sa no en dan ek al hearde, hawwe de boel oernaam en de grûntoan is fuort. At de balling wer yn stilte harket lykas yn it ferline, is neat mear wis.
Yn ‘Balling’ wurdt de wrâld tusken dream, ferline en realiteit beskreaun: ‘It ljocht ferrifelet, kinst oer de kimen sjen. / Ut alle tunen wei komt my ús mem temjitte.’ (s. 51) De balling liket fêste grûn ûnder de fuotten te missen. De regelmaat fan it doarp wurdt besjoen as in frjemd ritueel. De balling hat goed yn 'e rekken dat er allinne is en dat dêr neat tsjin helpt. It iennichste dêr't er wis fan is, is de dea en dy komt as in nachtskip:
op 'e dea stiicht út it rom. (s. 55)
It is it legendaryske skip fol sielen dy't nei it lân fan de dea fan de dea farre dat Baukje Wytsma foarby komme lit. It is oanloklik foar in balling sûnder plak om dêryn te stappen, mar de ‘ik’ docht it net. Yn it lêste fers ‘By in foto’ ferskynt de mem noch in kear yn dy frjemde ‘hast’ realiteit:
De lytse bleek, in stille keamer.
Us mem stiet achter de ligusterhage.
Sy laket, is hast taastber. Hat grif krekt
de gewoane dingen sein: Wiest al wer thús?
Ik glydzje stadich yn it byld werom,
mar bliuw it antwurd brek.
Gjin lûd komt my mear oer de lippen. (s. 57)
De mem is der wol, mar ek net. De ‘ik’ glidet yn it byld, mar it is in byld en it jout gjin lûd. De ‘ik’ kin gjin antwurd jaan op de fragen fan har mem, omdat it inkeld in foto is. It thúslûd is ferstomme no't gjin lûd mear oer de lippen komt. De balling is allinne en de bernewrâld is in lûd wurden dat wol nei thús heart, mar it thús is der net mear. Oan de mem kin gjin antwurd mear jûn wurde.
It thúslûd fan Baukje Wytsma is it lúd út it ferline. It lûd is wol werom te finen, mar de tiid net, hoe tichtby dy soms ek liket. Wat oerbliuwt is it oantinken oan dy wrâld. Se hellet dy bernewrâld oertsjûgjend foar it ljocht, mar ek wat der bart at de minske folwoeksen wurdt en him bewust is fan syn iensumens. Har styl is sêft, mar skerp tagelyk. Se lit de fersen balansearje op 'e râne fan gefoel en ratio, wat ik in knappe prestaasje fyn. Fassinearjend binne ek de bylden dy't se brûkt. In swarte spegel mei duvelske demoanen, de moaie jonge mei de heinderbal fan it sirkus, de âlde froulju dy't achteleas de tiid bewarje yn de tearen fan har hûd en de Grutte Wolf. It binne de tiidleaze figueren dy't archetypysk binne en dy't it ferhaal úttille boppe it nivo fan de anekdoate. Baukje Wytsma fertelt yn Thúslûd in universeel ferhaal en sokke ferhalen kinne noait faak genôch ferteld wurde. Se reitsje de minske djip en dat is krekt wat goeie keunst docht.
-Thúslûd- tink ik at ik yn 'e trein fan Ljouwert nei Grins sit en de fjilden weiwurde yn 'e hjerstsinne. Ik hear it lûd fan de trein, de kranten dy't