Trotwaer. Jaargang 29(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jan Dotinga Obe Postma jin yn 't sin bringend In simpele ‘P’ wiisde yn ‘It Heitelân’, op Kramers tafel, my it spoar. Dêr hie gjin tsjerkeblêd ‘Belijden en Beleven’ oan en heven teologen om 'e nocht yn Kampen ‘De Bazuin’: Lette 40-er en 50-er jierren. Sa njonkelytsen fergroeid mei de Wâlden, sykheljend mei de beammen, kin ik my ‘De boerinne fan Surch’ tinke: Ik mei my dêr dy lânsdouwe net sjen! ‘Yn Maert’ sjoch ik him sitten, bûtenút, oan 'e Bitgumerdyk mei ‘de modderkluten fyn’ as in gebed yn syn hannen: Dichter, dy't in hertstocht út 'e ierde dolde... Net dat ik net mear bidde kin Yn bûn mei foar- en neigeslacht rop ik as ‘Lichte flikkertins yn it Al-bilibjen’ de Namme oan. Vorige Volgende