ien passazjier nei de wâl en komt net wer werom. Safolle misse wy der ek net oan mei dit tempo fan dellitten.
Ik set my mar wer op de stoel foar de hutte. De Niger is hjir breed en streamt stadich. De manlju yn it wetter kinne harren sûnder muoite steande hâlde. Sa tsjin de middei rekket de boat wer los. De motors slaan oan en it lânskip begjint te bewegen. It op it earste gesicht amateuristyske skeppen fan de manlju hat dochs fertuten dien.
Tiden sit ik oan de reling en sjoch it lânskip foarbykommen. Net dat it bjusterbaarlik ynteressant is. It is flak en foar it grutste part begroeid mei beammen of strewelleguod. Sa fan it midden fan de rivier ôf liket de iene beam fertocht folle op de oare. In palmbeam ken ik der noch wol út, mar of it no in akasia, gombeam of jehannesbôlebeam is, kin ik fan safier ôf net sizze.
Foar de hutte neist dy fan my sit in jong stel mei in ghettoblaster te harkjen nei goedkeape disko. Sy hat in tradisjonele Afrikaanske boubou oan yn felle kleuren, hy in koarte broek mei in syljack. Harren dochter fan in jier as trije rint yn in tuttich broekje mei rûseltsjes en it opskrift Coca Cola. Kompleet mei earbeltsjes, earmbantsjes en sels in bantsje om de mul. Se geane op yn it lok fan harren eigen lytse famylje.
Sa út en troch farre wy in doarpke foarby. Froulju binne drok oan it wurk oan de kant by it wetter. Klean moatte wosken wurde, itensierderspannen wer skjin en inkeld binne sy ek sels oan bar. Ik skodzje myn holle. De minsken moatte hjir sa wrotte en wat smyt it op? Faaks net folle mear as wer in dei fierder yn it libben. Ik fiel my krekt Oblomov. Ik bin no al wend oan it neatdwaan en wurdt al wurch as ik nei al dat gewrot sjoch.
As it doarp wat grutter is as gemiddeld leit de boat oan. Oant Timboektoe ta sil dat sa'n acht of njoggen kear wêze. It oanlizzen is gjin opûnthâld, it tsjindiel. It is fermaaklik te oanskôgjen hoe't de boat yn- en útladen wurdt. Meastentiids kin de boat net hielendal by de kant komme en moat in loopplanke de ôfstân oerbrêgje. Dragers, keaplju en passazjiers moatte oer dy iene planke, in breedte fan sa'n sechstich, santich sentimeter. En net sizze fan earst alles fan board en dan pas wer lade. Nee, gewoan allegear tagelyk: mei lading, iten en bagaazje tsjininoar yn oer in smelle planke. Nei in oere is alles min of mear te plak, neat is yn 't wetter fallen en de boat kin wer fierder.
Dan hat men it handiger oanpakt yn Ségou. De jûns fan de earste dei lizze wy oan yn it nije part fan de stêd. De Frânsen hienen hjir, op tsien kilometer fan it troch de skriuwster Maryse Condé ferneamd wurden âlde Ségou, harren bestjoerssintrum en noch hieltiten hawwe in soad oerheidsynstânsjes sit yn grutte, faak protserige gebouwen oan statige griene leanen. Sa as it in nije moderne stêd foeget, hat Ségou in driuwende kani. Dy giet mei de wetterstân fan de Niger mei en de boat kin dus altiten oer de folle lingte oanlizze. Gjin gepiel mear mei in loopplanke.
De boat leit wol in pear oeren yn Ségou en dêrom weagje ik my op de kaai. Ik nim plak op in grutte kiste en sjoch hoe't it feest fan laden en