De ‘argewaasje’-gospels fan Riemersma
Oer: Trinus Riemersma, Argewaasje fûn, argewaasje jûn, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1997 (priis: f 27,50)
I've met those blank Frisians
I've met that goddamned people
‘Ik zou wel in het Nederlands / willen schrijven / as it net sa'n kloatetaal wie’ skriuwt Trinus Riemersma yn Fers 29 yn de sammelbondel fan syn 100 Fersen Argewaasje fûn-Argewaasje jûn, dy't fan 't jier by de KU útkaam. Want yn it Frysk skriuwe, dat is Riemersma syn grutste argewaasje yn de bondel. ‘Jim literatuer / hear ik net by’ (Fers 46) dichtet er en hy wol der ek net by hearre.
Hy hat de fersen skreaun tusken 1968 en 1973 en doe al wie Riemersma op 'e syk nei de grutte deadsfijân dy't him de ynspiraasje jout om te skriuwen. Mar dy is yn Fryslân net te finen, want it binne allegear ‘mar kloaten deagewoane kloaten / dy't ek noch aardich binne’. (Fers 29) En it binne dy noflike kloaten dy't de Fryske taal en kultuer stjerre litte.
Emigrearje en sniebalje op de súdpoal, dat is wat Riemersma as de nije himel sjocht. Yn in pear Amerikaanske gospels bejubelet er yn de bondel syn lot. ‘Lord of Heaven I did / I was in Friesland last year / I've seen the troubles / o Lord let your servant go’ (Poem 43). The Lord's Servant hat syn Fryske wurdboeken al ynpakt, sa't er ree is foar de sûndfloed dy't Fryslân fersûpe sil. At de Ark fan Trinus wer droech leit tichtby Ferwert, sil ús Servant útstappe en oer Fryslân, syn ‘ill mother’, sjonge:
perhaps I'll say to my grandchildren
- yes I'm a Frisian sometime I spoke Frisian
listen: heit mem lân folk leafde -
and then mother I'll not feel ashamed
when I've grown old and you are dead (Poem 19)
Mar om't er noch altiten libbet yn it bêste lân op ierde, gospelet er him moed yn yn Poem 25. ‘And I'll be free at last / free at last from the chains /