Trioel
1998: It jier fan de digitale Fryske skriuwer?
Albertine Soepboer
De trochsnee Fryske skriuwer sil swier depressyf it jier 1998 yngean. Fryslân mei dan neffens guon pommeranten yn 1998 fiifhûndert jier bestean, foar de skriuwer is dat perfoarst gjin reden om in feestje te fieren. De situaasje wie al net bjusterbaarlik, mar de ûntwikkelingen yn 1997 sille him net fleuriger makke ha.
Wat hat '97 him brocht? Yn febrewaris mei er mei kleurich petsje op dûnsje op it Boekebal. Yn maart komt de Letterenotysje fan de Provinsje Fryslân dêr't ynstiet dat se net mear as f 13.000 oan finansjele stipe oan him útjaan wolle. Yn april kondiget dyselde Provinsje oan dat Frysk en Frij gjin subsudzje mear krijt, wat foar de skriuwer in ûnôfhinklik poadium en in boarne fan ynkomsten minder betsjut. Yn de grutte fakânsje ferklearje de AFUK en de Friese Pers dat se miskien wol gearwurkje wolle en sa kloppet de fúzjegeast fan Murdoch op 'e nij op 'e poarte fan Fryslân. Yn septimber mei de skriuwer wer foar de sutelaksje opdrave om achter de kroade hast yn syn depressy te smoaren en him ôf te freegjen oft er de krystdagen wol helje sil. Want ynhâldlik en finansjeel sjoen is de skriuwer yn '97 hielendal neat opsketten, nee, hy is der dik op achterút gien...
At er him konsintrearret op de dingen dy't noch oerbliuwe, sil er meastentiids net sa lekker op bêd gean. Hy kin syn ferhalen nei de F-side opstjoere, mar dat hat net folle te krijen mei kwaliteit. Hy kin de Freeds-bylage lêze om him op te skerpjen, mar hy sil pine yn 'e harsens krije fan it polemysk nivo en sil om 'e nocht sykje om up-to-date stikken. Hy kin in skriuwerskursus folgje by it FLMD, mar folle wizer sil er dêr net wurde. Wanhoop, dat is de takomst yn 1998 foar de Fryske skriuwer.
Mar der is ljocht. It is in oplossing dêr't er net ryk fan wurde sil en dy 't him sels sa'n f 35,- yn 'e moanne kostet. Mar dan kin er wol in folslein frij en sels anargystysk skriuwer wêze. Hy kin in eigen tydskrift opsette, polemiken fiere en lêze wat er mar wol. En dat kin allegear mei in abonnemint op it Internet. Foar de skriuwers dy't noch net op 'e hichte binnen: Internet is in wrâldwiid netwurk fan kompjûters en oare netwurken. Kinst dy oanslute op Internet asto in kompjûter hast mei in modem, in tillefoan en in abonnemint by in saneamde ‘provider’ dy't ek foar de gebrûksoanwizings soarget. De gekste ynformaasje is op it Internet te finen en ek skriuwers hawwe der in plak op fûn mei eigen siden (homepages) dêr't se har teksten op kwyt kinne. Kinst ek in elek-