Dat moaie boerebestean
Sjoerd Bottema
Us mem woe, heit soe my it melken leare. Heit grommele der wat op om en dêr bleau it by. Hy hie yn it bûthús gjin ferlet fan sa'n lytse bongel oan 'e poat. It hat my nea spiten dat it der noait fan kommen is. Trekkerride, dat fûn ik wol moai. Mar fierder hie it boerewurk my net yn 'e besnijing. Doe al hie ik net folle affiniteit mei de skientme fan it Fryske boerelibben op it Fryske boerelân, sa't Obe Postma dat hast algeduerigen yn syn samle fersen besjongt.
Obe Postma hie - sa giet it ferhaal - in skerp each foar it moaie yn de natoer. Sokken binne der fansels wol mear. Yn de Nederlânske literatuer begjint dat fuort al mei Heynric van Veldeken: ‘Het is goede nouwe mare dat die vogele openbare zingen, da men bloemen ziet.’
‘By de tiid fan it jier soe it passe dat ik bliid wie’, suchtet dy âlde dichter. Mar hy is it net. En dat makket sa'n fers fan Van Veldeken fuortendaliks al in stik nijsgjirriger as de lyryk fan Obe Postma, dy't in fersrigel gauris begjint mei de eksklamaasje: O! Wat dan folget lit him gearfetsje yn twa wurden: wat moai. Postma is de dichter fan de skientme: wat griis wie, jout hy in kleur; dêr't it stonk, rûkt hy odeur.
Dat moaie boerebestean bygelyks. O, dat moaie boerebestean. Wat mocht de lytse Obe graach yn it bûthús toevje! Ja, dat binne moaie oantinkens.
Ik wit noch bêst dat ik it bûthús safolle mooglik mijde: in oarde dêr't it nearzich stonk nei kij en stront en dêr't ús heit - dy't ik mar better net foar de poaten rinne koe - de boemanbaas wie.
By Postma hat de dream, sa skriuwt Teake Oppewal yn syn ynlieding by de Spiegel van de Friese poëzie, net de betsjutting ‘van een ver ideaal, maar van de scherp voor de geest gehaalde blijde herinnering. [...] de blijdschap om het menselijk gewoel (“de cultuur”) staat bij hem naast de vreugde om de natuur.’ Sa is it mar krekt. Yn ‘Al myn libbens freugden’ geie sels pake en beppe it út fan wille as hja ‘hân by hân de jonge maitiid yn 'e mjitte gean’. Obe Postma stond erbij en keek ernaar. En hij zag dat het goed was:
De himmel blau, de sinne klear,
Wyt-en-gielbûnt de âlde finne;
Fan 't east de middeiswaerme wyn
Strykt oer de flakke greiden hinne.
Ensafuorthinne, ensafuorthinne.