Wy dûnsje, boppe-natuerlike diminsje
Oer: Itty Sluis, Wy dûnsje, Utjouwerij Fryslân, Ljouwert, 1997 (priis: f 22,50)
Itty Sluis is in skriuwster dy't mar in bytsje nocht oan it gewoane realisme liket te hawwen. Gauris krijt by har in ferhaal in ekstra, boppe-natuerlike diminsje. Pratende en tinkende haskes, in frou dy't ynienen krekt sa heech en fier sjen kin as in rôffûgel, in reis op 'e rêch fan in ko binne dêr foarbylden fan. Wa't Winnie de Poeh bernich fûn kin better net oan de bondel Wy dûnsje begjinne.
Sluis hat in grutte kennis fan de natuer en skriuwt dêr ek tige oertsjûgend oer.
As it hûs fier genôch achter har leit, hellet se de kap fan de fûgelkop ôf. Har earm makket in flugge beweging, se goait it bist omheech, eaget him nei. As in strateech fljocht er boppe in keppeltsje dowen. Se sjocht hoe't er falt en draaft der op ta.
Spitigernôch is de opbou fan har ferhalen faak breklik. Sa krijt in tige spannend ferhaal as ‘Yn de Lotdelte’ in slot dat it hielendal bedjert. ‘Reade wikel’ is sa fragmintarysk dat it út inoar falt. En de mear psychologyske ferhalen út it boek, bygelyks ‘Monolooch’ en ‘Konfrontaasje’ binne de dizige kant it neist en oertsjûge net. ‘Seemearmin’ is wol in moai ferhaal, mar hie eins wol in echte novelle wurde mocht, no giet Sluis efkes te koart om 'e bocht. De twa bêste ferhalen binne ‘De spear en de fûgel’ en ‘Oerwintering op Gauster Syl’. Yn beide is de natuer sa'n sterke,