tyk soe fan sokke gefolgen wêze dat dan de diskusje oer de taalnoarm ferdwynt?? In riddenaasje dêr't mar ien wurd foar bestiet: lulkoek.
Ik wol bêst wêze dat ik foàr it hantearjen fan in taalnoarm bin, mar dat hat mear mei in fyzje op literatuer te krijen as mei myn bewegingseftergrûn. Mar foar in fyzje op literatuer komme jo by De Jong ek foar de winige doar. Akkoart, literatuer is dan ‘net yn earsten [sic] om de minsken better Frysk te learen’, mar is it no ‘as it goed is, in ôfspegeling fan it libben’ of dochs ‘û.o. om de minsken te konfrontearjen mei in oare wrâld’? Graach wurd ik dêr noch ris better oer foarljochte, mar ik wit wol dat literatuer net sûnder beskate foarmjouwing kin, ek taalkundich net. Oars sein: literatuer is altyd yn in taal, en heart dus ek oan in beskate taalnoarm te foldwaan. Dêr sit neat bewegerichs by, it is gewoan in kwestje fan definysje: wat is noch al Frysk (Hollânsk, Ingelsk, Sineesk), en wat net mear. Foar alle dúdlikheid: sa'n noarm wurdt úteinlings troch de brûkers fan in taal fêstlein. As in fers of in ferhaal of in boek net mear oan sa'n noarm foldocht, sjogge de. bygelyks Fryske, brûkers it net mear as in tekst yn harren taal, en hoecht it ek gjin literêre pretinsjes mear te hawwen.
Wêr't no presys de grinzen lizze yn sokke kwestjes, dat feroaret, om't taal altiten feroaret. Dat is dan ek hielendal net spitich, sa't Sietske de Jong hawwe wol. Wat al spitich is, dat is it feit dat der yn Fryslân sa'n lyts bytsje oan it ôfbeakenjen fan de grins tusken Frysk en net-Frysk, in taalnoarm dus, dien wurdt. Dan krije jo tastannen dat de iene inkeld Frysk fynt wat er sels brûkt, nûmer twa hâldt de taal fan syn heiten-dy yn eare, en nûmer trije klampt him fêst oan it wurdboek. Elke Fries syn eigen noarm. It past fansels prachtich yn 'e idéolegy fan 'e Fryske frijheid, mar sa falt it net ta om in boek te skriuwen dat troch in grutte groep Friezen bejubele wurde sil. It wurkjen oan sa'n noarm is nammers net de ferantwurdlikheid fan skriuwers of bewegers, mar fan it Ministearje fan Underwiis. Mar it direkte belang by sa'n noarm hawwe de skriuwers, as se teminsten lêzers oerhâlde wolle. Meskien dochs net sa'n goed idee, dy ferbrekkerij fan Schurer?