dêr de froulju út har apaty, skoddet se wekker en trúnt harren oan ta aksje. Doete Venema skilderet Lizette as in grutske, ûntagonklike amazone, ‘slank, grut, moai’ en ‘mysterieus’, in ‘garismatyske persoanlikheid’, in ‘liedster’, mei in grouwélige bouvier dy't net fan har side wykt en in pistoal op it boarst, in baas frommes dat de manlju stiet, yn it doarpsfermidden likegoed as letter yn it bûtenlân, dêr't hja belutsen is by ‘aksjes’ tsjin ûnwillige ‘macho's’. In wat stoefe, yn harsels kearde frou, yn wa't lykwols it fjoer fan 'e striid lôget. As hja ien kear op dreef is, dan swypkje de sweeping statements samar oer de tafel: ‘De measte manlju jeie achter in karriêre oan of oare materiële doelen en pas as se swak, siik of mislik binne, sjogge se dat der ek noch wat oars is. (...) Asto al dy harsensplassen fan manlju ris iepenklaptest, soest achteroer falle fan skrik. Witst watst dêr sjochst? Dêr sjochst wat harren driuwt. In poarsje machtswellust, in poarsje sekswellust en in poarsje gemaksucht.’
Dy felle, striidbere frou falt suver net te rimen mei de gesellige kwek dy't Lizette noch is op side 12 as hja by Emma oankloppet foar in bakje kofje en in praatsje: ‘Dus dat is Jeroen, wat het die een mooi blond koppie met dat lange haar. En die oogies! Su rond en su... hoe sal ik et sêge, su smûk.’ En hoe is it mooglik dat ien dy't in ‘kreativiteitsklupke’ oprjochtsje wol en it leuk fynt ‘om truien te ontwerpen van eigen verfde skapewol’, sa it mier hat oan it meitsjen fan poppekastpoppen, makramejen en Hynljipper skilderjen? (‘Hou op, ik gaan der van over myn nek.’) Ik gaan der van over myn nek, ik ek, mar wêr binne dy froulju dan sneontemiddeis by Lizette mei dwaande: ‘Truipatroanen waarden útwiksele, guon makken poppen fan papiermasjee, Anna hie yn 'e eardere wachtkeamer in weeftastel delplante, Terrie spûn, guon ferven wol mei it ôftreksel fan sipels en oare natuerlike materialen.’ En as Lizette mei it idee komt om de ferskate talinten te bondeljen en te wurkjen oan ien projekt, wat beslute dy froulju dan: ‘We waarden it iens dat it in poppekast wurde moast.’ Mei eigenmakke poppen!
As de haadfigueren yn De swannen fan Lorentz, Lize en Alex, pubers noch, in pornobledsje trochbledderje, bart der it folgjende: ‘Sa binne froulju net!’ sei se op in toan dy't elke diskusje útsleat. Ik hope - wie der wol wis fan - dat dat al sa wie.’
Alex soe mei dat tinken it oardiel fan Lizette daliks befestigje: de man is belust op seks, rint achter syn pyst oan. Machtswellustelingen binne it en it falt yndie net te ûntkennen dat yn Alex syn tinken in aardige poarsje machtswellust bewoartele is: ‘Betsinje dy fan it middel oarloch, wês in spion, krûp as in firus yn 'e fijân, soargje der foar dat se dy yn 'e earms nimt, en foar dy lizze har djipste geheimen. Fier it wurd en fier it swijen!’
Manlju wolle net neitinke, seit Lizette, dat liedt mar ôf. En sa is it: ‘Fleis wurdt ien mei fleis! Gleon mei gleon! En dan? Wat wie 'k der mei opsketten? Mar it gong my dochs om 'e die, en net om wat it opsmiet? Sa 't wy as fansels huzen en fabriken tekenje; wat men der mei docht, steane wy arsjitekten bûten.’ Manlju prate ek net mei-elkoar,