Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 22]
| |
Berber van der Geest
| |
[pagina 23]
| |
Doe't ik grutter waard en Postma almar âlder,
skeuvele er ús stjitte del soms, siet dan ien momint
by ús foarhûs op 'e bank wat út te rêsten;
wat út te sjen, by ús foarhûs yn 't grint.
Syn brekber stâl spegele troch de ruten.
Myn mearke-man, tocht ik; de dichter, sa deunby.
En ik, ik stie as yn it gat beneile;
o ûnbelêzene, gjin wurd bruts út my frij.
Wie my dy konfrontaasje hjoeddedei oerkommen,
'k hie grif in pypfol mei dy Postma praat.
‘Jo ha’, soe 'k sizze, ‘it Fryske lân yn yl en swaard begrûne;
jo ha my troch it lân - fan doe't ik lyts wie - laat.’
|
|