| |
| |
| |
It ljocht, de krêft dy't alles driuwt
It klimaat yn 'e poëzij fan Obe Postma
Durk van der Ploeg
As der ien dichter is yn waans wurk ik mysels it bêste weromfine kin, dan dat fan Obe Postma. En ik wit ek werom't de poëzij fan Postma my lûkt en oansprekt. Earstens, it hat in ferrifeljende ienfâld. Twads, om't syn gefoelswrâld myn wêzen rekket. Wat hy yn iepene en oansprekkende dichtrigels opropt is it Fryslân sa't ik it yn myn jeugd ûndergien haw. Lokkich hat dat romantys fielen him troch de jierren hinne ferskulferje litten en is dy jeugdige affiniteit omslein yn wat bliuwends, dat syn dichterskip grut en ûnneifolchber makket.
Foar safier't it binnen dit bestek mooglik is, wol ik in pear opmerkings meitsje oer it klimaat yn it dichtwurk fan Postma. Earst oer it meteorologise, dêrnei oer it geastlike klimaat.
It sil de oandachtige lêzer al lang opfallen wêze dat Postma yn syn fersen gauris skriuwt oer it waar. Ik ha yn de Samle fersen ris oan it turvjen west troch mei it potlead krúskes te setten foar de rigels wêryn it waar beneamd wurdt. Der binne frijwol gjin blêdsiden dêr't gjin krúskes op steane. No bin ik net fan doel om al dy fynplakken op te leppeljen, want dat soe inselde helderens ferskaffe as wannear't in mûs him kjifjend troch de fersen fretten hie. Nee, ik wol dêrmei earstens oanjaan hoe't dy waarsynfloeden der ta meiwurke hawwe dat it altyd sa blier en ljocht is yn dit wurk, mei soms in swymke fan weemoed, en hoe't dat yn de útgongspunten fan syn dichterskip trochwurket nei in geastlik klimaat.
Obe Postma skriuwt net oer Atlantise streamingen of oseaandepresjes. As er oer it waar rept, dan docht er dat net kleierich en klomsk. Nee, krektoarsom. It waar komt yn syn wurk ta utering as boarne fan jeugd, geast en krêft. Troch syn waarsbeskriuwings strielet der waarmte út syn fersen. Dat komt om't de dichter it libben oanienwei spegelet yn in ljocht ferline. It waar is by him mear as it ûndergean fan de natuereleminten. Der is yn syn wurk gjin wurd dat faker foarkomt as it wurd ljocht. En dêroan folget it wurd ierde, dat ta in ienheid gearfalt yn de ljochte ierde.
Dy waarsynfloeden binne ek net op in stuit kommen en samar wer weiwurden. It hiele oeuvre fan Postma is dermei oanhelle. En it waar is hjir mear as it fêststellen fan klimatologise feitlikheden. Al neigeraden it oeuvre foardert liket it wol as kriget dat waar in fêster karakter. De loften wurde griller en gleoner, wêrby it ljocht in gouden glâns kriget. De poëzij fan Postma bestiet by de graasje fan dat ljocht. Yn syn fers ‘It ljocht’
| |
| |
seit er it sa ‘It ljocht it moaist op ierd? It is it libben sels, / De krêft dy't alles driuwt!’
Dat de poëzij fan Postma sa'n neie ferwantskip hat mei de natuer hat mear as ien eftergrûn. Yn it foarste plak, om't de dichter as jonge fan it plattelân midden yn dy werklikheid stien hat, en hy by útstek de dichter fan it Fryske lân wurden is. It kommen en gean fan de seizoenen, de syklus fan opbloei en ferstjer yn de natuer, it leit allegearre yn syn wurk besletten. Mar der is mear. Yn it tinken fan Postma falle ierde en himel ta in kosmise ienheid gear. It is net hjirûnder en dêrboppe, ‘Mar alles is yn alles’, lykas er it yn ien fan syn fersen seit. En dêr is de ynfloed fan de út Ferwert ôfkomstige psycholooch en filosoof Gerardus Heymans net frjemd oan.
Heymans, fan 1890-1927 heechleraar te Grins, ferdigene dat alles besiele is of sels siele is, en dat alles mei alles út te stean hat. De natuer as ienheid fan himel en ierde, as ienheid fan stof en geast, libben en matearje, lichem en siele. It is wat yn de skiednis fan de wiisbegearte it psychisch monisme neamd wurdt, en der koartom op del komt dat al it werklike psychys fan aard is. Der is yn it wurk fan Postma gjin ding dat op himsels stiet. Net dat it ta psychofysise oplossingen laat hat. Dêr wurde gedichten ek net foar skreaun. Sokke oplossingen soene dichtsjen oerstallich meitsje. Dat prinsipe fan ienheid yn libben en matearje hâldt yn dat de dichter geastlik diel hat oan it ljocht, de ierde, de himel, it wetter. Dêrmei besiket er djipper yn de ierdske werklikheid troch te kringen en dy werom te bringen ta ien besiele gehiel.
Wat de dichter der yn syn fersen mei docht is fragen oproppe, dêr't elk syn eigen antwurden op fine mei. Dy fragen en dy wûnderlike gearhing fan de dingen, foarmje foar in grut part de sjarme en it geheim fan syn harmoniearjende poëzy. Ek al kin nimmen it befiemje, it sprekt jin oan. Yn dy gearhing komt de dichter ta begripen en útroppen dy't ûnbefetlik boppe it minslik tinken út rize, lykas 't Omfiemjend tinken, Lichte flikkertins, it Al-bilibjen of it Al-bigripen. Lêzers sille by rigels, lykas yn it fers ‘Fan libben en dea’ heakjen bliuwe, dêr't de dichter by it fielen fan de waarme sinne fan 'e winterdei twivel stekt ûnder kosmise besteansgrûnen: ‘Mar hwerom soe der gjin frede wêze, as it iene wêzensbigjinsel opnomd wurdt yn it alomfetsjende lyksoartige? / - Haw ik dy frede? Sil ik dy frede hawwe? Haw ik de ierde net to leaf? / O de waerme sinne fan dizze winterdei! O it ûntsachlike dat om ús hinne is!’ En dêrmei wol Postma winliken sizze wat net ûnder wurden te bringen is, mar Lucebert miskien it meast benei kommen is mei de wurden ‘De ruimte van het volledige leven / Tot uitdrukking te brengen’. En dêrby dat folslein, allesomfiemjende werom te bringen ta dy iene boarne, dêr't himel en ierde yn gearfalle as ienheid fan it bestean.
Yn dat perspektyf krijt it bestean in hieltyd hechter bining mei de natuereleminten. Yn it fers ‘Is dichter wêzen oars as 't lok fan 't libben sjen?’ ferbynt de dichter it lok mei de natuer. Of, eigentlik stelt er it lok ôfhinklik fan de natuer, dy't hjir
| |
| |
opfierd wurdt as in moaie foarjiersdei. ‘Oer alles leit de bliere foarjierssinne.’ Yn it lêste kûplet freget de dichter him ôf oft mei it fergean fan dei en jier it lok ek gean moat. Hy ferset him dêrtsjin, mar mocht der oars net fan oerbliuwe as in dreambyld, dan sil der yn syn dichten dochs fan hingjen bliuwe. En dêrmei hat it gedicht de langste azem en stekt út boppe it eindige.
De dei, it jier forgiet; mar moat it lok ek gean?
Lit, jonge krêft, gjin noardewyn of wintertiid
Dy rou fortoarkje! En komt oer my it lok as drôge,
Sa sil dochs fan dat reach yn dizze dichten bliuwe.
Dy natuer, dy waarseleminten strielje krêften út. Dy krêften wurkje yn op it moed fan minsken. By Postma wurde rein en wyn en sinneskyn hiel direkt ferbûn mei weemoedigens, mei blierens en loksfielen. Dat falt hiel sterk op yn in fers as ‘Simmers-ein’ of ‘Soms komt it oer my as in dream fan lok’. Mar der binne by 't hânfol fersen dêr't dat yn foarkomt. Wat yn syn earste wurk noch tige latint oanwêzich is, kriget yn syn lettere gedichten hieltyd mear glâns en fjoer en wurdt útboud ta kosmise libbensfragen. Yn dy earste fersen wurdt it waar beneamd, mar tagelyk wurdt dêryn behelle de krêft fan it folk. Yn ‘Wintermiddeidream’ skriuwt er:
Ik tink oan dy, myn Fryslân leaf,
'k Sjoch wyt fan snie dyn flakke greiden,
Dyn moaije wetters glêd bibaend,
As blinkend lint troch brune reiden.
Dêr driuwt en dounset mei lûde nocht
Dyn libben, myn Fryslân, hinne:
Jong bloed, eastewyn, moai sterk iis
En fier yn it suden de sinne!
Dit fers skreau er te Grins. En dan slút er dizze dream ôf mei it kûplet:
Sa haw ik om fierens, o Fryslân leaf,
Myn dreamen om my te treasten:
De loft is ek sa moai en klear
En de wyn waeit út it easten.
Dat is net samar in dichterlike aansichtkaart fan it moaie Fryslân. It wol net allinne útering jaan oan langst, oan ûnwennigens, wêrby 't de dichter treast siket yn bylden dy't him heuge, mar hy wit dat dy eleminten besiele binne en in ienheid foarmje mei de dichter. De waarsbeskriuwing jout dat byld wat fielbers, ik soe hast sizze wolle, wat hegers.
Wy libje yn in tiid wêryn ús alle oeren fan 'e dei troch legers waarmannen en waarfroulju oansein wurdt hokker waar wy te wachtsjen ha. Guon dogge dat mei foarsizzings fan wol in wike yn 't foar. De dichter Postma foarseit gjin waar. Yn it fers ‘It wie in dei fan reinen’ jout er de smûkens en beslettenens fan de bûthússtâl wer, dêr't Auk fan Alle Boukje sokke moaie teltsjes ferhelje koe. Alde bylden dy't by him boppe komme en dêr't de dichter him burgen yn fielt. Mar it binne de waarsomstannichheden dy't de sfear drage. Ja, soms fertink ik Postma derfan dat it waar him ta dreamen en fisioenen brocht dy't er yn syn fersen beskrean hat.
Ik nim oan dat Obe Postma in bulte fan syn
| |
| |
fersen op snein optekene. De sneinen hawwe yn syn wurk in wichtich plak as dagen fan mimering en as rêstpunt foar it opskriuwen fan dichtrigels. Dy rigels wurde meast ynkleure mei it waar fan sa'n dei. Lykas yn ‘'t Wie snein’: ‘'t Wie snein, o hoe skynde de sinne!’ Of yn ‘Hjerst’ dêr't de dichter troch tsjuster en wiet waar yn dreamen nei it ferline dwaalt, en libben en matearje yn it fers gearrane:
It wie in stille snein, hwat tsjuster en wat wiet;
Fan 't beamte, yn hjerstgiel blêd, foel sêft de rein oer 't paed.
Wer thús by smoute hurd seach 'k út nei grize loft;
It wetter song, en harkjend waerd 'k nei Fryslân laet.
Sa binne der in hiele bulte sneinsfersen dy't allegearre mei it waar ferbân hâlde. Yn it fers ‘Myn poëzij’ skriuwt er
Myn poëzij is de dream fan in sneintoneimiddei as de sinne skynt,
En de sinne bringt my wer de libbene dagen fan myn jonkheit.
Né, dy dagen wienen net altiten lokkich, mar ek wol ris mei tsjusterens en fortriet,
Mar wat no de sinne is, dat wie doe it greate libben sels.
Dy lêste tsjustere rigel liket my in wjerspegeling fan in ljochte en blide jeugd yn in metafoar. Faker as ienris wurde waarseleminten metaforys brûkt, lykas yn ‘De blide dei’: ‘O de dei, it ljocht, it wazige fjild, / O gouden tovertún! / O beannerook, o flearepronk! / O simmers swiet gestrún.’
It is yn de fersen fan Obe Postma net it konflikt, mar it sykjen fan harmony. Dy harmony utert him yn de natuer, mar ek yn ûnderlinge ferhâldingen, lykas yn it fers ‘Al myn libbens freugden’. In fers dat de dichter ôfslút mei rigels dy't de ierdske werklikheid teboppe geane:
Al myn libbens freugden sitte yn de prunusbeam mei in inkeld giel blêd dat trillet,
Yn de wolkens dy't út it suden it loftrom lâns skouwe,
Yn de blommen fan de attinsje dêr't de sinne op skynt:
It is de ljochtskyn fan it wetter dat yn de leije stiet,
De tyljens geur fan de rûchskerne yn it foarjier,
It sjongende lûd fan de rotgânzen op de waed.
Mar it is ek memme' fleurige jonkheit sa't
hja meiïnoar yn de moanneskyn de opfeart del ride,
It is heite bliidskip as er yn de poëzij fan de dichters syn leafde bilibbet,
It is pake' en beppe' ljochte útgong as hja hân by hân de jonge maitiid yn 'e mjitte gean.
O, en faeks is it eat fan de dream fan de fromme
As er de ingels har blanke wjokken iepen tearen sjocht.
It binne benammen de eleminten, ljocht, wyn, wetter, ierde, dy't syn tinzen hieltyd wer nei de dream fan it ferline en dat blide oantinken talûke. Dy eleminten binne dêrom mear as stimmingsbylden. Se passe yn de libbensskôging fan de dichter dy't syn hiele bestean wjerspegele sjocht yn syn ferline. In ferline dat syklys takomst en no is. Syn hiele dichterlike bestean leit yn dy elemin- | |
| |
ten besletten. Der binne yn syn wurk in tal wurden dy't hieltyd weromkomme. Ik neam dat foar mysels de fjouwer eleminten. It fjoer fan de sinne, it wetter fan it reinen, de sleatten, de see, de ierde Fryslân en dêrby de lucht as de wyn. En wa't dat befêstige sjen wol, moat dat prachtige fers ‘Fan de fjouwer eleminten’ der mar ris op neilêze. Yn dat fers beharkje ik wat fan it godlike yn it ljocht fan 'e sinne. Dy oerboarne dêr't Postma hieltyd op weromkomt en dêr't er al syn krêft en freugde oan ûntlient. Dêrom, dat waar en de waarseleminten krije yn gâns fan syn fersen in godlike útstrieling. It ljocht as de boarne fan libben.
| |
Postma en Dèr Mouw
Der is gauris sein en skreaun dat it dichtwurk fan Postma sa iepen en ienfâldich is. Dat is oant op beskate hichte wier. Wat mear ik my yn syn fersen ferdjipje wat faker ik oan dy ienfâld twivelje. It set my geandewei foar fragen dêr't ik net útkom. Wat my yn earste opslach oanspruts wiene de bylden fan lânskippen, de detailskilderingen, de dreamen fan de jonkheid. Wat my flijde en meinaam wie it ljochte, it bliere, it opteine. Dêr giet Postma folslein tsjin elke literêre streaming yn. En krekt dy útsûnderlike posysje liket him ûnstjerlik te meitsjen.
Mar stiet Postma hjir net bûten de werklikheid? Skoep de dichter P. net in wrâld yn himsels? Binne syn fersen net in flecht út de realiteit en wol de dichter, mei in tebinnenbringen fan alles wat west hat, in foarbije wrâld yn stân hâlde? Nim it tiidrek '40-'45 yn syn poëzy. Yn it fers ‘Produksjeslach’ út 1941 (de dichter wie doe 72) skriuwt er: ‘Ik sjoch net omheech nei de fleantugen dy't oer my hinne raze’. Spegele Postma him oan dat âld minske fan 87 yn ‘Deselde bliuwe’, dy't fjouwer klokken yn 'e keamer hie, en dêr't er fan skriuwt ‘mar gjin ien hat de nije tiid’. Yn it fers ‘Fuortgean’ komt de dichter werom op dy razende fleantugen, ‘mar’, skriuwt er dan, ‘ik nim in bûtenromtlike forbining’. Even liket de dichter rekke te wurden yn ‘Oarlochssimmer’ (1943): ‘En noch altiid de oarloch! “Soenen wy de ein noch bilibje?” frege Jan my juster; / Ik wit it net net, Jan! Mar o de forlerne freugden! O de tosleine libbens!’ Wist Postma der as harmonieus dichter gjin ried mei?
Hat Postma him as typise sneinsdichter yn syn fersen tebeklutsen as in loksykjende ienling? Wêrom al dat strieljen, dat oerdiedige ljocht, dy kleare loften en safolle finnen fol klaverblommen? Wêrom dy dreamen en ‘herinnerjens kostbre gielgoerde’. Ik tink foar 't neiste dat wy de krêft fan Postma syn fersen net sykje moatte yn moaie bylden en nasjonale opteinens. De dichter wol de Fryske minske de boaiem fan syn bestean sjen litte. Dy boaiem is de ierde fan lok en leafde fan it gewaaks en gewin. Hy wol yn syn dichten fiele litte de krêften dy't tine yn in folk. Ik ken gjin oare dichter dy't it Fryske folk sa op har selswêzen en eigenens wiisd hat. En der sil nei Postma gjin dichter opstean dy't sa nei en sa djip yn it wêzen fan de Fryske minske trochkrongen is om it syn eigenheid as folk te wizen.
It hiele oeuvre fan Postma beskriuwt mei tematise en byldzjende ienheid, en mei in duorjende
| |
| |
werhelling, de rykdom fan it Fryske lân en it Fryske libben. It binne hieltyd deselde eleminten, om't it him te dwaan is om dat iene, dêr't al dy eleminten yn gearfalle: it bestean. Dat bestean tsjut net op in libben lang. Dat bestean is by Postma in duorjend bestean fan slachte op slachte. Dêryn leit de bliuwende krêft fan dizze fersen, dat se skreaun binne yn it besef fan it bestindige, it duorjende fan in folk. Dat komt net allinne ta utering yn de weromkear fan de seizoenen dy't dat syklise oanjouwe. It komt fral ta utering yn de hieltyd weromkearende jeugd.
Ik wit it, it dichtwurk fan Postma lit him net fergelykje. It stiet folslein op himsels en yn dy unisiteit tsjûget it fan in optimistys en humaan minskebyld, dat de kerstening net leagenet, net ûntkent, mar ferswijt. Om dat wat dúdliker te meitsjen helje ik der even in oare dichter by. Want as der in fergelyk makke wurde kin, dan mei de dichter en tiidgenoat Johan Andreas dèr Mouw (Adwaita). Beide kamen út in ortodoks fermidden. Sawol Postma as Dèr Mouw fûnen foar harren opjûne leauwe kompinsaasje yn it witten fan in kosmise ienheid, en dêryn wiene se beide monist. Beide gyngen út fan de syntese fan goed en kwea. Dèr Mouw as oanhinger fan de Brahmaanse mystyk en Postma ynspirearre troch it psychys monisme. Beide wiene se har jeugdich idealisme ûntgroeid eardat se begûnen te dichtsjen. Sawol Dèr Mouw as Postma skreaune bewust in netliterêre taal. Wie Postma matematikus, yn Dèr Mouw is in grut matematikus ferlern gien. De iene mear as de oare, mar beide wiene filosoof. Se hiene sterke Proustiaanse oerienkomsten yn de bestjutting fan it sykjen nei de ferlerne tiid, wêrby troch sintúchlike ûnderfining it ferline oproppen wurdt. Mar dêrmei hâlde de oerienkomsten ek wol sawat op.
Dèr Mouw wie as wiisgear agnostikus, mar Adwaita, de dichter wie gnostikus. Hoe siet dat mei Obe Postma? Wie hy agnostikus? En hoe stiet dat mei de dichter P.? Wie hy in natuermystikus, in panteïst? Dêr is net in slutend antwurd op te jaan.
Dèr Mouw ûntwikkele in pessimistise filosofy, mar in optimistys dichterskip. Yn dat lêste stiet er wer njonken Postma. Mar koe Postma, útgeande fan syn monistys tinken, oars as optimistise en harmonieuze fersen skriuwe. Is optimisme en idealisme net ynherint oan de harmonisearjende ienheid fan himel en ierde? Yn datselde ferbân paste it kristendom net yn it tinken fan Postma, om't it kristendom dualistys is; de tebrutsenens tusken God en minske, himel en ierde, in tebrutsenens troch in skieding fan goed en kwea, lit hokker foarm fan monisme net ta.
De dichter Adwaita koe dat as gnostikus en folgeling fan de Indise mystyk wol en hat dêryn dúdlik stelling nommen tsjin de bloedteology fan it plakferfangend lijen fan Kristus, en yn syn gedichten lulkaardich en blasfemys fan him ôf slein. ‘En vrome mensen zeiden: / Straf, na het aardse lijden, / voor arme schuld in angstig mensenlot; / en schande van beloning / in zondeloze Woning: / gekotst heb ik van Christus en Zijn God.’
Postma moat de ienheid en harmony hanthavenje en ûntwykt it neamen fan God, of flechtet yn metafoaren lykas al-siele en de alomfetsjende. En dat mei dochs wol hiel opfallend neamd wur- | |
| |
de. Want as der ien dichter is dy't yn syn hiele oeuvre weromgrypt nei syn jeugd, dan Obe Postma. As bern waard by him in kristlik wrâldbyld foarme. Hy krige de godsfreze fan hûs út as begjinsel ynplante. Syn âlden hawwe him mei de burgenens yn it leauwe fertroud makke. Wy lêze yn syn fersen wol fan de burgenens fan it âlderlik hûs, de waarmte fan in blide jeugd. It foarmet in wichtich en hecht punt yn syn wurk. Lykwols, reminisinsjes oan in godstsjinstich libben binne der net yn te finen, likemin dat er him dêr op hokker wize tsjin ôfset; as hat Obe dat út syn ûnthâld wei retûsearre. Hat de dichter hjir in part fan dat ferline weimoffele? Wat wie dan de relaasje tusken it bernlik bewustwêzen en de dêrfan ôfhinklike werklikheid yn Postma syn libben en poëzy? Hat er dat faset út syn ûnthâld ferkrongen?
By Dèr Mouw sjogge wy dat er striid fierde mei dat ferline - lês dêrfoar de syklus fan tsien sonnetten ‘Herinnering’, en yn Nagelaten gedichten dy syklus fan tweintich sonnetten - en ôfweefd hat mei de kristlike heilsleare. By Postma lêze wy soks net. It besef fan sûnde en skuld, lykas him dat fan thús meijûn is, is yn de dichter ferlern gien. Of hat dat harmonieuze, dat ljochte, dat blide fan syn jeugd, lykas dat yn frijwol elk fers ta utering brocht wurdt, al út te stean mei in ienheidsfielen út syn bernejierren? Mei oare wurden, hat dat monistys fielen op latinte wize de jonge Obe al eigen west? En hat him dat yn in metafysys, of miskien kin ik better sizze, kosmys dichterskip manifeastearre? Dat wol my net oan. Mar dan noch bliuwt in part fan dat ferline ûnbeneamd.
Obe Postma koe út monistise oertsjûging net mei it kristendom út 'e fuotten. Mar wêr is it dan bleaun, as syn poëzij út dy iene boarne fan syn jeugd komt? Hat dat diel fan syn bernejierren him net djipper set, dat hy der wat oan oerhâlden hat om der òf posityf òf negatyf oer te skriuwen? Of wiene striidfragen him frjemd? Of binne de godstsjinstige wjerfarrens fan de jonge Obe sadanich yn syn poëzij transformearre ta metafoaren dat God en it godlike stiet foar ljocht, himmel, geast, of lichte flikkertins yn it Al-belibjen?
Yn it fers ‘“Fan God en heitelân hat Brolsma, like min as de dichter Obe Postma, nea net folle skreaun”’ jout Postma dêr ek gjin antwurd op as er seit: ‘Neam ik wol God, as ik al-siele siz, / De alomfetsjende, ûneindich as... hja sels?’ It wol my oan dat er yn dy lêste wurden seit dat hja sels, dat binne Brolsma en Postma, ek like ûneinich binne as God. En dêryn komt er wer ticht by de Brahmaan Dèr Mouw, dy't seit: ‘Ik ben Brahman.’
Is dat it útgongspunt fan it monisme dat Postma oanhinge, dat God en minske gearfalle yn ien persoan? Dat kin in reden wêze dat Postma God net beneamd yn syn wurk. Dêryn is er Heymans dan net folge. Dy woe it bewustwêzen dêr't alle persoanlike bewustwêzen mei gearfalt, gjin God neame, om't de godstsjinstige minske him dêrby hiel wat oars tinkt as in teoretys konstruearre hypotetys wrâldbewustwêzen.
Of moatte wy God as de Grutte Horloazjemakker dochs sykje yn it ljocht dat sa oerfloedich út syn fersen strielet? Dat wol my suver net oan, want dan moatte wy Obe Postma sjen as in kryptys religieus dichter. As in mystikus. En fral dat
| |
| |
lêste liket my nei fleanen, want in mystikus is immen dy't de natuerlike grinzen fan it minskewêzen net akseptearre hat. En as der ien is dy't dat wol dien hat dan Obe Postma. Dêrfoar hat er him fierstefolle bleat jûn, mei't er as dichter it bern bleaun is en him oanienwei yn syn bernwêzen werompleatst hat.
Of moatte wy it noch oars sjen en lykas Lolle Nauta yn in besprek fan de bondel Fan wjerklank en bisinnen, yn it maartnûmer fan De Tsjerne 1958 docht, de minske fan de dichter skiede. Yn dy konstellaasje is de metafysise dichter P. behâlden en de religieuze minske Obe Postma earne weiwurden yn de biografy fan it bern, de matematikus en histoarikus.
|
|