek. It fers einiget mei: ‘By de tafel it net to lústerjen, / Gjin wink te jaen sa los wei / Dat ik by it Riedsel komme sil / Noch dizze selde dei.’ (288) Foar Emily Dickinson hat dat riedsel fan it libben de dea west. Hieltiten wer en op hiel ferskillende manieren beskriuwt se de dea. De dea is oan 'e iene kant in ferskrikking en in ‘it’, mar lit him ek fan in oare kant sjen mei syn ‘royalty’ by in begraffenis en hat soms sels it gesicht fan in frijer. ‘Because I could not stop for Death’ is ien fan har bekendste fersen oer de dea dat Postma ek oerset hat (288). It begjint mei de rigels:
Omdat ik net stil stean koe foar de Dea,
Stie er freonlik stil foar my;
It rydtúch hie mar plak foar ús twa
En Unstjerlikheit dêr by.
| |
[pagina 87]
| |
Wer slagget it Postma en tref dy toan fan it ‘dea’gewoane at oer it grutte saken giet. Efkes letter drave de hynders ‘By fjilden lâns mei kostlik nôt, / By de sinne dy't ûndergoun.’ (288) It rydtúch mei de kiste draaft de nacht yn. Opfallend by dy oersetting en ek by de oare oersettingen is dat Postma hast op alle plakken de haadletters fuortlitten hat dêr't Dickinson se wol brûkt. Sels de ivichheid yn de lêste rigel fan it fers krijt gjin Dickinsoniaanske haadletter: ‘En sûnt noch ieuwen; mar elts dêrfan / Liket koarter as de dei, / Doe't ik seach dat de hynstekoppen / Gounen út nei de ivichheit.’ (289) Inkeld de ‘Dea’ en ‘Unstjerlikheit’ wurde mei in haadletter oantsjutten yn boppesteand fers. Postma syn oersettingen binne yn dat opsicht ierdsker en minder morbide as de orizjinelen fan Dickinson, dy't de wrâld fan de dea troch har haadletters sterk útfergruttet. Dat Postma de obsesje fan Dickinson mei de dea net alhiel deelt skriuwt er yn de earste strofe fan it fers ‘Al hwat ik skriuw is wier bard’ (337):
Ik neam gjin sit, sa as Emily Dickinson - yn it rydtúch fan de Dea mei Unstjerlikheit as tredde - foar in reis troch de ivichheit;
Likemin waerd ik dronken fan de loft en de dau en line tsjin de sinne oan om rjochtop to stean.
De earste rigel is hast letterlik de oersetting fan Postma ‘Because I could not stop for Death’ en prachtich wurdt ‘ús twa’ no ‘trije’ en ek de ivichheid ferskynt op it toaniel. Mar Postma jout oan dat er net yn dat rydtúch sit naam en dus net as in deade troch de wrâld hinnedraafd hat. De twadde rigel komt út it fers ‘I taste a liquor never brewed’ dat Postma ek oerset hat. De ‘ik’ yn dat fers wurdt hast dronken fan de smaak fan dea en ivichheid, mar Postma wurdt dúdlik net dronken fan dy drank. Al skrillet Postma tebek foar sa'n iepenlike fassinaasje mei de dea en de ivichheid, hy kin it net hielendal fuortstopje, al wie it mar dat er de muoite naam hat om dy fersen fan Dickinson oer te setten en der ek yn in eigen fers wer nei ferwiist.Ga naar eind9 Sa no en dan ferwiist er ek yn syn eigen fersen nei de dea. ‘En oan dea en ûneindichheit bin ik net alheel foarby gien.’ skriuwt er skruten oan 'e ein fan it fers ‘Greate en lytse dingen’ (207). Yn ‘Ofskie’ (156) beskriuwt er hiel wat iepentliker hoe't er graach stjerre wol en hoe't er him dat foarstelt:
As 'k ienkear skiede moat - in ljochte dei
Yn maeijetiid wie my it lichtst -
Dan set myn bank, dat iepen foar my leit
Hwer't jimmer 't djipst forlangen hinne teach.
Fergelykje dat ris in kear mei it plak en it ljocht dêr't Emily Dickinson yn stjerre wol (f.829) en de oerienkomsten binne wol hiel frappant:
Ample make this Bed -
Make this Bed with Awe -
In it wait till Judgement break
Excellent and Fair
Be its Mattress straight -
Be its Pillow round -
Let no Sunrise's yellow noise
Interrupt this Ground -
| |
[pagina 88]
| |
Twa sielsferwantenYn ien fers beskriuwt Postma eksplisyt hoe't en wêrom't er himsels werkent as in sielsferwant fan Emily Dickinson. Hy begjint mei te fertellen dat er neat mear leaf hân hat as de Fryske greide en hy freget de lêzer ‘In paed yn 'e finne, dêr't oan wjerskanten de klaver opbollet - / Kinstou it litte der in hânfol ôf te skuorren? -’ (276). Dy grutte leafde hat er werkend by Emily Dickinson en hy skriuwt oer dy mienskiplike leafde foar it lân: ‘Sa hat net in Marsman it hollânske leechlân beminne kind, / Dêrfoar moat ik nei de bijen fan Emily Dickinson ta,’ (276). Yn syn essee oer Dickinson skriuwt Vestdijk oer it lânskip yn har poëzij dat wy it byld fan dat lânskip net krije troch in kiker, mar troch in mikroskoop dy't him op de sellen fan dat lânskip konsintrearret.Ga naar eind10 Yn ien fan har fersen set se har mikroskoop op skerp, in fers dat Postma ek oerset hat (287): ‘As stalten jowe bleat har front / En oplûkt alle mist - / Skôgje dan 't atoomke dat ik my socht / Ut heel de liemen rist.’ Hiel de wrâld is besletten yn in atoom en wa't in atoom skôget sil dus de wrâld kenne. By Postma is Fryslân it atoom dat er syn hiele libben skôge hat. De kosmos, sa't ek al yn it foaropwurd by de Samle Fersen stiet, is foar Postma in concreto it grut, ivige Fryslân.Ga naar eind11 Postma hat dat fan himsels witten en hy hat ek witten hoe't de minsken tsjin syn kar fan Fryslân as kosmos oanseagen. Lês it fers ‘Provinsialistysk’ (326) der mar op nei:
Né, ik haw net folle war dien om ‘provinsialistyske en folkoristyske tradysjes’ to forbrekken;
Ik bin mar in stikje provinsje en folklore hat myn kostelikste spize west;
(Provinsje, lit ús sizze, fan de ierde, atoomke fan it heelal.)
Mar dêrút wei haw ik de ierde bineame kinnen as fiedster en boarne,
En in inkele kear haw ik my fierder bijaen doaren yn al-siele' great domein.
Postma kin der de humor wol fan ynsjen. Hy hoecht net ferneamd te wurden troch de grutte saken yn it libben. In gefoel dat er yn oersetting dielt mei Emily Dickinson (f.288 en 286):
I'm Nobody! Who are you?
Are you - Nobody - too?
Then there's a pair of us?
Don't tell! they'd advertise - you know!
'k Bin nimmen! Hwa binne Jo?
Ek nimmen? Dan ha wy in span!
Wês wiis en bipraet it net fierder,
Hja dienen ús yn 'e ban!
|
|