ne we opnij begjinne mei uus an te possen. En de nije taalwarders mar wer ferbetterje: - Dus wot seze we no yn ut Frysk...? Just: litte gewudde!’ Yn syn eigen klasse hat ‘meester’ Dam ûnder 33 bern fan tsien oant tolve jier in ûndersykje holden nei har kennis fan ferâlderjende, geef-Fryske wurden. Ut it resultaat blykt yndie sa klear as kristal dat taal feroaret en dat dêr gjin hâlden of kearen oan is. Fan de 33 bern wisten mar seis de betsjutting fan ‘boesgroen’ en ‘muoike’ (in wurd dat Dam sels út prinsipe noait brûkt); dat ‘merke’ ‘kermis’ betsjut, wist mar ien bern en mei ‘kjel wurde’ koe hielendal net ien út 'e fuotten.
Dam leit himsels ta op it skriuwen fan ‘natuerlik’ Frysk en giet dêrby it brûken fan hollannismen net altyd út 'e wei. Grouwélichheden as it ûnder Frysk-praters algemien gebrûklike ‘sich’ en ‘hun’ komt men by him lykwols net tsjin. Nettsjinsteande syn argewaasje oer de stive poat fan de taalwarders lûkt ek Eppie Dam syn grinzen. It is by him lang net allegear ‘natuerlik’ Frysk. Sa brûkt er bygelyks it âldfrinzige ‘smoke’ ynstee fan ‘roke’, ‘betingst’ ynstee fan ‘foarwearde’ en hat er it hiel puristysk oer ‘line’ ynstee fan ‘lijn’. Op side 151 brûkt er sels it hyperkorrekte geef-Fryske ‘parkearje’, dêr't it gewoan ‘parkeare’ wêze moat. En it natuerlik Frysk dat praat wurdt yn de film De Vuurtoren giet him eins te fier: ‘It hat der in soad fan wei dat de makkers fan 'e film trochsketten binne yn har huver foar it boekjefrysk.’ It bliuwt - subjektyf - skipperjen tusken dat geve en dat natuerlike Frysk. Ek by Eppie Dam, dy't net rookt mar smookt, ek al seit er út prinsipe noait muoike.
Tsjinstridichheden kin men by Dam wol faker op it spoar komme. Sa seit er op side 46: ‘... ik ha gjin leafde foar it Frysk, krekt sa min as ik leafde ha foar wat foar taal dan ek. (...) Taal is neutraal. (...) Taal is op harsels net moai.’ Mar op s. 97 skriuwt er (oer de F-side): ‘Wêrom moatte wy mei it Frysk op 'e knibbels? (...) Fryskje, sjoch ris yn 'e spegel, leave - do bist noch altyd moai út dysels.’ Yn syn pleit foar it ‘moaie’ fan wynmûnen komt er mei de stelling dat ‘moai’ miskien wenne moat en dat we noch net genôch tiid hân ha om oan dy nije wynmûnen te wennen en se moai te finen. Mar even letter jout er ta dat guon dingen noait wenne: ‘De fierljepper fan Drachten bliuwt in ûnding, hoe faak as ik der ek ûndertroch ryd. En in ramp binne de nogablokken op it Haskeplein yn Balk. Ik wenje hjir al jierren, mar wenne docht it noait.’
Kranten en tiidskriften binne der fan ferjûn. In himsels respektearjend blêd kin der net sûnder: columnisten. It binne oer it generaal lju dy't in soad argewaasje ha fan suver alles en elkenien. Guon witte har argewaasje te sublimearjen ta moaie skerpe stikjes: Gerrit Komrij, Jan Blokker, Trinus Riemersma. Eppie Dam heart foar my ek yn dat rychje thús. Prachtich bygelyks is de literêre delslach fan syn argewaasje oer de Fryske Skriuwersalmanak, dêr't nochal wat ‘skriuwers’ yn opnommen binne, ‘dy't yn tsien jier tiid twa meditaasjes, oardel koart ferhaal of in heal sonnet skreaun ha.’ Dam yntrodusearret de skriuwer Ben Zeeniv, dy't net yn 'e almanak opnommen is, wylst er yn 'e lêste tsien jier behalven in biobrief, in reisalinea, in kwatryn, in aforisme, in