| |
| |
| |
Philippus Breuker
Obe Postma: in geskink foar Fryslân
Gryt van Duinen
De lêste tiid hat Philippus Breuker (Skingen, 1939) him yngeand mei it wurk fan Obe Postma dwaande holden. Yn de santiger en tachtiger jierren wie 't noch allinnich yn 't wykein dat de boeken op tafel kamen, mar Breuker rekke hieltyd mear fassineard troch ‘de romte en de tiid’, dy't Postma besloech. Hy begong oer Postma te publisearjen en doe't er heechlearaar wurden wie yn de Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam, krige syn ynaugurele rede de titel: Obe Postma als auteur van het sublieme. Breuker skreau ek de ynlieding op de twatalige blomlêzing, dy't no fan Postma útkommen is. Yn 1998 sil hy in útjefte fersoargje mei opstellen en brieven oer eigen en oarmans literêr wurk fan Postma. Oanlieding genôch foar in petear oer syn fassinaasje foar it wurk fan Obe Postma.
| |
It frjemde
It moat yn 1958 west ha dat ik befreone rekke mei Jan Hoekstra, it haad fan de skoalle yn Skingen. Geregeldwei gong ik dêr hinne en sieten wij oer poëzy te praten. Hij lies dan wol foar út it wurk fan Postma. Ik wit noch it gedicht ‘Yn maart’ (Samle fersen, s. 180), dat de dichter yn 'e wâl siet en dat der in frachtrider nei Ingelum of Dronryp foarbij gong. Dat fûn ik eiglik geëamel.
Ik hold in soad fan poëzy, dêr bin 'k gefoeliger foar as foar romans en ferhalen. Leopold en Lodeizen wienen doe myn favoriten en dat binne se altyd bleaun, oant hjoeddedei ta. En Van Ostayen en Slauerhoff. Roland Holst ek wol, mar dy fûn 'k wol in bytsje ropperich. As ik Leopold lês, is it krekt of tink ik sels. Dat jildt ek wol foar Lodeizen, hoewol't syn poëzy mear nei it absurde giet. Lodeizen hat heel sterk de suggestje fan in oare wrâld. Dat iene sintsje: ‘Deze wereld is niet de echte’, dat is mij altyd bij bleaun. Bij Postma fûn ik dat net, hij wie mij te praterich.
Yn it junynûmer fan De Tsjerne fan 1960 stiet in gedicht fan mij, ‘Sirkus’, dêr blykt út hoe fier ik fan de wrâld fan Postma ôfstie. Hij blykber ek fan mines, want as er dyselde moanne twa gedichten nei it blêd stjoert, seit er derbij dat dit ‘heel wat oars is as dat moderne spul’.
Ik wurdearre Postma om syn Rilke oersettings. Dy fûn ik prachtich en ik wit mij no noch wol te binnen te bringen, wêrom at ik dy sa moai fûn.
| |
| |
Dy geheimsinnichheid dy't der yn siet. Ik haw foar dit ynterview dy gedichten nochris opsocht. Nim no dit bijgelyks: ‘Jûns yn 'e tún stean hja tegearre, / Lang nei it fiere lústerje hja.’ En dan dy lêŝte rigel: ‘In beevjen giet oer de roazen rûn.’ (243) Dat nimt je echt mei. En dan even fierder: ‘It is lang, - it is lang... / Hoenear, kin ik nea net betinke... / Der wie klokkeklang en ljurkesang.’ It is dochs net te leauwen, wat sokke wurden oproppe, dêr bin ik och sa gefoelich foar.
It docht mij ek noch tinken oan in oar skitterend gedicht, in oersetting fan Edna St. Vincent Killag: ‘Wat lippen minen drukt ha - en wer 't wie / Bin ik fergetten, en wat earmen hawwe lein / Under myn holle oant de moarn.’ (364) En dan oan 'e ein: ‘Ik wit allinnich dat yn my de simmer song / In koarte tiid, en no sjongt er net mear.’ Dit gedicht rekket mij sa omdat je wat fan it frjemde erfare. Benammen ek dat je fan jesels frjemd wurden binne. Poëzy, dy't mij wat docht, moat wat fan it frjemde ha.
| |
Unwil om te libjen
Yn myn ynaugurele rede ha 'k net foar neat oer it sublime fan Obe Postma sprutsen. Ik ha dêrmei ek wat fan mijsels sjen litten. Doe't ik jong wie, hie ik net safolle niget oan de werklikheid, ‘Deze wereld is niet de echte’. Der wie bij mij in sterke ûnwil om te libjen. Dat is foar mij essinsjeel.
Doe't ik in jier of fiif seis wie, hie ik it gefoel dat ik ta de deaden hearde. Ik hearde doe in soad fan ús beppe, dêr 't we neist wennen, oer har paken en beppen. Minsken, dy't ik noait kinnen hie en dy't al lang ferstoarn wienen. It wie myn earste yntellektuele foarming, ik moast mij in foarstelling meitsje fan wat foar tiid dat wie en wa't dy minsken west hienen. Ik libbe eins yn in konstruearde wrâld, yn wat dat net bestie. Us beppe hie dy minsken kinnen en ik soe se noait kinne. Dat wie foar mij heel wêzentlik, der wie in oare werklikheid dy't foarbij wie. Dit hat te krijen mei hele djippe yndrukken.
Ik wit bijgelyks noch, ik moat doe in jier as alve west ha, dat ik mei ús pake te fytsen gong en hij mij oanwiisde wêr't syn mem berne wie. Dat wie ûnder Skalsum, in eintsje fan de dyk ôf op dy terp. Hij hat it ien kear sein en wat mij foaral bij bleau is de tagedienens wêrmei't er dat die. Hij sei net: dat moatst net ferjitte, mar ik wist seker dat ik it noait ferjitte mocht.
De gefoelichheid foar dy oare wrâld, dy riedseleftichheid fan dat eardere libben, dat is al heel jong ta myn wêzen trochdrongen en ik fiel mij dus tige nei besibbe oan de dea. Sûnder dat ik der fan dream, it binne gjin nachtmerjes. Ik haw der net lêst fan, mar it is wol in oerhearskjende stimming. Ik haw altyd in beskôgjend type west, en noch, ik lês it leafst. De kearn fan de saak is dat ik dus rasjonalisear, probearje om dy gefoelens te analysearjen en nije gefoelens te ferwurkjen. Der is dus dat ferline en der binne gefoelens, dy't noait foarm krije.
Dy ‘ûnwil’ is letter wat saksearre. It hie ek te krijen mei it idee, wêr haw ik no eins rjocht op, hear ik wol te libjen. Ast jong bist, witst net hoe âld ast wurdst. Ik bin no al âlder as ús heit en ik fiel no, no't ik yn de twadde helte fan de fyftich bin, dat der in sekere rêst oer mij komt.
| |
| |
| |
Troch de skiednis myn maat
Eins sjoch ik oeral it histoaryske yn. Wêrom is dy sleat krom, wêrom bûcht it paad him dêr en wêrom stiet earne in beam? It kultuerlânskip yntrigearret mij enoarm. Dat is dus ek wêr't Postma oer skreaun hat. Syn skiednis fan de Fryske lânbou joech mij bijgelyks in direkt kontakt mei him. Hoe't hij skreau oer it alledeiske libben en de Fryske doarpen. Yn myn boekje Skoalmasters fan Boazum (1967) helje ik Postma oan.
Doe't ik yn 1963 yn Boazum kaam te wenjen, bin 'k daliks yn de skiednis fan it doarp dûkt. It waard in passy, ik siet oant nachts trijen en fjouweren yn de âlde tsjerkeboeken. Dat hat oerweldigjend west. Ik wit noch hoe't ik troch de buorren rûn, doe't ik hjir twa bruorren ûntduts, waans famylje hjir fiifhûndert jier lang, fan heit op soan, wenne hie. Ik sjoch mij noch op dy simmerjûn, ik rûn sa licht troch de buorren...
Doe is Obe Postma mij eigen wurden. It is dochs sa, dat je allinnich mar leaf hawwe kinne wat jesels binne. Der is in wikselwurking, der is in groei, je identifisearje je mei wat je dierber is. Yn it begjin stie Postma fier fan mij ôf, mar troch de skiednis waard er myn maat.
Ik fiel mij net ferbûn mei dit doarp om de minsken mar om de skiednis, hoewol't ik mei guon famyljes in plezierich kontakt ha. Alle kollektive gefoelens mij ik as de pest, ik bin der allergysk foar. Do begrypst wol, it moat bij mij fier weikomme, wol ik mij yn de mienskip op myn plak fiele. Omdat ik de skiednis fan it doarp útsocht ha, mien ik dat ik hjir thúshear.
| |
Fan dy rigels fan Postma
Nim no sa'n sin as: ‘Mar wat west hat is wat oars as wat net west hat’ (214), dat is yndrukwekkend... Of: ‘oeral naamst dat minlik antlit mei’ (98), dat komt mij op it moed. Dat giet oer in boerefeint, dy't alle fammen wol krije koe, mar dy iene net ferjitte koe. Soks fyn ik wêzentlik, ‘oeral naamst dat minlik antlit mei’...
Foar myn grêfstien haw ik fan Postma de rigel keazen: ‘o dream yn simmerlân’ út ‘Oan dy't my lêze sille yn letter tiid’ (207). In pear jier lyn ha 'k de famyljeskiednis útsocht en der in boek fan makke foar de bern. Ik haw dat opdroegen oan Rynkje, mei wa't ik dy dream diel. As motto haw ik it gedicht ‘Foarjier’ (159) nommen. Dat is allegear mei enoarme drompels gongen, ik ha dêr in wiidweidige ferantwurding en in ynlieding en in foarwurd bij makke. En doe't ik mij rekkenskip joech fan it wêrom en fan wat mij boeide, doe kaam ik ta de ûntdekking dat ik dus eins net fierder komme koe as Postma as er seit: ‘It bestean fan minsken, it libben sels.’ (45) Dat is ek wer sa'n rigeltsje... Ik sitear dat net omdat ik niks oars wit te betinken, mar der is net ien dy't dat histoarysk bewustwêzen sa wit út te drukken.
Ik haw myn famyljeskiednis oant 1750 útsocht, it gong mij om it strukturearjen fan myn oantinkens, ik woe sjen litte hokker ferwachtings, ynfloeden en ambysjes út it foargeslacht kommen binne. Letter ha 'k dy fan Rynkje ek dien. Wat mij foldwaning jout is wat te meitsjen fan wat west hat. Dat dat libben wurde kin. Dat is bij Postma ek heel sterk. Postma hat gefoelens neamd, dy't ik nearne oars fyn. Je kinne it net better sizze as him,
| |
| |
somtiden sit je der ticht bij dat je him neilibje.
| |
Drukkende oanweẑichheid
Ik haw ris tsjin Spahr van der Hoek sein, dy't him goed kinnen hat: Ik fiel Postma as in ‘drukkende oanwêzichheid’. En doe sei Spahr: ‘No nee, dat is just in grutte rykdom’. Dêr hie hij gelyk oan, mar Postma wie fansels ek fan Spahr. Hij hie mei him opwurke en skreau Spahr oan as ‘bêste freon’. Postma wie net fan mij natuerlik. Ik tink dat Postma mij ien kear oansjoen hat. Dat ha 'k letter tocht. Net dat ik dêr belang oan hechtsje, mar it feit is wol sa. Miskien dat ik it mar tink, mar goed. It is wol typearjend foar Postma, tink ik.
Philippus Breuker. (foto Jan Holvast)
Doe't ik op de kweekskoalle kaam yn 1957, bin ik al rillegau nei de Kânselarij gongen om dêr op de stúdzjeseal te lêzen. Op dy boppeseal fan de Kânselarij stienen boeken oant de souder ta, in trep stie derbij. Der sieten meast fan dy âlde mantsjes yn de seal. Ik gean op dy trep stean om in boek te pakken en doe seach der sa'n âld man mij oan. Dy earste kear foel mij dat net op. Ik gong sitten te lêzen en ik seach op en dy man seach mij wer oan. En dat gong sa troch en doe ha 'k him och sa oansjoen, doe wie 't gebeurd. Ik fielde mij besjoen en dêr fersinst dy natuerlik net yn. Ik haw dat lang fergetten, in jier of twa lyn skeat it mij wer yn 't sin dat dat gebeurd wie.
It is bekend út syn poëzy dat Postma och sa'n niget oan jonge manlju hat. Dan sjocht er ien oan it meanen of hij sjocht ien op in fyts of yn de haven: ‘Dy mei ik myn freon wol neame’ (194). Hij seit dan dat eachkontakt al genôch is, dan is der al fertrouwen. Dat is in heel aparte ferflechtiging fan de eros op syn âlde dei.
In sekere rem op dy drukkende oanwêzichheid fan Postma wie dat Durk Nota ris tsjin mij sei: ‘Dy Postma, dy skriuwt mar altyd oer itselde; dat kinst net begripe.’ Ik wit noch, we rûnen op de Frouwepoartsbrêge doe't er dat sei en ik haw der allinnich op reageard mei ‘ja’. Ik bin dêr net op yngongen, mar ja Durk Nota heart wol ta de minsken dy't mij wat dien ha. Ik tink dat hij bedoeld hat, je kinne net begripe dat Postma mar net fierder kaam. En dat is yn bepaald opsicht ek wol sa. Fan sosjale tsjinstellings wol Postma neat witte. Hij is yn syn gedichten anty-sosjalistysk.
Wat ik prachtich ûndersyk fyn is ûndersyk dat
| |
| |
it meast konkrete ferbynt mei it grutste perspektyf. Dat grutte perspektyf is der bij Postma net. Hij lit net sjen hoe't de steatkundige en sosjale ferhâldings wienen. It is allinnich de ienheid fan it libben dy't der ta docht. Ik fyn dat hij op dat punt te idyllysk is. En ik hâld fan syn wittenskiplik wurk, sa't ik fan syn poëzy hâld, omdat it it foarbije libben sa klear sjen lit. Hij wit it taastber te meitsjen. Ik hâld fan syn poëzy troch syn skiednis en ik hâld fan syn skiednis omdat er op sa'n poëtyske wize mei de histoarje omgiet.
As er de Halbertsmapriis krijt foar syn lânbouskiednis, seit er: ‘De geast is aktyf bij de wittenskip en passyf bij de poëzij. Bij de poëzij moat it oer je komme.’ It wittenskiplik ûndersyk komt út deselde oandriuw fuort as syn dichtsjen. Sels seit er dat de wittenskip foar him belangriker west hat as de poëzy, úteinlik dus dochs dy eigen aktiviteit.
| |
‘Tsjinje’
Wat ik ûntdutsen haw, is dat Postma syn poëzy net allinnich oer Koarnwert en oer Fryslân giet, mar ek oer Keats, Wordsworth, Lenau, oer Shakespeare en Rilke. Syn poëzy sit fol mei ferwizings nei oare dichters. De dichters, dy't hij leaf krigen hat, hat hij helendal ta him nommen, hij hat him dêr mei identifisearre. Hij skriuwt yn it gedicht ‘Tsjinje’ (208): ‘hoe't ik yn dyn wêzen / My belibje’.
Wat er oernimt hat er earst sels formuleard, faak wol fiif, tsien of tweintich jier foardat er it bij dy oare dichter lies. Hij ûntdekt bij har itselde gefoel, dan lêst er fierder en dan begjint it yn him te wurkjen. Hij giet mei dy oare yn petear en wurdt dan eins ien mei wat hij herkent as eigen. Sa stiet der yn it gedicht ‘It libben dat fergong’: ‘hy dy't oer de tearen fan it wetter strykt, dy draacht har byld’ (141). Frjemde rigel, oant dat ik ûntduts dat hij Keats ta him nommen hie. Shelley hat op it grêf fan Keats sette litten ‘His name was written in water’ en dat hat hij lêzen. Syn namme wie dus yn wetter skreaun, ‘hy dy't oer de tearen fan it wetter rint, draacht har byld’. Dat is dus de wyn. Mei oare wurden, de wyn draacht Keats, dus Keats draacht dy deaden. En as Postma dat dan skriuwt, bedoelt er net allinnich mear dy natueryndruk, mar ek de dichter Keats. En at hij dan yn ‘Oan dy't my lêze sille yn letter dagen’ seit: ‘En 't is net sterker as de minskene hert’, dan is dat heel geraffineard. Dat hat Wordsworth ek sein, dat hat hij wol witten.
Wat der gebeurt is dat hij foar himsels de sensaasje hat, dat er dingen neamt dy't hûndert jier dêrfoar troch in oare dichter ek sa oanfield binne. En dat hij dus seker is dat oer hûndert jier in oare grutte dichter dat ek wer sa oanfiele sil. Hij brûkt dy bylden om him der mei te ferienigjen, yn dy ferieniging sit in leafdeselemint.
Do fregest at ik mij identifisear mei Postma. Dat is, tink ik, dochs wol in ferskil. Ik haw net de oanstriid om mij mei ien te identifisearjen, dat gefoel kin ik net. Ik haw in frij muoisume skiednis mei Postma hân, mar ik kom ta de konklúzje dat ik ferskillende dingen oanfiel en ûntdek dy’t troch de jierren him útdrukt binne. Wol is it sa dat ik boeken keapje, dy't hij ek hân hat. Ik lês Zeller, Shakespeare fan Burgersdijk, Lenau en Eckermann.
| |
| |
Philippus Breuker yn 'e greide bij Boazum: ‘It kultuerlânskip yntrigearret my enoarm. Dat is dus ek wêr't Postma oer skreaun hat.’ (foto Jan Tromp)
Wat ik mei Postma mienskiplik haw, dat leau ik fêst, dat is dat ‘verlangen naar de achttiende eeuw’, sa't Kees 't Hart dat sa moai sein hat. Ik tink wolris dat ik yn myn bernejierren noch wat fan de achttjinde ieu sjoen haw. As ik sa troch it lân kuierje, kin 'k heel goed mei Postma meifiele, dat skeelt net safolle. Mar dy natuer, dy bloeiende prunusbeam, nee, dat fyn ik..., ik sis mei Bloem ‘natuur is voor tevredenen en legen’.
Der komme hieltyd wer mominten dat je it foarbije as it frjemde erfare. De rest is allinnich mar berekkening, foarútrinne op de ûnûntkombere dea. Dat je alfêst út leffens mar swichte, om je der sels bij dellizze te kinnen. Dat sjochst faak as minsken machteleas foar dingen oer steane. Dan krijst faak in grutte rasjonalisaasje. Dat is
| |
| |
jesels wat wiismeitsje. It echte is dat je it belibje as it frjemde.
| |
It sublime
Ja, dat sublime fan Postma, dy ferlangens, dy homoseksualiteit... It is wol dúdlik dat Postma homoseksueel west hat, yn bepaalde formulearringen fan it wurd, mar at je je dêr in foarstelling fan meitsje wolle, is dat noch net sa maklik. It is dúdlik dat syn niget útgiet nei it libben fan jonges, manlju. Hij hat dy typyske manljussfear yn syn wurk. Ik neam it ‘homoseksueel getinte vriendschap’ yn myn ynlieding op de blomlêzing. Fierder woe ik net gean. Postma skriuwt sels ergens fan himsels ‘in libben minske mear as man of frou’ (235).
Dat begearen is wol heel sterk. Sa't homoseksuelen skriuwe oer erotyk, dat lêze je noait fan in heteroseksueel. Kousbroek murk dat sa op bij Kaváfis. Bij Postma is in hele sterke sensualiteit. Syn wurk stiet fol erotyk. Ast no bijgelyks de earste rigel nimst út ‘Peaskemoandei’ (147): ‘Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei’. Dan binne se dronken fan de sinne en it ljocht en sa. ‘Ik bin te âld om dronken te wurden, / Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op 'e jas’. Stekke, soerstâl. En dan de lêste rigel: ‘En bij it bargehok stean ik as in muorre.’ Doe't ik dat ris oan ien fertelde, doe sei dy, dat is seker in ereksje.
Dat frjemde begearen. Dy homoseksualiteit wurdt natuerlik erfaren as it frjemde. En binne jo gefoelich foar it frjemde, dan kin dy homoseksualiteit fan jo dus diel wurde fan dy oanlûkingskrêft fan it frjemde. De homoseksualiteit kin de ynhâld fan it frjemde wurde. Dat kin dus foar him it byld wurde fan it ûnberikbere. Kinst mij folgje?
Ik tink dat de erfaring fan it frjemde it belangrykst west hat. Ta dy erfaring hearre seker de dea en it ferline en ik tink dat seks net sa'n grutte rol spile hat. Mar dat begearen, benammen as hij yn de fyftich is, hat fêst ek te meitsjen mei syn fitaliteit. Dat hâldt letter op. Ik tink wol dat er mei dy begearte muoite hân hat yn de jierren tweintich.
It sublime is de erfaring fan it frjemde en dat is in romantyske opfetting. It sublime hat dominant west yn de keunst yn de tiid fan de Romantyk. It oerkoepeljende begryp foar it hele romantyske tinken is de opfetting dat der in oare werklikheid is, dy't de echte is, dy't wy allinnich mar erfare kinne as we iepen binne; dat we troch ús tinken de grinzen as it ware ferkenne en ferlizze kinne. En dat is wat Postma neffens mij docht.
| |
Wikseljend spul
Postma giet út fan de harmony, mar dat is net wat stabyls. Syn opfetting is dat it nei harmony en ienheid tendeart. Mar dy is der noch net en hij siket nei hoe't it is.
Troch dy enoarme histoaryske kennis kin hij it minsklik libben fan ieuwen en ieuwen oersjen, sadat hij dus in panoramyske blik krijt. Hij stelt him al daliks op as it bewustwêzen dat it libben observearret. De dichter giet yn it skaad fan it hôf sitten en freget oaren him syn luiens net kwea ôf te nimmen (43). En as dat dan ferlinge wurdt yn tiid en yn romte - want hij ûntdekt Noard-Fryslân
| |
| |
en wit dat Amsterdam ek Frysk west hat - dan seit er: ‘Fan tiid safolle as fan romte besloech ik’ (190). Dan wurdt syn bewustwêzen folle riker.
Dus ik fyn net, sa't Geart van der Meer seit, dat it psychysk monisme is. It is net statysk. Van der Meer seit dat Postma alles sjocht as diel fan in hegere ienheid. Neffens mij is dat net sa, hij siket nei de grinzen. It is boartsjen sis mar, boartsjen fan de geast: ‘Sa as de siel ferweecht: in wikseljend spul.’ (141) Dat liket mij in kearnrigel ta.
Hij seit ‘ik haw net oars as de bast fan de stam’ en ‘as it wetter yn de greppels’ (161). Dat binne karakteristike dingen fan him. It bliuwt in ‘wikseljend spul’. Soms seit er, mei Shakespeare yn 'e holle, ‘dat him wat fan it reach fan de oare wrâld sichtber wurden is’ (70), mar fierder komt er net. Ja, dat je dus erkenne moatte, dat dizze wrâld net de echte is, mar dat it dêr ek bij bliuwt: ‘Ik bin no sa âld, ik soe it wêzen fan de dingen sjen moatte’ (161).
Der wurdt op it stuit wat dweept mei Postma. As ik sjoch hoe'sto dy âlde manlju op it tsjerkhôf yn byld brocht hast en sa [útstjoering Omrop Fryslân op Nederlân 1, 30 desimber 1996]. Der is gjin garânsje dat dat sa bliuwt. Dy belangstelling is mei kommen troch de útjefte fan de Samle fersen yn 1978.
It is sa dat hij ek in hele sterke fanklub hat bij de kristlike lju. Net út de dogmatyske hoeke wei, dy wienen kritysk omdat Postma it sûndebesef mist, mar út de ûndogmatyske hoeke wei. Hij jout in religieuze sensaasje, sûnder dat er dêr dogmatyske foarmen foar kiest. It is mij opfallen, dat sawol Geart Mak foar Hoe God verdween uit Jorwerd as Gerrit Krol foar de NRC (se binne beide grifformeard of hawwe dat west) it gedicht fan dy prunusbeam útsocht hat [‘Al myn libbensfreugden’, 324]. Dat fûn ik no net dalik sa'n moai gedicht. It is wol yn de blomlêzing kommen, mar nei diskusje mei Jabik Veenbaas en Teake Oppewal en omdat it troch Mak en Krol in sekere bekendheid krigen hat. Ik tink dat dy minsken in swak foar Postma hawwe fanwege de rigel: ‘O, en faaks is it eat fan de dream fan de fromme / As er de ingels har blanke wjokken iepen tearen sjocht.’ Sjoch, dat is fansels in skitterend byld, mar neffens mij binne kristlike minsken hjir spesjaal gefoelich foar omdat der ‘fromme’ yn stiet. It liket of bringt Postma hjir in religieus elemint yn, wylst dat der helendal net yn sit.
Ik fyn net dat je Postma in religieuze dichter neame kinne. Der is in blomlêzing fan de kristlike poëzy fan West-Europa útkommen en dêr stiet dus ‘Lok’ (81) fan Postma yn, no dat fyn ik echt totaal mispleatst.
| |
In geskink foar Fryslân
Postma hat heel lang yn it Nederlânsk skreaun, yn syn brieven ek. Lang net alles wie Frysk. Hij skreau gjin Frysk om in taaldied te stellen. It Frysk wie de taal fan de minsken dêr't syn leafde nei útgong: ‘Mear as de taal is it libben.’ Hij woe oer it ienfâldige libben skriuwe, syn poëtika wie dêr op rjochte. Dy elemintêre passys koenen it bêste toand wurde yn it ienfâldige libben en net yn de unike persoanlike gefoelens.
Ut dy enoarme geleardheid wei kiest hij hjirfoar, omdat wat fundaminteel minsklik is it bêste
| |
| |
sichtber makke wurde kin yn ienfâldige libbens. Fan begjin oan ôf hat poëzy dy funksje foar him hân. It is heel knap fan him om yn it ienfâldige libben de hertstocht te beskriuwen, want syn poëzy is bûtengewoan emosjoneel. Hoe faak at der net gûld wurdt yn dy poëzy is net te leauwen. In ‘jong feintsje dat stie te skriemen’ of ‘de eagen wurde mij wiet’, dat komst heel faak tsjin.
It ûnoertrefbere fyn ik dat hij in byld fan Fryslân jûn hat. Der sil neffens mij noait wer in dichter komme, dy't sa yn elkoar sit dat hij Fryslân yn byld bringt. Heel frjemd fansels, elk skriuwt ergens oer, oer syn eigen gefoelens, mar hij skriuwt oer Fryslân. It is dus eins in monumint foar Fryslân, der sitte minsken yn, der sit it lânskip yn, der sit de skiednis yn. Ik tink dat der noait wer sa'n dichter komt. We sille dat sa stadichoan mear beseffe, dat der ien kear in dichter west hat, dy't troch in bepaalde achtergrûn besocht hat om in byld fan Fryslân te jaan.
Obe Postma is in geskink foar Fryslân. Hij seit ek dat hij Fryslân leaf hat... Dat is it ûnferfangbere en it unike. Dat is fan fitaal belang foar de Fryske kultuer.
(4 jannewaris 1997)
| |
Neiskrift
‘Dichter Postma leende van Goethe’, sa skrikt de Ljouwerter Krante ús op 21 febrewaris 1997 op: Postma hat foar syn fers ‘De boerinne fan Surch’ bylden brûkt fan Goethe. Breuker kaam it tsjin yn Eckermann syn Gespräche mit Goethe.
‘Ik waard der al even oars fan, doe't ik dat op dy sneintemiddei lies. Dalik ha 'k belle mei in oare Postma-leafhawwer, dy toande him sels skokt. Ik hie wol ûntdutsen dat syn gedichten fol mei ferwizings sieten nei oare dichters ta. Dat dat bij dit earste belangrike fers ek sa wie, wie foar mij nij. Hij brûkt de bylden fan “it appelhôf” en “it earizer dat yn de sinne blinkt”. Ik wit net at Postma yn 1900 de Gespräche al lêzen hie, mar wol dat syn freon Tsjitse de Boer him brieven fan Goethe foarlies. Mar nee, dit is foar mij net in “ontluistering”. Hij docht it út leafde, net út earmoed.’
|
|