human interest (trije kear kanker, in petear twa wiken foar't de skriuwer stoar, in strange heit, it parfum fan in dichteresse), mar ek tige nijsgjirrige útspraken oer poëzij en de twang ta skriuwen. Sa seit Baukje Wytsma: ‘Dichtsjen is in soarte fan geastlik nudisme, tink ik. Do moatst dysels earst ek dúdlik bewust wêze oftst dysels wol sa op de dyk smite wolst. (..) De skieding tusken geastlik nudisme of ekshibisjonisme is dan hiel lyts ja.’
Henk te Biesebeek is net in ynterviewer dy't in skriuwer de romte jout om mar troch te praten. Hy besiket in petear te stjoeren sa't hy it yn gedachten hat. In werklik nijsgjirrich petear ûntstiet as in skriuwer dêr wer tsjin yngiet. Foarbylden yn dit boek binne Akky van der Veer en Rink van der Velde. Mei skriuwers dy't net sokke praters binne (Eppie Dam, Harmen Wind) komt ek Te Biesebeek net folle fierder.
It moaiste fragmint is wol fan Aky van der Veer, dy't fertelt hoe't sy jûns let werom komt fan 't skriuwen (yn in âlde karavan) en dan troch de plysje oanhâlden wurdt om't sy harren fertocht foarkomt.
It hat in bêste set fan de útjouwerij west om dizze petearen út te jaan. Spitich is wol dat it foar it grutste part wer deselde skriuwers as altyd binne, en dat de jongere skriuwers (Jetske Bilker en Cornelis van der Wal om der marris twa te neamen) net oan bar komme.
D.S.