Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 53]
| |
Douwe Kalma en it muzykjen fen de Rattefanger fen SurchGa naar eind*
| |
[pagina 54]
| |
twisken, mar dy binne der by de Friezen ek wol. Litte wy dochs de skied net skerper meitsje.’Ga naar eind5 Fan Kalma syn Jongfryske Mienskip moat Postma ek al net folle ha. Fûl is yn 1919 syn protest as de Fryske stúdzjeklub fan Grins, dêr't er lid fan is, har by de Mienskip oanslút op in gearkomste dêr't er sels net by oanwêzich west hat. It brief oan de foarsitter fan de stúdzjeklub, F.J. de Zee, beslút er mei de follesizzende rigels: ‘It ienichste dat my mei it lidmaetskip formoedsoene koe, scoe wêze dat my útwiisd waerd dat de begjinsels fen de J.f.M sa as dy yn de brieven biskreaun binne en fan 'e haedmannen útlein en tapast wirde, net mear jilde. Sa lang as dit net bard is, achtsje ik it forkeard, dat de Stúdzjeclub lid bliuwt fen (oansletten is by) de Jongfryske Mienskip.’Ga naar eind6 It jiers dêrfoar hie er Kalma syn útnoeging om lid fan de Mienskip te wurden al fersmiten.Ga naar eind7 Nei de oarloch skriuwt Postma oan Gellius Leopold, in man dy't de Fryske beweging nei oan it hert lei en dy't sawol mei Postma as mei Kalma korrespondearre, dat it suverjen troch ds. J.J. Kalma him ‘lang net nei it sin’ gie. ‘Brolsma, Sybesma, Kalma (Douwe) hawwe by my noch net alhiel ôfdien’Ga naar eind8, sa lit er witte. De yn de oarloch ferskynde fersesamling De Lytse Mienskip (1944) fan Kalma hat er oars net sa heech. Op de fraach hokker boeken noch beset wurde kinne, anderet er Leopold û.o. dat De Lytse Mienskip miskien ek noch wol te keap wêze sil: ‘Mar ek dit boekje bliuwt ûnder it kinnen fen dizze dichter. Der stiet mar in inkeld goed gedicht yn.’Ga naar eind9 As Kalma, dy't de wurden fan Postma oer Dage grif noch net út it sin gien binne, nêst in soad wurdearjende wurden yn 1953 oer Postma skriuwt, dat syn styl spanning mist - ‘Hy swevet, hy glydt; hy stiet net’Ga naar eind10 - dan lit Postma dat net op him sitte. Yn syn lêst brief oan Kalma, reagearret Postma dêrop mei te sizzen, dat er Kalma twa fersen út Dagen oanjaan wol dy't neffens him hiel oars binne as Kalma se typearret en dêr't er in bulte fan hâldt: ‘It earste is “As it maitiid is”. Dat glydt net, mar is fêst en stevich en sjocht ek net nei it forline, sa as Jo fan my sizze (hwat rounom ek faek bart! foaral yn de earste tiid.) Dan “Greater Fryslân”. Dat swevet ek net, mar stiet!’Ga naar eind11 Oan Fokke Sierksma lit er in wike letter witte, dat er Kalma syn krityk wjerlein hat.Ga naar eind12
It leafst, sa liket it, hat Postma, dy't guon fersen fan Jan fen 'e Gaestmar tige wurdearre en dy't o sa ynnommen wie mei it wurk fan de Halbertsma's, Kalma wat op distânsje hâlden. Yn 'e kwestjes tusken it Ald Selskip en de Mienskip stie Postma oan 'e kant fan it Selskip en koed er it better mei Hof as mei Kalma lykfine. Oarsom socht Kalma wol kontakt mei Postma en hat Kalma sadree't er mei it wurk fan P. yn 'e kunde kaam, dêr gâns kwaliteiten yn fûn. Tekenjend is faaks, dat fan de korrespondinsje tusken Postma en Kalma wol Postma syn brieven oan Kalma, mar behalven ien koart briefke, gjin brieven fan Kalma oan Postma bewarre bleaun binne. Dat iene koarte briefke fan Kalma oan Postma sit nammers by de troch Kalma bewarre korrespondinsje, om't Postma syn antwurd op 'e blanko efterside skreaun hie en it sadwaande by Kalma werom kaam. | |
[pagina 55]
| |
Dochs liet it Postma net kâld wat Kalma skreau en benammen yn syn fersen binne út en troch reaksjes te fernimmen. Yn dit stik sil ik dêr wat neier op yngean. Fierder sil omtinken jûn wurde oan harren mienskiplike niget oan it wurk fan Slauerhoff en ta beslút sil it gymnasium dêr't hja beide lessen folge en belangstelling foar literatuer krigen hawwe op 't aljemint brocht wurde. | |
Reaksjes op Kalma syn besprekken en skôgingsYn de wurden ‘Ta ynlieding’ by de stúdzjebondel Oer Obe Postma (1979) wurdt troch A. Feitsma neier op de troch Kalma skreaune resinsjes fan Postma syn dichtbondels yngien.Ga naar eind13 Har bydrage kin sjoen wurde as in moai dúdlike yntroduksje ta de ûntjouwing fan Kalma syn wurdearring fan Postma syn dichtwurk. In nij oersjoch fan Kalma syn opfettingen oer Postma syn poëzij sil hjir dan ek net jûn wurde. Allinnich foar safier't Kalma syn besprekken en skôgings merktekens op Postma syn fersen set hawwe, komme dy hjir te praat. Yn syn skôging fan de foarste printinge fan Fryske lân en Fryske libben ferliket Kalma Postma mei Ids Wiersma. Beide tekenje it Fryslân dat sa njonkelytsen weiwurden en ferstoarn is en beide arbeidzje se oan monuminten foar Fryslâns ferline. Postma wit neffens Kalma ‘de sêfte hearlikheit fen it giene yn sokke teare glânzen foar to tsjoenen, det de weistjerrende âlderein trieneaget en de útlittene jonkheit opharket fen hjar blide en krêftige idéë-striid.’Ga naar eind14 Ek Schepers, dy't yn Fryslân, Fryske lân en Fryske libben o sa priizget, neamt Postma in dichter fan it ferline: ‘dizze dichter libbet yn forline dagen, yn in Fryslân, dat ik faek net weromfine kin, ek al stean ik der midden yn.’Ga naar eind15 It kin hast net oars, of it fers ‘In sjonger fen 't forline’, troch Postma in jier letter yn Fryslân publisearre, moat wol sjoen wurde as in reaksje op dy en soartgelikense opmerkings. Hy wjerleit dy krityk mei rigels as:
Hwet libbe yn krêft - en sa 't forlerne woun;
It dò mei al syn jonge maten yn 'e ring;
En yn it nòu ta suv're skiente boun.
O Poezye' siel en djipste boarn:
It do yn 't hjoed wer woun; ta skiente brocht
Hwet net as libben wie! Hwa klaget den
Om hwet forgong? It stiet yn heger ljocht!
Ek yn syn resinsje fan De ljochte ierde neamt Kalma Postma ‘in “laudator temporis acti”, in priizger fen de tiid dy't gyng’.Ga naar eind16 Lettere dichtrigels lykas ‘Yn it hjoed is ek 't forline: it libbet jit!’Ga naar eind17 kinne min-ofte-mear sjoen wurde as Postma syn reaksje op sokke en soartgelikense karakterisearringen fan syn poëzij. Yn syn besprek yn Frisia fan Fryske lân en Fryske libben skriuwt Kalma fierder, dat der yn Postma in stiltme, in rêst, is, mar ‘Fen de greatminsklike Ljeafde mei hjar treftich en ammeleas op-en-del-gean sjongt dizze dichter net - hy ken se net; fen dy Frjeonskip dy't yn hertstochtlikheit en ynlikheit de Ljeafde nei by komt, swijt de sjonger; hja is him foarbygien.’Ga naar eind18 Postma liket yn ien fan syn kwatrinen noch oan dizze krityk te referearjen as er skriuwt: ‘Nea hie er noch fan God - en leafde? - dicht’Ga naar eind19 It fraachteken dat | |
[pagina 56]
| |
Postma pleatst, liket der op te wizen, dat er him ôffreget oft dy krityk wol terjochte is. Wannear't Kalma de twadde útwreide printinge fan Fryske lân en Fryske libben skôget, ferwiist er nei de dichter Émile Verhaeren. Kalma is fan betinken, dat Postma yn syn fersen net de klam leit op Fryslân, mar op syn eigen fyzje oangeande Fryslân. Kalma, sa liket it, wol of it ien of it oare. Postma lit hiel Fryslân oan 'e oarder komme òf hy jout syn hiele ynderlik yn syn fersen: ‘Wy scoene net maklik ûnfordildich wirde as dizze dichter ús folle forhelle fen syn ynderlik libben, like min as byhwennear in mear epysk kinstner ús it hiele Fryslân bisong, lyk as ienris Verhaeren “Toute la Flandre” - mar hjir uteret him in lyrysk dichter dy't syn eigen ynderlikheit oars net uterje wol as yn syn persoanlike vizy fen folk en lân, en dat jowt ús èn fen folk èn fen dichter beide to min.’Ga naar eind20 Yn it ‘Liet fan in lyts-boarger’ (1928) stelt Postma him op as in bourgeois en reagearret er op Kalma syn krityk:
Ek kin ik net as de wrâlddichter wêze,
As er Flaenderens flakten bisjongt, heech, as ien dy't it net oandocht;
Om't ik hear by har
En yn har eigen tael sjong ik foar har.Ga naar eind21
Yn syn besprek fan De ljochte ierde giet Kalma, dy't grif sjoen hawwe sil dat Postma op dizze manier syn krityk dichterlik ferarbeide hat, op dit twadde part fan ‘Liet fan in lyts-boarger’ yn mei de wurden, dat it him ‘in ûnnedige forûntskildiging’ taliket ‘dy't de wirking fen de ironyske en dochs djip-earnstige earste helte bidjert.’Ga naar eind22 It ferwar dat Kalma sels útlokke hat, wurdt hjir troch him as ûnnedich bestimpele. Postma, lykwols, kiest posysje en bepaalt syn plak foar dat fan Kalma oer. Hy docht dat al yn in fers lykas ‘Myn liet’, dat yn 1921 publisearre waard. Postma dichtet dêr:
'k Sjong net it liet fan heel in wrâld
En alle minskdom' wé;
't Komt net út it rotsich berchtme op
Of út 'e grize sé.
Postma liket hjir frij eksplisyt te ferwizen nei fersen fan Kalma. Yn sonnet XXXV, ferskynd yn Ut stiltme en stoarm (1918), wie Kalma bygelyks út ein set mei de rigel: ‘Ik bin de stream, it spoekich berchtme ûntdreaun’ en yn ‘Weromkomst’, yn It Heitelân fan 1919, hied er it hân oer de ‘grize sé’.Ga naar eind23 Ek oare fersen fan Kalma oer de see en bygelyks it fers ‘Skylge’, yn 1921 ferskynd yn Frisia, kinne foar Postma mei oanlieding west hawwe om him tsjin Kalma syn fersen ôf te setten. Dichtrigels fan Postma, lykas ‘Net jimmer hoecht in dicht nei 't iivge ta to rinnen’Ga naar eind24 en ‘Der binn' dichters dy't it ûnsjenlike miene; / Mei wyn en sé woll' hja it bineame’Ga naar eind25 lykje yn it foarste plak in posysje-kiezen foar Kalma oer yn te hâlden. Foar Postma is Kalma, de skriuwer fan keningsdrama's, de dichter fan saneamd ‘grut’ dichterlik wurk. Yn it fers ‘Ald’, foar it earst ferskynd yn It Heitelân fan 1939, betinkt Postma, dat hy - nettsjinsteande syn jierren - net takomme sil oan it skriuwen fan ‘wize en forheven dramastikken, sa as oaren wol yn har âlderdom makke hawwe’. | |
[pagina 57]
| |
Neffens himsels kin er him
[...] sa net rêdde mei sangen en tsjinsangen en de geasten fan alle ieuwen hawwe my net to bate west.
In frysk epos sil ek wol neat mear wurde, of it soe in lyts eposke wêze moatte fan it meanen ôf oan it gersdruijen ta.
Mar dan tink ik oan Douwe en Fêdde; dy witte fan koaren en rigen en Pier Gerlfs sille hja sa min bang fan wêze as fan Simson.Ga naar eind26
Ek hjir set Postma syn wurk foar dat fan Kalma (en Schurer) oer. Syn poëzij is, sa seit er yn itselde fers, ‘net mear hwat heechs en aparts, mar frij en nei it neatichste útgeande!’ Dochs is foar him, sa't it liket, dy poëzij krekt grut, dy't ‘de leafde fan de siele’Ga naar eind27 fiele lit. Mei útwindige gruttens hat dat net safolle te krijen. Om de ‘grutte wrâld’ te finen hoecht Postma net om utens te tsjen. Yn Fryslân leit foar him de wrâld besletten. Yn it fers ‘Gers helje’ referearret er yn 'e lêste rigel iroanyskerwize oan Kalma syn bekende slogan. Nei't er earst oer it boerelân en -libben dichte hat, komt er mei de fraach:
O jimme ‘dichter-generaesjes’, foar-en-nei-oarloggers,
O jimme bisprekkers dy't mei magyske kunst oerwinne wolle,
Hwat sizze jimme fan dizze libbens-ode? Fleantugen raze oer my hinne en fine wylgeplúskes sweve by my lâns.
Fryslân! De wrâld!Ga naar eind28
Hoewol't Postma, sa't út de oanhelle brieven bliken dien hat, by de jonge Kalma talint erkende, hat er sels Kalma nea grut neamd. As Kalma op 18 oktober 1953 op sânenfyftichjierrige leeftyd komt te ferstjerren en Brolsma in goed moanne neitiid ek net mear is, wijt Postma koart dêrnei yn it twadde part fan it fers ‘Sa'n libben’ oan harren de neifolgjende follesizzende rigels:
Mar dan sjoch ik myn eigen libben oan;
Hwa bin ik, dat 'k safolle langer libje mei
As dy twa oaren: d' iene ‘great’ bineamd
En d' oare dy't safolle mear as ik
Oan Fryslân joech. Ik bin mar lyts,
Net klear foar eare-dit of eare-dat.
En Fryslâns dichter dochs?Ga naar eind29
Foar de ‘grutte’ Kalma pleatst Postma hjir de ‘lytse’ dichter oer. Ut it fers sprekt in beskiedenens, dy't eins gjin beskiedenens mear is, mar de wissichheid dat de dichter mei syn ‘lytsens’ foar it ‘lytse’ Fryslân, dat neffens him foar ‘in heldendicht gjin stal’Ga naar eind30 hat, net ûnbetsjuttend west hat. | |
SlauerhoffUt mear as ien gedicht sprekt Postma syn niget oan it wurk fan Slauerhoff. Hy hat dêr sels yn De Tsjerne fan 1955 noch it artikel ‘De foarkar foar Slauerhoff’ oan wijd. Ek Kalma hie tige belangstelling foar Slauerhoff en hie nei dy syn dea yn 1936 oer him it stik ‘Thús kommen’Ga naar eind31 skreaun. Om't Kalma weet hat fan Postma syn ynteresse yn Slauerhoff, stjoert er him syn bydrage oer Slauerhoff ta, dêr't Postma mei it neifolgjende brievekaartsje op reagearret: Achte Hear Kalma, Myn tank for it tastjûren fen Jins Streamingen. Tige mei bilangstelling lies ik b.n. it stikje oer Slauerhoff. Ik moat bikenne det ik ek earst nei syn stjerren mear each op him | |
[pagina 58]
| |
krigen haw; dochs wol ik leauwe det wy - al haw ik den mar ienkear in frysk wird fen him lêzen - op den dûr sjen scille det syn wirk ús wol nei is. Ho scoe it oars komme det ik dingen fen him tsjinwirdich iderkear yn 'e holle haw sa as:
‘Had ik nu een needrige hoeve
En kinderen spelende buiten
Om aan de beregende ruiten
Gedachtloos gelukkig te toeven.’
Jins tsjinstrée
O. PostmaGa naar eind32
Itselde fers fan Slauerhoff sil Postma letter oanhelje yn it gedicht ‘Op in reinige middei’, dat troch him foar it earst yn it maartnûmer fan It Heitelân fan 1938 publisearre wurdt.
Ik sit troch it finster nei de wei to sjen.
Ik haw gjin bern dy't bûten boartsje, om
oan it rút
‘gedachtloos gelukkig’ toevje to kinnen.
(O dichter, hoe hâlde dyn wurden my fêst!)Ga naar eind33
Sawol Kalma as Postma bespeure by Slauerhoff it Fryske aard. Hja binne lykwols de iennichsten net dy't dat konstatearje. Ek Adriaan Roland Holst stimt har dat mei. It brief dêr't Roland Holst dat yn witte lit, is skreaun, nei't Kalma ek him syn stik oer Slauerhoff tastjoerd hie: [...] Ja, Slauerhoff was een ontwortelde en een, die zichzelf - hoewel meestal langs een omweg over anderen - kwelde en vernielde. Als Fries in Friesland had hij nooit vrede kunnen vinden; maar met dat al was hij toch van aard in veel opzichten uitgesproken Friesch. En waren b.v. Shelley en Byron, met al hun wrevel tegen Engeland, juist niet zéér Engelsch?Ga naar eind34 Kalma is o sa fergulde mei syn brief fan Roland Holst en lit dat ek oan Postma lêze mei it fersyk om it skriuwen letter fia de brievebus fan it Mienskipshûs werom te besoargjen. It iennichst briefke fan Kalma oan Postma dat bewarre bleaun is, is dat oanbiedingsbriefke mei fersyk om retoer. Troch Postma wurdt dat frijwat nofteren beändere mei de wurden: ‘Myn tank for it tastjûren fen dizze ynteressante brief. Ik hoopje det hy yn de neamde bos komme scil.’Ga naar eind35 Yn syn stik oer Slauerhoff hie Kalma fan Postma al it bekende fers ‘As ik opdroegen wurd’ oanhelle. Postma dichtet dêr, dat wannear't it syn tiid is ‘der net - as by Slauerhoff - in jong feintsje fan fieren to gûlen stean’Ga naar eind36 sil. Yn syn skôging oer Postma yn Saxo-Frisia komt Kalma op 'e nij oer dat fers op 'e tekst. Kalma skriuwt nei oanlieding dêrfan: ‘Opmerkelijk was zijn reactie op het sterven van Slauerhoff, zooveel jonger dan hij, en naar den schijn zoo anders van psychisch beleven. Het is duidelijk dat Postma in hem verwante trekken moet hebben gevonden, en geen wonder: zwerfziek is het Friesche bloed altijd geweest. En kende ook niet Slauerhoff de tegengestelde drang in zijn wezen? Ik herinner mij, hoe hij, vereenzaamd in Tanger, mij schreef om boeken over Friesland en Friesche tijdschriften.’Ga naar eind37 Kalma konstatearret hjir foar it earst by Postma in tsjinstelde driuw: in driuw om te doarmjen en in driuw om it yn Fryslân te sykjen. Botte yngeand toant er dy driuw lykwols net oan en syn sizzen liket mear basearre te wêzen op it syk- | |
[pagina 59]
| |
jen nei in skeakel tusken Postma en Slauerhoff as op Postma syn poëzij. | |
It Snitser gymnasiumNei oanlieding fan it stik yn Saxo-Frisia krige Kalma in brief fan Mr. A.S. Miedema dy't tagelyk mei Postma op it gymnasium sitten hie. Hoewol't út oare boarnenGa naar eind38 ús ek wol ien en oar bekend is oer Postma syn tiid yn Snits, is it yn dit artikel faaks it bêst op syn plak om dit brief út Kalma syn korrespondinsje (foar in part) ôf te printsjen.Ga naar eind39 [Obe Postma] en ik kenne 'n oar al út de tredde klasse fen Latynske Skoalle to Snits en 1886 diene wy mei in oar ein-eksamen. Nei dy tiid binne ús paden út in oar gean, oant wy 'n oar - beide sneupers - foar 'n jier mannich werom founen oan 'n tafel op it Archyf yn 'e Kanselderij in Ljowert. Dêr laei dos san 50 jier twisken. [...] Hoewol't net ûnbekend wie, dat Postma yn syn Snitser tiid al mei (oersettend) dichtsjen oan 'e gong wie, jout dit brief in moai konkrete oanfolling op it wurk dat oerset waard en ek fan de wurdearring fan Postma troch syn klasgenoaten.
Yn werklikheid dochs faaks minder in letbloeier, en - sjoen syn reaksjes op Kalma - minder dimmen? Miskien wol minder it mûske as gauris troch ús foarsteld is? Faaks dochs miskien mear oerienkomst tusken Kalma en Postma as op it earste each fuort dúdlik is? Miskien, mar dochs sille by elke mooglike oerienkomst, de ferskillen tusken de twa âld-Snitser gymnasiasten, Postma en Kalma, de oerhân hân hawwe. |
|