Yn 'e kosmos smoke se has
Josse de Haan
Ik wurd net hai fan Obe Postma, mar dat kin ik net yn ien side útlizze. Ik tink dat ik net geskikt bin foar syn poëzij. Miskien is syn poëzij net geskikt foar my. Ik mis it aventoer, ik mis it spoekjen, ik mis de mins. Koart sein, ik lês neat fan mysels yn de fersen fan dizze dichter. Ik haw wol in soad fragen, net oer de poëzij, mar wol oer de dichter sels en al dy lju dy't der oer skriuwe en him op it nachtkastke hawwe.
Yn myn fragen sit de krityk besletten op it ‘aktueel’ meitsjen fan dat wat yn myn eagen noait aktueel west hat. Op syn heechst nijsgjirrich yn in tiid dêr't nostalgy foar master opslacht. Nijsgjirrich ek hoe't der op reagearre wurdt, wa't der opmerkings oer meitsje en hokker filosofyen in rol spylje.
Myn fernuvering hat bygelyks te krijen mei:
1. | Sierksma seit yn syn Bern fan de ierde dat Postma it frije fers brûkte om syn ‘kosmos’ stal te jaan. Ik stroffelje oer ‘frije’ en ‘syn’. |
2. | Alwer neffens Sierksma brocht it psychysk monisme Postma nei ‘it ivich hjoed fan de grutte kosmos’. Hy begûn oars te skriuwen, kosmysk dus, en fûn in aliby foar syn twifeljend kristen wêzen. As netkristen begryp ik hjir neat fan. |
3. | In heel soad lju dy't út it sletten kondoom sketten binne - de kosmos yn, sis mar - fleane no achter Postma oan: Maarten 't Hart yn 1976 yn syn Aansprekers, Oppewal yn syn Spiegel, Zeeman dy't panteïstysk oer it byldskerm rint yn in Postma-programma fan Omrop Fryslân, K. Jansma en L. Kooistra dy't my yn de Pauw op 18 desimber 1996 beswarre dat ik it libben kosmysk besjen moat lykas Obe Postma, Krol (G.), Mak mei in ynliedend fers yn syn ‘God fan Jorwert’ dêr't ik noch nea in god tsjin kommen wie, Sierksma, Veenbaas dy't him sa graach oerset, en de measte skriuwers fan in essee foar dit nûmer. Dy has fan Postma yn syn kosmos moatte se dan wol werkenne. |
4. | Sierksma beweart dat de fersen fan Postma skientme oproppe yn de tsjinstelling tusken de ienheid fan de Algeast en de konkrete rykdom fan it Fryske libben. Dat sil dan de rykdom fan de frijstelden wêze, moat ik oannimme, dy't dan dêrtroch ek de ienheid fan de Algeast yn de binnenbûse hiene. |
5. | Yn de Spiegel fergeliket Oppewal Postma mei Kaváfis, omdat se beide û.o. parlandoächtige fersen makken en homofyl wiene. De lêste poëzijkategory wie my folslein ûnbekend, en ik begryp ek net wat soks tafoeget oan de fersen. Giet it FLMD no fan alle Fryske skriuwers yn de kompjûter ynfieren ta hokker kategory se behearre? Ik soe dan graach even diskusjearje wolle oer de begripen androgyn en hermafrodyt. En wat moatte wy mei de heitofilen, de memmofilen en de nekrofilen? |