Trioel
Libje de wite skimmel!
Henk van der Meulen
Der is yn Fryslân in keppeltsje minsken dat - mei stipe fan it provinsjebestjoer - op krústocht is tsjin de wite skimmel, de mei wite wenten folboude nije steds- en doarpswiken. Soksoarte útwreidings skeine neffens har it Fryske lânskip en taaste benammen it karakter fan ús doarpen te bot oan.
No falt oer smaak net te striden, mar is sa'n rabiate feroardieling fan dy wite wenwiken wol terjochte? Tajûn, net al dy nije buerten binne foarbylden fan heechweardige en ynvintive doarpsen stedsplanning en de nije huzen binne ek al net allegear architektoanyske keunststikjes, mar binne de wenwiken dy't earder yn dizze ieu delset binne, dat wol? Perfoarst net. De folkswenningbou fan foar de Earste oant mannich jierren nei de Twadde Wrâldoarloch hat ommers laat ta benearjende buertsjes mei oan beide kanten fan de smelle strjitsjes rigels wenninkjes mei rook noch smaak. Frijsteande wenten - noch altyd karakteristyk foar de doarpskearnen - waarden op ‘toplokaasje’ boud foar minsken dy't finansjeel in fin mear hiene as in bears.
Mei it tanimmen fan de wolfeart foar stees gruttere befolkingsgroepen binne ek de húsfestingseasken feroare. Men wol romte en ljocht yn en om huzen mei alle hjoeddeiske komfort. It grutte ideaal foar party minsken is in frijsteande wenning mei as it in bytsje kin in aardich útsicht. En it is dan ek net sa frjemd dat der in grutte flecht is op sokke huzen.
Nijbouwiken mei yn haadsaak frijsteande wenningen foldogge gewoanwei oan in legitym en honorabel ferlet. En wat soe it dan dat der de ôfrûne jierren in foarkar ûntstien is foar it bouwen fan wite huzen? It is heechhertich om dizze tendins ôf te dwaan as in te fersmiten moade of goarre. Soe it ek in kwestje wêze kinne fan oanwinnende estetyske opfettings? Wat is der yn 'e goedichheid tsjin wyt? Is de deade reade bakstien fan de foaroarlochske evangelisaasjegeboutsjes safolste moaier? Om mar te swijen fan de earmoedige giele stien dêr't hiele wiken nei 1945 fan opboud binne. Wêrom soene wite wenningen yn it bûtenlân yn ûnderskate lânskippen wol goed bylkje en hjir net?
De anty-wite-skimmel-maffia eamelt oer it skansearjen fan doarpsbyld en lânskip. Mar dan ken ik noch wol in pear. Feitlik binne tsjerketuorren de earste hoarizonfersmoargers, folge fan fabrykspipen en Amerikaanske wynmûnen dêr't men no sa dierber oar docht. En de lêste tiid wurdt lânskip yn 't foarste plak oantaast troch de beton-ereksjes fan de hast op elk boerehiem