Fryslân, Postma syn fioele
Steven H.P. de Jong
Hjoed sil ik te set mei in A-fjouwerke oer it wurk fan Obe Postma. Wat hat ús dat hjoed noch te sizzen? Wat sil ik hjirfan skriuwe, master?
As ik oan Obe Postma tink, tink ik oan Fryslân. Yn it lân fol drege literatuer, polityk, filosofy, deistichwurkproblemen pak ik de fyts en fyts de wrâld út, Fryslân yn. Gysbert is fansels ús earste dichter, mar Postma is ús earste klassike dichter fan 'e moderne Fryske literatuer. En syn haadtema is Fryslân. It wurd Frysk en Fryslân komt der wit hoe faak yn foar.
Hoe kin in minske dêr safolle moaie poëzij oer skriuwe? Ik wurd der wolris krigel fan. Postma is folmakke. Fansels, in taalskoalmaster sil wolris in flaterke ûntdekke kinne, bygelyks op side 230 fan syn Samle fersen: ‘Foarjier hat al nij gelút.’ Mar wês foarsichtich, want alles hat betsjutting.
Ea haw ik skreaun dat goede poëzij net te parodiearjen is; de parodist soe himsels bespotlik meitsje. Dochs haw ik sels in parody op Postma syn ferneamde fers ‘Fan 't Fryske lân’ (193) makke. Miskien ta skea fan mysels. Ik fûn it sels wol aardich slagge (sjoch De maagd fan Babylon, side 81, 91 en 97). Der siet sa'n prachtich ritme yn, seinen guont. Ja fansels, mar dat wie fan Postma. As men jin yntins mei sa'n fers dwaande hâldt, sjocht men pas hoe geniaal it yn mekoar sit.
Wat is it geheim fan Postma? Ik wit it net, master, ik wit it net. Syn fersen lykje sa maklik, mar bliksem! O, dy dûzelige djipgong, o dat preuveljen as de wyn yn de reiden, it sjongen fan 'e fiere fûgels of imerkes tichteby! It is as mei de muzyk fan Mozart. It lykje simpele meldijen en dat bin it ek, mar dochs is dy muzyk as it wetter fan in berchmar, net te befiemen djip.
Fansels hat Postma wol dingen dy't ik net lije mei. Dat monisme fan him bygelyks. Postma is ek in minske en in minske moat dochs earne yn leauwe. Ferjit it mar, der stiet safolle moais foaroer. Ek driget Postma wolris troch syn tematyk de dichter fan it idyllyske Fryslân te wurden, sa nostalgysk en sa regionaal wite jo wol. Men docht him dan grut ûnrjocht fansels, mar de p.r. kin him sa wol ta de grutte VVV-dichter meitsje. It is te hoopjen dat de kommersje Postma net yn 'e kloeren kriget.
Mar no it geheim fan Postma. Ik haw in hypoteze. Postma wie homofyl en dat mocht net yn syn tiid. Dêrom sublimearre er syn seksuele gefoelens. Hy sil Freud ek wol lêzen ha. Syn leafste waard net in man of in frou, mar it literêre tema, Fryslân. Oant safier neat nijs.
De dichter G.N. Visser wiist ús derop dat men in frou net samar besitte kin as men fereale op har is. Nee, in frou is as in fioele dy't men bespylje moat en dêrfoar moat men oefenje, oefenje. Sjoch ‘De riedsman’ (Samle fersen fan G.N. Visser, side 212):