It rekket my net
Tine Bethlehem
Yn 'e tiid dat poëzij wichtich waard foar mij, haw ik Postma net troffen. Omwille fan jimme fersyk haw ik wer in tal fersen lêzen en nei it tv-programma oer Postma sjoen.
Mar nee; it rekket mij net. Mij te nuet. Ik kin net meikomme yn 'e optocht.
Elk sines, mar ik merk op dat der in protte omtinken, jild en minskrêft brûkt wurdt om dizze dichter hinne. Nei myn betinken oerdreaun folle.
Myn ynteresse giet út nei oare (bygelyks noch libjende) dichters. Ik soe wolle dat dat omtinken en dy middels hárren wurk te'n goede komme soene; ek foar de promoasje bûten Fryslân.
Ik haw it gefoel dat Postma's wurk in poëzij-besitekaartsje foar Fryslân wurde moat. Dat soe ik spitich fine; syn wurk is mij dêrta te skraal.