jouwe har stadichoan fan ‘inkel folkstaal’ nei it brûken fan dy taal ek foar mear yntellektuele skôgingen.
By it lêzen fan Postma syn gedichten bliuwe de oanliedingen fan alderhande slach belangryk. Wa't him it fryske libben út Postma syn tiid noch wat foar de geast helje kin, weet hat fan it klimaat fan it boerelibben út dy tiid, hat in diminsje mear en in streekje foar as lêzer fan in grut part fan Postma syn wurk. Ek it neigean fan de konkrete oanliedingen heart winliken by it lêzen fan sokke gedichten: guon gedichten binne suver ferhannelingen yn dichtfoarm.
De paradoks is no dat krekt Postma - mear as gâns modernere konfraters - bûten Fryslân as dichter o sa respektearre wurdt by minsken dy't folle fierder fan de fryske oanliedingen ôf steane. De dichterlike fryske wrâld fan Postma docht sa te sjen syn wurking ek sûnder de stipe fan it eigen belibjen fan de reële wrâld dêr't de gedichten op basearre binne. Faaks dat dy fan de dichter Postma skepen eigen wrâld - in einhinne en yn wêzen bûten alderhande moadieuze trends om - krekt in pree is foar bûtensteanders en har as wat bysûnders oankomt. Sadwaande soe it bêst wêze kinne dat it wurk fan Postma ek foar de jongerein fan no ien en oar te bieden hat. Nettsjinsteande de banflok fan Trinus Riemersma oer de dichter, mar Trinus is it jongste fansels ek al in skoftsje ôf.
Ik wol noch in paradoks neame dy't my altyd wer yn 't sin komt at ik oan Postma tink. Ik hie en ha sels altyd it idee dat in fers fan Postma it bêste ta syn rjocht komt at it sober sein wurdt. Mar doe't ik op it FLMD ris in opname hearde fan in foardracht troch Postma fan in fers fan himsels, doe fernaam ik dat Postma him neat fan myn ferstannige ideeën oanlûkt: hy draacht syn fers suver patetysk foar. Om koart te gean: ik ha de hiele Obe Postma sa te sjen noch lang net mei krige, dat hy sil as dichter grif noch in hiel skoft mei kinne.