wurde woest.’ (s. 160) Dat liket meager, mar de skriuwster hat Teake dan al sadanich delset, dat de útlis no wol yn 'e lêzer del wol. En mei aksepteart er ek de earste ‘ûnwierskynlikheid’.
Oer Bilker har styl en wurdkar is ek noch wol it ien en oar te sizzen. Dêrby soe ik ûnderskie meitsje wolle tusken har taalgebrûk yn it algemien en har taalgebrûk as spesifyk Frysk skriuwster, al binne se net altyd te skieden.
It is wûnderlik om te sjen dat in skriuwster dy't op kundige, libbene en fariearde wize mei de taal omgean kin, bytiden ek nuvere stekken falle lit of yn algemienheden ferfalt. Yn 'e sin ‘Se hie it dochs alles sa goed foarinoar hân’ (s. 19) hie it wurd ‘it’ skrast wurde moatten of it wurd ‘alles’ ferfongen troch ‘allegear’. Yn 'e formulearring ‘sinnebrân foar it strân fan L.A.’ (s. 20) mist it wurd ‘op’. It wurd ‘oer’ hie ynfoege wurde moatten yn 'e sin ‘En watsto hjir ynbringst is ek net om nei hûs te skriuwen.’ (s. 45) Op side 32 stiet de sin: ‘Mei syn meske snijt er fluch it plakbân troch, hellet de bân derút, lit dy yn 'e fideo skowe en sakket del yn 'e rookstoel.’ Op himsels in korrekte sin, mar út it ferhaal docht bliken dat de persoan sels de bân yn 'e fideo skoot; ‘skowe’ hie dus ‘gliidzje’ wêze moatten, of sokssawat. Te algemien, want al te maklik oanslutend by it jargon fan jan en alleman, binne wat my oangiet: ‘Do sitst yn 'e lift’ (s. 8), ‘in(?) plan de kampanje’ (s. 15 en 26), ‘mei de moed der wanhope’ (s. 29), ‘yn 'e race nei de top’ (s. 32), ‘wannear't André it pân ferlit’ (s. 37), ‘de hearen fan 'e skepping’ (s. 60), ‘it moment suprême’ (s. 128), ‘in saillant detail’ (s. 153).
Ik hear net by de minsken dy't by in Fryske tekst wurden út oare talen safolle mooglik keare wolle. Ik fyn al dat se dan, ynhâldlik of suggestyf, wat tafoegje moatte. Dat is by Bilker net altyd it gefal. Benammen as se Ingelse wurden brûkt, klinkt it allegear al gau te modieus. De útrop ‘Yes!’ (s. 127) hie myn kar net west, mar ik moat tajaan dat ‘Ja!’ in oare lading hat. Dat is amper sa by de Ingelse wurden yn 'e sinnen ‘Mar ik bin net sa happy mei wat der niis bard is’ (s. 96) en ‘Ik hie der op tidige dat ik de hiele story net hielendal út 'e doeken hoegde te dwaan’ (s. 158). Hjir hie de skriuwster better de wurden ‘gelokkich’ en ‘ferhaal’ brûke kind. Want it minime ferskil yn lading tusken de Ingelse en de Fryske wurden fergruttet ûndertusken wol de opperflakkichheid.
Bilker hat in gelokkiger hân as se Fryske wurden troch Nederlânse ferfangt. In pear foarbylden: ‘Nei it stasjon en weg’ (s. 19/20), ‘Nee maar, goede mem Baukje hie dochs it beste mei har bern foar’ (s. 36), ‘Foar in fanke fan fjirtjin soe dat faaks wol it einde wêze’ (s. 56).
In pear kear sit Bilker mei har Frysk te ticht op typys Nederlânse foarmen. Dan ûntsteane dingen as ‘it is fansels ek net neat’ (s. 29), ‘Sokken wol se net yn har klasse’ (s. 58), ‘dy't yn it midden rûn’ (s. 77) en ‘ik ha op wei west nei hûs ta’. Se geane yn tsjin it Frysk eigen en tsjin myn taalgefoel, mar dy lizze út soarte beide net foar ivich fêst. Fiif jier lyn hie ik ‘Har dei koe net mear stikken’ (s. 126) ek noch yn it rychje opnommen, mar it is hurd Frysk wurden. Klear.