Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 32]
| |
En by dat halte-stasion hear ik syn stim
| |
[pagina 33]
| |
Postma syn stúdzjefreon Douwe de Witte. (foto L.J. Cordes; argyf FLMD)
Postma wie de perfekte âldfeint. Studinten neamden letter noch, dat er der sa sloarderich útseach, mei plakken op 'e klean. Dat fûnen se net frjemd - hy wie ommers net troud. Opmerklik is wol, dat ien fan dy studinten noch wit, dat Postma in kear in opfallend fest oanhie, ‘een wit vest met bloemetjes’. Dochs in bytsje de dandy?Ga naar eind5 Yn it wurk libbet in hiele oare Postma. Gjin eunuch, mar in sensityf, suver ekstatysk man. Ek oer syn wiere aard swijt er net. Yn dit artikel sil besocht wurde om nei te gean, hoe't de homoseksuele identiteit dêryn werom te finen is.Ga naar eind6 | |
De frouObe Postma is yn alle gefallen gjin typysk manlike dichter. Hy mijt gjin inkel lyts detail, lykas it waar, de sinne of it ljocht dat op in attinsje falt. Tamminga of Schurer soenen nea it bewegen fan de twiichjes fan de roazebeam sa beskriuwe as hy die. Unbedutsen lit er syn emoasjes sjen. Hy docht him ek net oars foar as er is. Utsein yn it fers ‘Mei dy noch tinke’ (56): ‘Foar 't moaiste famke hieste socht / De moaiste blommen yn 't lân’, dat wol as in echt heteroseksueel leafdesfers lêzen wurde kin, komt man-frou passy yn syn wurk net foar. Ek as in jonge maklik troch in famke ferfongen wurde kin yn in fers, docht er dat eins nea.Ga naar eind7 Dat er de leafde tusken man en frou net ‘besong’ foel fansels op. C.A. Faber tocht dat it gjin skrutenens wie, mar dat soks wol komme soe, om't Postma faaks gjin ‘ûngelokkige leafde’ meimakke hie.Ga naar eind8 Fokke Sierksma koe de minsken, dy't ‘nea de basso ostinato fan 'e hertstocht en bigearte yn syn wurk heard hawwe’, de fersen wol oanwize dêr't dat wol te hearren wêze soe. Neffens him lei it ‘geheim derfan [...] yn 'e boppeminsklike spanning tusken forkleare skôging en bloedreade hertstocht’.Ga naar eind9 Yn syn lettere skôging Bern fan de ierde beljochtet er lykwols dy kant fan Postma syn wurk net.Ga naar eind10 Postma skriuwt dan wol net oer de frou as objekt fan begearte, hy is wol meifielend oer har yn oare rollen. Fuortendaliks yn ‘De boerinne fan Surch’ (27) giet it al om in frou dy't yn frjemde omkriten net aardzje kin. Yn oare fersen giet it bygelyks oer memmen en arbeidersfroulju, dy't soarch ha om de bern of it jild. Postma wit, hoe't | |
[pagina 34]
| |
dy froulju wille hawwe fan de bloeiende graniums en goudsjeblommen. Krekt sa't er wit, dat ridderspoaren ‘donkerder blau mei hwat giel en wyt’ wêze kinne. (‘As men âld wurdt’, 273). Somtiden liket it wol as identifisearret Postma him mei de frou. Wêrom soe er oars mei de boerinne út it fers ‘It forline’ prate wolle? Hy skriuwt (34):
Ek woe ik strak út tsjerke
Jo wol ris ta wurden ha,
Faeks is 't noch yn 'e kunde
Troch beppe' beppe of sa.
Ek ‘De Skraerder toer’ (55) begjint mei ‘Us muoike, dy't al pake' muoike wie’. Heiten, omkes, boeren komme as ûnderwerp yn syn fersen folle minder faak foar. | |
anlju: bewûndering, ôfhinklikens, warleazensEn hoe skriuwt Postma oer manlju? Yn 't earstoan is dat frij sentiminteel. It is gjin tafal dat Postma no just it fers ‘Us Johan’ fan Klaus Groth oerset hat. Krekt op sokke freonskippen as yn dit fers komt er yn syn eigen wurk mei jeugdoantinkens werom. Meastal is er wol wat minder gûlderich as de ‘ik’ dy't by 't skimerjoun te skriemen stiet om ‘ús Johan’ (90). Postma skriuwt oer syn jeugd as in ljochte, goudene tiid. It lykje syn moaiste jierren west te hawwen. Yn ‘De hikke’ skimert der ek al de romantyk trochhinne (175):
By him wie 't wrinzgjen as de leane lâns
Kaem jouns de maet. En mannich kear
Wie hjir it ôfskie yn 'e ljochte nacht,
As leafde hie har lêste stom petear.
Sûnder mis hat Postma de jonges út syn doarp en de Fryske ‘man’ idealisearre. Yn ‘Fan jagers- en fan fiskerslaech’ skriuwt er (49):
Hoe heard' er by it frije fjild,
Fan aerd hwat rou, gjin freon fan 't wurd;
De fammen seach er net nei om:
Goed foar hwat knúsket by de hurd.
Dy bewûndering wurdt o sa útlitten as er yn ‘Opwekking’ skriuwt oer de takomst fan Fryslân (58):
Dyn fammen lit wêze in eachweid en pronk,
Dyn feinten in ljochte lôge!
Yn ‘Dream en libben’ (101) giet it oer ‘de sterke earmen’ dy't oan 'e seedyk boud hawwe. Yn oare fersen skriuwt er oer ‘brûzende, skomjende jonge krêft’ (134), ‘jonge langst’ (149) en ‘hoe lûkt it jonge bloed’ (110). Hy sjocht by dy manlju op, om't se sterker, ‘ierdsker’ binne as hysels. By him ‘mist’ der wat, liket er te mienen. Postma skriuwt folle subtiler as er persoanliker wurdt en in jonge of in man foar himsels oer set. Yn ‘Strjitliet’ (76) komt er op wat it lûd fan in jonge by him opropt. Dy jonge is noch jong en frij, wylst hy al âld is. De algemiene bewûndering foar manlju feroaret stadichoan yn de tsjinstelling tusken de dichter as âlde man en jongere jonges. Yn ‘Jeugd’ (187) bygelyks beskriuwt Postma mei niget in jonge, dy't ‘rjochtop as in jonge beam’ in findel skean omheech hâldt. Hy ferliket him mei in âlde skriuwer (‘Hoe wie it wêzen forfallen!’). De jonge hâldt wis net fan boeken mimert de | |
[pagina 35]
| |
dichter en ‘dien hat er noch neat’:
Of dochs! Of dochs! mei syn jeugd hat er freugde jown!
Hjir jowt earnst foech, mar ek wol is sinen in strieljende laits.
Postma wurdt emosjoneel as er syn âldens ferliket mei de jeugd fan jonges en manlju, lykas yn ‘Peaskemoandei’ (147).
Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op 't skouder, foarjiers-dronken.
Ik bin to âld om dronken to wurden,
Mar de reade kop fan in sûrstal stek ik op 'e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
It fers giet dan fierder oer de maitiid yn it lân en de ûnmacht fan de dichter om dit goed wer te jaan. Mar de lêste rigel giet oer syn frustraasje, dat er gjin diel útmakket en gjin diel útmeitsje kin fan dy groep: ‘En by it bargehok stean ik as in muorre.’ Spanning tusken twa manlju komt foar 't earst oan 'e oarder yn ‘De kuijer’ (153). In âldere dichter en in jonge freon rinne troch de fjilden. Utsein in rigeltsje as ‘de ranke, jonge stim’ soe dit noch in gewoane kuier neamd wurde kinne, mar de lêste fjouwer rigels litte sjen dat der mear bart:
Sa gean w' ús ljochte paed. Hwa jowt, hwa nimt?
Oan 't ein, wy stean en somje en roere net.
Mar haww' gjin kar. Dan swijsum keare wy;
En yn my klinkt: dy nei is 't jonge hert!
Behalve mei it fers ‘Lyk as yn jonge tiid’ (136), kin dit fers ferbûn wurde mei it fers ‘Tobinnenbringen fan in âld skoalmaster’ (340).Ga naar eind11 Dat fers - oer Eije Wiersema, fan wa't Postma altyd in proefwurkskrift bewarre hat - giet ek oer in spanning tusken in jonge en in âldere man:
Mar foar de learaar wie der ek hwat oars by;
Earst dy strieljende laits doe't ik by him eris yn deselde winkel kaem;
En letter dy lilkens op syn gesicht doe't in oare jonge yn de klasse hwat ferfelend wie.
Mar ik koe dy him iepenbierjende jonge freonskip net goed genôch bianderje.
Sa stoar der hwat ôf, en swietwei waerd de forhâlding mear in gewoane.
Dit is net mear in fers fan in wolmienende skoalmaster. De dosint hie op de genegenheid fan de learling yngean kinnen en hat dêr sûnder mis oer wifele. Yn it fers ‘Jonge foar 't finster’ (179) is it dúdlik dat Postma de jonge foar 't rút opfallen is en neitocht hat oer hoe't dy him, ‘de rinner, âld’, besjocht. Der is in momint eachkontakt:
En effen sjoch ik op; it each forbynt,
Mar it bitinken mear. En wie net sokken bân,
Gjin wei ta oare dream, hwat soe ik dichtsje en dwaen,
In sleauwe ropper yn in neaken lân?
Dy stap nei de ‘oare wei’ liket er nea set te hawwen. Sa'n jonge dêr't Postma niget oan seach, krijt yn it fers ‘Pier’ (194) in namme. Hjir is wer de tsjinstelling te finen tusken jong en âld, mar ek tusken arbeidersman en yntellektueel. Dochs krije se kontakt en prate oer it wurk en it keat | |
[pagina 36]
| |
sen. De dichter bewûnderet Pier:
[...] de swiere sekken mei stienkoal smyt er linich op 'e wein,
En by it sânladen giet syn skeppe efkes hurder hin-en-wer as in oar sinen.
Yn dit fers brûkt Postma it wurd ‘fortrouwen’ dat sa'n jonge yn him stelle moat ‘oars soene wy gjin freonen hjitte meije’. En ‘om't ik bin dy't ik wêze mei’, kin er him oer dy freonskip yn syn gedichten uterje. Datselde wurd ‘fortrouwen’ brûkt er op 'e nij yn it fers mei dy titel (336), as er seit, dat er dat fertrouwen ha moat om ‘diel oan dy libbens to krijen’. Soe dat klamlizzen op fertrouwen lykwols ek net te krijen hawwe mei syn eangst dat jonges, lykas dy dêr't er mei de fierrekiker nei sjocht, oare motiven as allinne ‘fertrouwen’ by him waarnimme? Postma hat mear oer freonskippen skreaun. Bygelyks yn ‘Fuorttsjen’ (204), ‘Septimber’ (176) en ‘Jeugd en jeld’ (270). Dêr docht út bliken, dat er him yngeand mei dy jonges dwaande hâldt. Hy folget mei mear as allinne belangstelling har libbensrin. Postma seach altyd begearich om him hinne, ek as it om jonges gie. Wat sjocht er - ûnder oare - ‘To Harns’ (181)? In jonge matroas op in bank! Yn ‘Op in reinige middei’ (194) is it in bus ‘mei hwat matroaskes’. De eroatyske spanning dy't der tusken de dichter en sa'n jonge bestiet, wurdt útsprutsen yn ‘Blommejonge’ (201):
Dyn antlit, sei 'k, is moaijer as dyn blommen.
Dochs koft ik wol: hoe koe it oars hast rinne?
Hja duorren koart, mar doe hâldde ik noch oer
De knik, de glim, dy't ik er by mocht winne.
Dochs moat er witten ha; by 't earste moeten,
As 't each foarbygeand trof it jonge wêzen,
In effen bûgjen: tank foar loaitsjens huld'
Oan 't skiene? Ik wist net oars to lêzen.
Wie dit net sjongensstof foar stream sonnetten,
Faeks mei it strekke foar in pear kwatrinen;
Hja binn' net heech en haww' in rym to min,
Dochs drage hja eat fan in leaflik skinen.
Sa eksplisyt hat Postma nea wer skreaun. Professor Feitsma hat as mooglike ynspiraasje foar dit fers it wurk fan Strato fan Sardis oanwiisd.Ga naar eind12 Soks liket wol oannimlik. Dochs is it ferliedlik om oangeande dit fers in oare boarne oan te wizen. Yn in petear mei Sjoerd Leiker fertelde Postma oer ‘in talentvolle leerling, die naderhand ging studeren aan de landbouwhogeschool. Een paar jaar later liep die jongen achter een bloemenkar.’Ga naar eind13 Erotyk komt by Postma net sa ekplisyt nei foaren. Dat er der each foar hie, docht bliken út lytse dingen, lykas de jonge dy't ‘Fêst op it gledde seal’ fan syn fyts sit (‘De jonge’, 157) of by de jonges dy't ‘de wegen’ útdrave en ‘net tsjok yn har textyl’ sitte (‘Aprildei’, 235). En wat te tinken fan de beskriuwing fan de arbeider en syn lodde (‘De lodde’, 135)?
De lodde is dyn maet, dyn hân
Past om 'e jelt; it yl kaem fan dy feint!
It gledde blêd is skuorre fan dyn krêft,
Astou mei macht it driuwste yn 'e groun,
De wrede klaei tobriekst.
| |
[pagina 37]
| |
Ien kear mar skriuwt Postma oer lichaamlik kontakt. Dat is yn it fers ‘Tsjinje’ (208). Dat giet werom op jeugdoantinkens en it fers hat alle eleminten fan Postma syn oare, seksueel laden fersen: bewûndering, ôfhinklikens en warleazens:
De jongste fan de twa freonen sprekt:
Sterke, sjochtstou hoe't ik yn dyn wêzen
My bilibje, en dyn paden gean?
Hoe't ik as dyn skyldfeint nêst dy stean,
Sûnder spraek 't bihoevjen wit to lêzen?
Sjoch my oan: ik draech as sier dyn wapen,
En dyn slachte-spreuke earje ik sa.
As dyn rieder sprek ik freonen ta,
Stranger as dou sels hâld 'k each op frjemde knapen.
Ien kear, mei dyn earmen om my hinne,
- Boartsjen wie it - loekst my tsjin dy oan,
Hast my neamd dyn bêste soan;
Och, ik bin dyn heit en dyn slavinne.
| |
In skande iepenbier makke?Wie Postma ûngelokkich mei syn homoseksualiteit? Sjoen it positive, optimistyske, harmoniearjende karakter fan syn wurk soe men sizze fan net. Dochs lit er sa út en troch wolris wat blike fan syn emoasjes as bûtensteander. Yn it fers ‘Al myn lichte freugden’ (86) bygelyks: ‘En myn leaven meij' net komme / As nei eigen djip bigear.’ Foar dy klacht set er de ‘swiete mimer’ oer, om't er ek wol moaie dingen meimakke hat. Yn it ferneamde fers ‘Hwat de dichter witte moat’ (146) set er oare ‘wûnders’ dy't er meimakke hat foar it missen fan in frou en bern oer. Mankelikens klinkt wol troch yn syn wurk. Dúdlik is dat yn ‘In hûs’ (172). De dichter beskriuwt yn dat fers mei leafde in hûs en syn bewenners: man, frou en bern. Hy besiket dat normale bestean te sjen as ‘al-Fryslâns erf’, want it is net syn eigen. Syn taak is om dat bestean yn syn fersen út te tekenjen en hy sjocht it oan ‘oft ik it winne koe // Ienkear, hwa wit, as alles mei my wie’. Sokke mominten binne der wol mear. Yn ‘Op in reinige middei’ neamt er, dat er ‘gjin bern dy't bûten boartsje’ hat om sa ‘oan it rút “gedachtloos gelukkig” toevje te kinnen’. En yn ‘Myn poëzij’ (325) skriuwt er:
Mar it libben fan de man hat net wurde kinne hwat it wêze moast,
En de man hat tagong socht ta herinnerjens kostbre gielgoerde.
Men kin it tragysk fine dat Postma mei sa'n bytsje tefreden wêze moast, mar foar sa'n konklúzje is syn wurk dochs te fitaal. Mei sjen, werom te tinken èn byldzjend te dreamen koe er skriuwe: ‘“'t Forline is oeral”; it nimt my mei, / En by dat halte-stasion hear ik syn stim.’ (213). Dat Postma leaver wat dryster west hie, dat er mear ûndernimme wollen hie, stiet wol fêst. Soks docht bliken as er himsels ferliket mei Slauerhoff, dy ‘skrale jonge’, waans ôfbylding foar him oanlieding west hat ta grif mear as in bytsje ferealens. Hy hat nei dy syn ferstjerren de foto's yn 'e krante goed besjoen en him it byld fan him goed bewust makke. Postma neamt him in ‘fryske feint’. Slauerhoff doar wat Postma net oandoarst: om te gean ‘Sûnder maetskip; frij / Ta frjemde gongen bûten séde en pliich. / O, as ik doarst...’ (189). | |
[pagina 38]
| |
Postma hat him yn alle gefallen net skamme foar syn homoseksualiteit, dat is wol dúdlik as er oer Boutens skriuwt. Dy woe syn homoseksuele fersen net ûnder eigen namme útjaan. ‘Waerd der dan in skande yn dy strofen iepenbier makke?’, freget Postma. Hy fynt fan net (338):
Mar it wie gjin fallen yn modder en weaze.
It gong oer in leafde sûnder wettich hûs,
Oer de biminningsdrang fan in ‘leafdeleaze’.
Om Postma hoegde sa'n maskerade as by Boutens net. Hy skriuwt dêrom frij dat er Jehannes ‘lêsten noch wol efkes oer it hier strike’ wollen hie (206). |
|