In dichter foar it libben
Eppie Dam
Ik ha mar in pear boeken yn 'e hús dy't ik op elk momint fan 'e dei of fan 'e nacht út 'e boekekast krije kin. Ien dêrfan is de bondel Samle fersen fan Obe Postma. Ik doch it ek geregeld, en dat giet al jierren. Altyd ûntdek ik wer ‘nije’ fersen, en altyd as ik de ‘âlde’ opnij ûnder eagen krij, is it krekt as lês ik se foar 't earst. Op it wurk fan Obe Postma sil ik leau 'k noait útsjoen reitsje. Obe Postma is in dichter foar it libben.
It is mei de fersen fan Postma as mei de ferhalen fan Riemersma en de skilderijen fan Rembrandt: je werkenne se út tûzenen. Alle trije hawwe se in grûntoan dy't fan it begjin ôf al oanwêzich wie en dy't, nettsjinsteande har ûntwikkeling, ek net wer feroarje sil. Net allinnich út 'e lêzer wei besjoen is Postma in dichter foar it libben.
Ik hâld it mei syn frije fersen. Hy hat se skreaun yn soarten, mar útgeand fan 'e bêsten soe men hast konkludearje wolle dat metrum, rym en strofebou eins mar behyplike middels foar de mindere goaden binne. Ik fyn noch altyd dat dichtsjen foaral in kwestje is fan foarm, mar ik ken suver gjin dichter dy't tsjin dat útgongspunt sa geweldich sûndige hat as Obe Postma, en ek noch krekt dán ta de grutste hichte rikt.
Ien dy't syn poëtys masterskip ûntlient oan 'e frije, prakkesearderige en praterige fersen dy't er skreaun hat, kin net oars as in grut dichter wêze. It frije fers is ommers de dreechste dichtfoarm dy't der is. Obe Postma is in útsûnderlik grut dichter. Lês ‘Myn hûs’, ‘Dichters binne sjenners?’, ‘Yn maart’, ‘As ik opdroegen wurd’, ‘Fan it Fryske lân’, ‘“Soene jo stjerre moatte as jo net dichtsje mochten?”’, ‘Fuortgean’, ‘Fan fuorge en sleatswallen’ en ‘Gers helje’.
It kin net oars, as je sa op it rântsje dichtsje fan wat krekt kin en krekt net, sitte der ek (heale) mistaasten tusken: ‘Natoer en Kultuer’, ‘It tsjerkje fan Fransum wurdt in besinningssintrum’, ‘Amateur’, ‘In nije tiid’, ‘Yn Grinslân’ en oare slim praterige ‘fersen’. Mar in dichter - ek in dichter dy't faak (te faak) oer himsels en syn dichtsjen yn ferlytsingswurdsjes praat - mei it mindere wurk net oanrekkene wurde. It binne de hege fersen dy't ús optild hawwe, en dêr giet it by út.
Ien fan myn favorite fersen is ‘Myn hûs’. Dêryn iepent de dichter twa finsters op 'e wrâld: it finster op 'e stêd en it finster op it lân. Yn syn oeuvre stiet it lêste finster gâns wider iepen, mar dêrom sit it earste net ticht. Postma mei dan gjin stedman wêze dy't by droechte fan it moaie waar ropt, in ienkennich en romantys plattelânsman is er dêrom likemin. Obe Postma is de dichter fan ‘Lân en stêd’, fan natuer en kultuer. Hoewol't er (spitigernôch?) de tsjustere kanten mijd hat, bestrykt er mei syn oeuvre de totaliteit fan it minsklik bestean. Dat is syn grutte kracht, dat