Obe Postma, mei dy libje ik!
Reinhard Verveld
Ien mei de fryske greide bin ik en neat haw ik ynliker leaf hawn as dy. (276
Ga naar eind*)
Dichten is de siele' boartsjen,
Freonen kom en boartsje mei! (307)
Feest is it foar my te doarmjen troch it fryske gea mei de wide kimen, it wide lân. Noch feestliker waard it doe't ik yn 'e kunde kaam mei de fersen fan Obe Postma, sa om 1980 hinne. Hoe no dat yntinse belibjen fan sibskip stâl te jaan? Yn 1980 skreau ik in gedicht, opnaam yn 'e bondel Etymology fan wrâld, ‘Roppend oer de greiden’ mei û.o. dizze rigels:
Fryslân, foar my al in lân dêr't ik sjongend, fytsend, dûnsjend, hjoed, ferline en takomst yntins belibbe, dat Fryslân krige mei Postma syn gedichten noch in diminsje der by. Dan sjong ik mei Postma (125):
En as ik ierde sjong en 't hege ljocht,
En blide lânnen yn 'e gouden dei.
Yn 1985 ûntstie it gedicht ‘Wurden groeie yn it gers’ (út deselde bondel), dat sa begjint:
it Jelsumer binnenpaad del
Obe Postma is ferbûn mei Fryslân, mei de grûn, mei de minsken, mei de taal. Hy dichtet en sjongt (274):
Oer lân en folk, oer libbens lok en ûnk
Hy wiist nei earen, nei it hjoed, nei de takomst! De wrâld dy't er beljochtet bestiet sa net mear, mar wat Postma ‘yn syn ynlike leafde’ sjoen hat - ‘boartsjen’ neamt er it ek - dat is noch oanwêzich. Ryd ik troch Fryslân, rin ik troch de greiden, fyts ik oer 'e diken, Postma syn taal, syn leafde, syn humor, leit dêr. In dichter, in dreamer, de eagen iepen! ‘Hwa 't dreame kin, dy rint yn wûnderstêd.’ (69)
Hwat ik bineamd haw is in minske op 'n hiem,
de ierde as draechster-mem.
Lês ik Obe Postma syn fersen, dan lês ik mysels, dan lês ik ierde, sinne, minsken, taal; dan lês ik Fryslân (278):