yn 'e Ynlieding fan it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer it tsjinoerstelde stânpunt yn: ‘Sa sil wat iepentearde yn 'e ûnderwâl altyd mei begryp lêzen en hifke wurde moatte.’
Nettsjinsteande de myldens dy't er bepleitet, is Dykstra oer it generaal sunichjes yn syn oardiel en bytiden strang: ‘Hy naam skerp waar, mar foege neat fan himsels ta, net in wurd dat ferraste, net in gjalp út syn hert. Hy wist in soad, mar miste in eachweid. By al syn grappigens bleau er droech.’ (oer Waling Dykstra) len kear lykwols rekket er hielendal út 'e skroeven: neffens Dykstra soe Fryslân him hjoed de dei hiel oars uterje as Gysbert Japicx, ‘de grutte grûnlizzer, der net altyd west hie om op werom te gripen en om de neiteam hieltyd op 'en nij te besieljen.’ It liket my sterk. In fromme winsk fan Klaes Dykstra, tinkt my, en moai sein, en dêr is alles mei sein: de Folsleine Wurken fan Gysbert Japicx steane by lange nei net by elkenien op 'e planke en wurde komselden lêzen.
It jier 1960 of dêromtrint is neffens Dykstra in kearpunt. De Fryske literatuer waard no net langer dominearre troch it ‘Frysk-eigene’. Wat Fryske skriuwers fan nei 1960 ‘noch ûnderskate fan oare moderne skriuwers, wêr dan ek op 'e wrâld, wie yn begjinsel inkeld en allinne de taal.’
‘It jier 1977 is net in brek yn de Fryske literatuer,’ skriuwt Oldenhof yn syn ‘taheakke’. It binne de bekende nammen, by Dykstra ek al te finen, dy't de toan oanjouwe. ‘Foar de gearhing yn de beskriuwing fan de skriuwers hie der wat foar te sizzen west en wreidzje de skôgingen fan Dykstra út, mar fanwegen it ferskil yn fyzje en styl (...) wurdt it lettere wurk fan dizze skriuwers yn de taheakke apart behannele.’
Dat ferskil yn fyzje ha ik net achterhelje kinnen. Wol is it opfallend dat it oardiel fan Oldenhof mylder is as dat fan Dykstra. Wêr't Oldenhof oardielet, is er posityf, en fierder hâldt er him op 'e flakte.
It ferskil yn styl is dúdlik: Oldenhof skriuwt folle tagonkliker as Dykstra. It sil der ynearsten wol net ynsitte, mar in op 'e nij redigearjen fan de perioade foar 1977 is in driuwende saak, wol it hiele boek - en net allinne Oldenhof syn taheakke - yn 'e praktyk ek wêze wat Klaes Dykstra yn 1977 yn syn ‘wurd foarôf’ skreau: ornearre foar gebrûk yn skoalle en hûs.
S.B