| |
| |
| |
Tebeksjen nei in heale ieu
It literêre klimaat yn de earste jierren nei de oarloch
Freark Dam
Ein 1947 koe de útjouwerij Osinga mei foldwaning kundskip jaan fan it feit dat fan Abe Brouwer syn nijste roman, De nijboer fan Lycklamastate, yn twa moanne tiid fjouwertûzen eksimplaren ferkocht wienen. De earste printinge wienen hja no skjin trochhinne; uteraard waard der fuort in twadden oplein. Der soenen mear sokke sifers te neamen wêze. Yndied, de Fryske roman hat rôversguod west. Yn de besettingstiid mar likegoed yn de earste jierren dêrnei.
De oarsaken binne moai simpel. Se binne sawol ideëel as materieel. De oanstriid om yn in ûnfeilige tiid ek yn jins lektuer it heil te sykjen op eigen hiem spilet krektlike goed in rol as it feit dat der oars ek al net folle mooglikheden wienen ta ferdivedaasje yn de lange winterjûnen. Om noch te swijen fan de omstannichheid dat men de sinten net of amper oan oare foarmen fan fermeits en genot kwyt koe.
De hausse yn Fryske boeken hat noch in jier twa trije nei de befrijing duorre. Doe kaam de Fal fan Fyftich en wie 't dien mei de keapman. In tûzenkoppich lêzerspublyk like útsjoen op wat ús skriuwers te bieden hienen. Foar in part wie de konsumint tink oerfuorre mei hieltyd itselde mar dan in bytsje oars. Dat men it jild no't de distribúsje te'n ein rûn aldergeloks wer oan oare nuttige, ja sels ûnnuttige dingen besteegje koe hat grif ek fan ynfloed west. Lykas it feit dat niisneamde tûzenen gjin ferlet sasear hienen fan wat him stadich mar moai wis oan nije eleminten yn ús proaza ûntjoech. It soe nammers noch in foech fearnsieu oanhâlde ear't de Fryske romanliteratuer har ècht fernijde. En doe, frjemdernôch, wienen der fannijs wòl wer tûzenen lêzers (keapers) dy't dêr niget oan hienen. In oar wûnder wie de groei en bloei fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Mar ek dat is uteraard in oar ferhaal as dat ik hjir fertelle moat.
Sa net, de boekproduksje yn de jierren 1945-1947, dêr't it hjir om giet, wie in wat stadich op gong kommend proses. Yn 't earstoan waard it negatyf beynfloede troch in systeem fan papiertawizing en oare foarmen fan oerheidskontrôle, foar in part gearhingjend mei de suvering, dy't ek yn Fryslân in hjit hangizer wie om oan te gean - mar dêroer fansels aanst mear.
| |
Nije útjouwers
Hoe't er it hie mei joast witte, mar noch yn it befrijingsjier wist in nije, oant dan ta folslein frjemde ein yn 't Fryske boekebit in bestseller út te bringen fan in ek al folslein nije skriuwer. It wie de útjouwer F. Koster te Snits mei de ‘fersetsro- | |
| |
man’ Om it heechste fan Harm Lodewijk. It keapslij publyk fleach der op ôf as miggen op 'e sjerp. It duo Koster/Lodewijk sette troch. Al yn 1946 ferskynden de romans Hinke fan Jap en Thúskomst, literêr besjoen fan itselde twivelich gehalte as Lodewijk syn earstling, mar troch it publyk like gol ûntfongen.
Koster, dy't syn offysje as haad fan de kristlike skippersskoalle deroan joech om as útjouwer mei flair saken yn 't grut te dwaan, hie mear izers yn it fjoer. Hy wist njonken auteurs fan ienfâldige (kristlike) streekromans lykas Watse Cuperus en Petrus de Jong ek in skriuwer fan alluere as Ype Poortinga yn syn fûns te heljen. Dy syn Elbrich (diel I) kaam noch yn 1947 út.
Koster hie nòch in ferrassing yn 't fet: hy kundige it ferskinen oan fan Anne Wadman syn al fier yn 't foar ferneamde roman Fioele en faem. Dat is him lykwols nèt wurden! Goefreonen fan de ûndernimmende útjouwer makken him der yndachtich op dat der mei dat boek, op it mêd fan de seedlikheid, frijwat mis wie. Der waard grute dat se mei Fioele en faem al oan 't setten wienen doe't in kjel wurden typograaf as earste alarm sloech. Wadman, dy't mei syn yn de oarlochsjierren as ûnderdûker foltôge manuskript mear ôfdijers ferwurkje moatten hie, krige it hânskrift werom. Yn syn besprek fan Elbrich wied er yn elk gefal sans rancune. Hy priizge it boek planút as it earste Fryske wurk fan nei de oarloch ‘dêr't ik my net lulk om meitsje dat it der is’.
Om de Koster-story te besluten: ek it twadde diel fan Elbrich is noch yn Snits útkomd (1948). Mar doe wie 't ek dizze ûndernimmer wol dúdlik woarn dat útjaan hjir yndied in kwestje wie mear fan útjaan as fan ynbarren. Koster gie wer nei it ûnderwiis. En Fioele en faem is lang om let útjûn troch... de Arbeiderspers yn Amsterdam (1948).
Njonken Koster oppenearren har yn de hjitte hei fan fuort nei de oarloch méar nije útjouwers dy't it ek ris besykje woenen, fertokke troch wat der yn de jierren '40-'45 oan bjusterbaarliks mooglik west hie. Ien fan de nijlingen wie De Torenlaan yn Assen, fan de âld-Dokkumer Hendrik Clewits. Dy sprong der fuort yn doe't in espeltsje eks-ûnderdûkers ûnder oanfiering fan Anne Wadman mei harren Reiddomprige fanwegen kaam.
Nòch ien dy't al gau út selsbehâld fan fierder útjaan yn 't Frysk ôfsjen moast wie de dryste Peter van Rossum fan it net ûnferneamde Bigot & Van Rossum yn Amsterdam. Paadwiis makke troch syn stedgenoat Fedde Schurer hat er yn it lêst fan de besetting hjir om him hinne sjoen en manuskripten fandele foar de Fryske poat fan syn fûns, dy't yndied in jiermennich ûnder de namme De Tsjerne yn aksje west hat mei as pleatslik burohâldster de bekende boekhannelster Lokke Kerkhof yn Ljouwert. Mar in jiermennich letter wie ek dit aventoer dearûn op de hurde feiten fan de lytse merk en it beheind skriuwerspotinsjeel. Kamminga yn Dokkum hat doe noch effen sa goed west om him oer it útjouwersrestant te ûntfermjen. Folle mear as it literêre moanneblêd De Tsjerne en in pear boeken fan Schurer sels - it bibelsk drama Simson en It boek fan de Psalmen - hawwe Van Rossum-en-dy net op harren konto
| |
| |
skriuwe kinnen.
Om dit ferhaal oer Hollânske penetraasje op 'e Fryske boekemerk mei in iensum aventoer te besluten: It hat de doe blykber ek al fernimstige jonge skoalmaster E.S. de Jong west, dy't kâns sjoen hat in Frysk boek fan syn hân ûnder te bringen, yn 1945 noch, by de útjouwerij La Rivière & Voorhoeve yn Swol. Mar dat wie ien kear en net wer.
Dy't foar en yn de oarloch de kearn foarme hienen fan de Fryske útjouwerij bleauwen al ringen wei mei har trijen oer: Brandenburgh te Snits, Osinga te Boalsert en Kamminga te Dokkum, al like it der ynearsten op dat Wever te Frjentsjer en Van Gorcum yn Assen de smelle rigen bliuwend fersterkje soenen. Hiel skruten sette nammers Laverman te Drachten ek de earste stappen op dit nuodlik paad.
| |
Trochbraak fan de poëzij
Wat hja allegear meielkoar útjoegen oan belletry (fan Paulus Akkerman oant Roel van der Zee) hie wol de keapersgeunst, mar de literêre krityk weefde der trochstrings ûngenadich mei ôf. Gjin skriuwer lykwols dy't safolle strips krige as de tige populêre Abe Brouwer doe't er it weage en kom mei in fersetsroman: Tusken dea en libben. Wizer wie de krityk mei in oar oarlochsboek fan in skriuwer dy't op dit mêd wòl rjocht fan praten hie: Häftling nû 10039, alias Reimer Willem van Tuinen, dat yn itselde jier (1946) ûnder de titel Efter it tried by deselde útjouwer (Osinga) ferskynde.
Koenen der yn de jierren 1945-1947 wat it ferheljend proaza oangiet wol sa'n tritich nije titels teld wurde (werprintingen net meirekkene), de rispinge wie oan nije dichtbondels ek net lyts: sa'n fyftjin boekpublikaasjes. Der wienen echte útrinners by.
Ik neam yn 't foarste plak D.A. Tamminga syn Nije gedichten, dêr't fuort al in twadde printinge fan komme moast. ‘As monuminten fan in grutte, tragyske tiid sille dizze kantige gedichten yn it Fryske lân stean salang der in Fryske taal is’, woe Fedde Schurer hawwe en oant no ta hat er gelyk krige. Wadman syn earstlingsbondel Op koart front belibbe opslach ek in twadde printinge. Syn oare bondel, de wjerstribbige sonnetterige Fan tsien wâllen, makke sa mooglik by foar- en tsjinstanners noch mear los, mar dat hjir wurk fan útsûnderlike kwaliteit levere waard stie net yn 'e kiif.
Oanlieding ta wiidweidige wurdearjende skôgings joech de nije bondel It sil bistean fan Obe Postma, noch krekt net sakrosankt. Mar doe't er yn 1947 as earste de Gysbert Japicx-priis krige wie dat suver wat in sakraal barren.
Hoe dan ek - it fielen wie algemien dat de Fryske literatuer yn har poëzy it stadium fan provinsjalisme no wol foargoed efter har hie. En dat it no tiid waard om ek mei it proaza sa'n trochbraak te bestribjen. ‘De trochbraak fan de poëzij hat fel en goed west yn Fryslân. Mar it proaza is ûnlêsber fan midsmjittichheid en bekrompenheid’, sa brocht Fokke Sierksma in algemien kritysk betinken ûnder wurden.
| |
Farske bûter
It plak dêr't op ‘en fûlsten de Fryske proazaïsten
| |
| |
op it harspit nomd waarden wie De Tsjerne, it literêre moanneblêd dat mei yngong fan 1946 begûn te ferskinen ûnder redaksje fan F.J. Bergstra, J. Piebenga, F. Schurer, D.A. Tamminga en A.S. Wadman. It wie foar it earst yn tsien jier dat Fryslân wer grut gean koe op in letterkundich periodyk, sûnt it sterile Frisia yn 1936 útsukkele wie.
Schurer wie de man dy't it inisjatyf nomd hie en de betinker fan de (doe al neffens guon ryklik agraryske) namme. Syn meiredakteuren wienen stik foar stik lju fan kwaliteit. Schurer syn ferneamde ynlieding ta it earste nûmer ûnder de útdaagjende kop ‘De bining forbritsen’ dekretearre de skieding-tusken-tafel-en-bêd fan in oerurven âld spantsje: Fryske beweging en Fryske literatuer. Yn tsjinstelling ta oare útlizzers bin ik fan betinken dat it in oar adagium dat Schurer yn it Tsjerne-‘program’ utere hat, nammentlik dat it tenei yn de Fryske skriftekennisse gean moast om ‘frijheid en skientme’, folle mear konfliktstof ynhie as syn los-fan-de-beweging gjalp. Want krekt yn de hantearring en útlis fan wat ‘frijheid’ en ‘skientme’ ynhawwe siet neffens my de oast dy't letter de literêre geasten útelkoar driuwe soe.
Werom nei de farske bûter en dy kostlike sûpe fan de earste Tsjerne-jierren. Mear as ien ding falt jin op. Yn it foarste plak wol de massale tarin fan nij talint. Men telt út 'e rûgen oer dy earste tolve ôfleveringen mear as... fjirtich meiwurkers - foar it meastepart nammen dy't mei ien, twa jier al wer ferdwine en dan foargoed it swijen derta dogge. Foar de statistyk: fan de Tsjerne-meiwurkers fan de earste oere wie Obe Postma mei syn 78 jier de âldste en Marten Brouwer (‘Martinius’), amper santjin jier, fierwei de jongste.
Twad: mei Anne Wadman (27), fierwei de jongste yn de redaksje, hienen hja in alleskinner yn 'e hûs helle dy't op syn wize it klassike veni, vidi, vici yn praktyk brocht. As dichter, as prozaïst en benammen as essayist-kritikus die er dat mei safolle talint dat it jin gjin nij hoegde te dwaan dat it mannichien ferbjustere. De humorist dy't as Omke Bartele (Liuwe Brolsma) yn dy snuorje bizige stikjes skreau yn It Heitelân hie it nea better ûnder wurden bringe kind as dat er die: ‘Hjir folget in koart oersjoch fan de nijste Fryske skriftekennisse: Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman, Anne Wadman.’ Syn flitsend en elegant skreaune proazakritiken besoargen him de namme ‘boal fan de Tsjerne’, mar dêrmei hat er it blêd in eigen gesicht jaan kind sûnder dat de ryklik seishûndert abonnees op 'e flecht gienen. Yn syn essays en polemiken gong it yn wêzen om de prolongearre striidfraach oer de kearnbegripen sa't dy yn Hollân yn de jierren tritich gearfette wienen yn de slogan ‘vorm of vent’. Wadman hie it yndied mear op 'e ‘kjirl’ as op 'e ‘keunst’ - om niisneamde slachsin nochris yn syn geast te parafrasearjen.
De Tsjerne mocht dan in monopoaljeposysje hawwe, krapte oan oare nije of nijmakke âlde periodiken wie der perfoarst net.
Fan dy gefolgen dat men yn dy jierren Tsjerneredakteuren en -meiwurkers fan miet ôf oan, mei út plichtsbesef mei men oannimme, ek drok
| |
| |
warber sjen koe yn Fryske blêden fan oare sinjatuer. Yn Frysk & Frij bygelyks, it wykblêd dat fóar de Fal fan Fyftich wol sa'n njoggentjintûzen lêzers hân hawwe moat. Of yn it algemien Frysk moanneblêd It Heitelân, mei earst Jan Piebenga yn in dûbelrol en letter prof. dr J.H. Brouwer as ynspirearjend haadredakteur. En lit my it ‘Hollânske’ literêre blêd Podium net ferjitte, dêr't op oanstean fan foaral Fokke Sierksma yn de begjinjierren ek mannich Frysk poëet syn wurk yn kwyt koe.
It ‘jongereinblêd’ De Stiennen Man koe ek fiks meidwaan yn 't literêre mei redakteuren as resp. Wadman, Reimer van Tuinen, Marten Sikkema en Klaes Dykstra. En dan wie der fansels de konfesjonele Stim fan Fryslân ûnder redaksje fan de stege E.B. Folkertsma dy't ek gâns jong talint út eigen rûnte opkweekt hat. Foar de folsleinens: ek yn Nieuw Friesland, it blêd dat de stifting Je Maintiendrai in skoftlang driuwende besocht hat te hâlden, hawwe nijsgjirrige literêre bydragen stien. En net te ferjitten yn De Vrije Pers, in fansels ta mislearjen predestinearre besykjen fan Keimpe Sikkema om yn Assen in kultureel blêd foar it hiele Noarden te meitsjen. Lyts Frisia mei ik net oerslaan: it orgaan fan wat der, om Douwe Kalma hinne, oerbleaun wie fan de Jongfryske Mienskip silger neitins.
| |
Tefolle oersljochte?
En no moat der fansels in wurdmennich falle oer de suvering dy't yn 't earstoan guon skriuwers dy't yn de oarloch it nasjonaal-sosjalisme oanhongen of oankrûpt hienen útsleat fan publikaasje fan har wurk.
Al yn it befrijingsjier bepleite ien as Fedde Schurer frijdom fan literêre utering foar elk dy't fout west hie. Yn itselde jier (1946) dat ien as Georges Duhamel soks die foar eks-kollaborateurs yn de Frânske letteren kaam by ús, bien étonné soe 'k hast sizze, Jan Piebenga fûleindich op tsjin it troch ‘Hollân’ oplein skriuwferbod: ‘Wy kinne gjinien fan ús minsken, dy't ien of oare jefte meikrige hawwe, misse.’ Sa is 't yn 'e praktyk ek gien. Reinder Brolsma en S.J. van der Molen bygl. dienen al gau wer mei en de oaren folgen sa njonkenlytsen. Yn 't earstoan is oer Douwe Kalma, dy't it yn Lyts Frisia net litte koe tsjin de prikelstôk yn te slaan, noch mannich hurd wurd fallen. Ek hy waard lykwols nei in jier of wat in wurdearre meiwurker fan sawol De Tsjerne as It Heitelân.
Koartsein: de loft like al ridlikgau wat men neame kin suvere. Dat ús dat letter meielkoar wol wat soer opbrutsen is mei bekend stean. Hie 't dochs net better west dat de saak doe oan de grûn ta útpraat wie? Is der net te gau en tefolle oersljochte?
| |
Binne guon eks-delinkwinten net wat te
oerdwealsk wer ynhelle as ferlerne soannen? Fernuvering Dat men, tebeksjend nei in heale ieu, fan de iene fernuvering yn de oare falt seit himsels. Sa is der - om mar wat te neamen - fernuvering as men jin ergeret dat al dat skreppen, skeppen en skriuwen doe mooglik wie sûnder dat der ek mar ien sint oerheidssubsydzje oan te pas kommen is. En fernuvering is der ek oer in ferskynsel dat no folslein âldwrâldsk oandocht: in literêr tydskrift
| |
| |
dat it yn syn desimbernûmers yn it earstoan mar net litte kin en nim dêryn tapaslike krystfersen en -ferhalen op.
En - om ta beslút noch ién fraach te stellen - hoe wie it mooglik dat der har foar de útjefte fan Obe Postma syn Samle fersen doe mar 124 yntekeners oppenearre hawwe?!
Yndied, it wie in tiidrek dat stoffe jout ta gâns fragen. Mar ek ta tebeksjen yn tankberens.
| |
Boarnen
De Tsjerne (jiergongen 1946, 1947), It Heitelân (1946, 1947), De Stiennen Man (1945, 1946, 1947), Podium (1946, 1947). |
R. Boltendal, De Heeren en de anderen (Leeuwarden, 1984) en Koerier tussen gisteren en morgen (Drachten/Leeuwarden, 1985). |
F. Dam, ‘Der bekroning waardig.’ Gysbert Japicxprizen 1947-1973 (Ljouwert, 1974). |
E.S. de Jong, Folk en boek. Utkomsten fan in nijsgjirrige enquête oer it lêzen fan Fryske boeken (Boalsert, 1947). |
J.J. Kalma, De Fryske Biweging op 'e twasprong (Ljouwert, 1946). |
Nôt oan skeaven. Ta de 60ste jierdei fan D.A. Tamminga (Ljouwert, 1969). |
Sj. van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (Ljouwert, 1977). |
F. Schurer, De bisleine spegel (Amsterdam, 1969). |
P. Terpstra en A. Wadman, Dou sjochst it oars as ikke. In briefwiksel út 1944-'45 (Ljouwert, 1989). |
A. Wadman, Mei Abraham fûstkje (Drachten, 1969). |
|
|