Boarst foarút, noas omheech, kuorke yn 'e hân en de stap deryn. Wat sille wy no beleve! Wa wurdt of is hjir no gek? Ikke net! Sa'n hâldinkje. Op subtiele mar tagelyk ek yntegere wize beskriuwt Peanstra it demintearringsproses fan beppe Anne, dat hiel ûnskuldich begjint mei it net op it plak setten fan in flesse molke. En as beppe net mear wit wêr 't it ljochtknopke op de oerloop sit, tinkt Sanne ynearsten dat beppe in toanielstikje docht. Sanne moat der om laitsje. Begrutliker wurdt it as beppe seit dat pake in stikkene kapstok wol eefkes meitsje sil. Sanne seit dan ferbjustere: ‘Mar beppe, dat kin dochs net, pake is stoarn.’ (s. 9) Sanne moat der om gûle. Tusken dy twa útersten, laitsje en gûle, leit in spanningsfjild dêr't pasjinten mei de sykte fan Alzheimer en de neiste omjouwing har yn bewege. It dwaan en litten fan beppe Anne liedt ta komise en soms ek fertrietige situaasjes. Mei in protte begryp wurdt bygelyks skreaun oer hoe 't beppe op in gegeven stuit ferdwaald: ‘Wat docht beppe hjir? freget Sanne wer. “Dat wit ik net”, seit beppe fertrietlik. Se skoddet in pear kear mei de holle, dan krijt se Sanne by de jas beet. “En ik wit ek net hoe't ik hjir wer weikomme moat, ik rin hjir al in hiel skoft om. Ik kin it paad nei hús ta net mear fine.” “Mar dat is dochs hiel maklik, beppe,” seit Sanne, “ik wit it wol, kom mar mei.” Se krijt beppe by de earm en sa rinne se nei beppe har hûs ta.’ (s. 18)
Nei dizze emoasjonele sêne folget dan wer in folle luchtiger passaazje. Beppe giet ûnder de dûs mar it wol net hielendal sa't it âld minske wol. Beppe ropt: ‘Kinsto my ek eefkes helpe?’ Helpe? In bleate beppe helpe te dûsen? Nee, dêr hat Sanne gjin nocht oan. Beppe har bleate kont ôfdroegje, tink. Se sjocht wol út!’ (s. 18)
Sok praat fine bern fansels tige komys en de tekening dy't Karin Poiesz oer dat foarfal makke hat jout de healwize situaasje fan ‘beppe mei de sokjes oan ûnder de dûs’ treflik wer.
As beppe op in moarn it gasstel iependraaid hat, mar ‘fergetten’ is om it oan te stekken, rekket se út 'e tiid en yn it sikehûs. Beppe oerlibbet it akkefytsje, mar har bern nimme gjin heale maatregels. De húsdokter wurdt ynskeakele en beppe komt amper sân moanne nei har sikehûsopname yn in fersoargingstehûs terjochte. As beppe yn it fersoargingshûs sit is it suver oandwaanlik dat se sa wiis is mei har ‘Pytsje’, in fûgeltsje fan stof dat Sanne op har jierdei krige hie, mar dat no troch beppe yn besit nommen is. De yntegraasje fan bern yn in fersoargingshûs komt tige realistys en aktueel oer: Sanne en Femke helpe tidens de beuzichheidterapy.
Ta beslút noch eefkes in opmerking oer it perspektyf dêr 't it ferhaal út wei skreaun is. It is skreaun út 'e optyk fan beppesizzer Sanne wei. Dat ferheget fansels de identifisearringsmooglikheden foar it jonge lêzerspublyk (‘Foar bern fan 8 oant en mei 11 jier’) Ik bin der oars net sa wei fan as der eksplisyt in einleeftyd yn boeken oan jûn wurdt. Leaver as de leeftydsyndikaasje seach ik dat it saneamde AVI-nivo fermelden waard (AVI-toetsen wolle mei help fan koarte teksten mjitte hoe't bern technysk lêze kinne). Auck Peanstra hat mei ‘Yn piama de dyk oer’ in treflik boek skreaun, dat geskikt is foar jong en âld!