Do bist skuldich.’ En dat giet noch even troch: ‘ik fervje myn lippen yn 'e kleur fan menstruaasjebloed, fan leafde, fan agresje en fan myn jaske.’ Sa'n begjin moat ferantwurde, wiermakke wurde troch de rest fan 'e roman, wol it net hingjen bliuwe yn holle symboalyk. En dat slagget net, want foar de rest is it in boek oer in plattelânsfanke mei selstwivel dy't mei gruttestedsproblemen konfrontearre wurdt. Om oan 'e ein it ferhaal wer nei dy swiere symboalyk te skuorren. De lippestift komt wer foar 't ljocht en it boek beslút mei de sinnen. ‘Sjoch nei de felreade mûle. De mûle dy't him iepenje wol, dy't him hearre litte wol.’
Lykas it yngeve Frysk net past by de gewoane sprektaal yn dit boek, past dy holle symboalyk der ek net yn. It past net sa by it gewoane famke Riemkje, dy't sels de ferkearing útmeitsje doarst, en krekt op 'e bank stie te dûnsjen.
Oer dy ein blike de mieningen fan 'e kritisi ferdield. Harmen Wind fynt it in boppeslach ‘Dat skynber syklyske, dêr't dochs de fizieuze sirkel trochbrutsen wurdt, dat is neffens my in boppeslach. Gjin iepen doar-tabû-trochbrekkerij, mar de djippere boarnen fan in identiteitskrisis.’ Mar Andries van der Velde fynt ‘it in omslach dy't samar út 'e loft fallen is.’ En ik freegje my ek lykas him ôf oft dit him no by Riemkje echt trochsette sil, want dat is net oannimlik makke mei it foargeande. Babs Meerburg neamt it aspekt fan it spegeljen en kin út komposysje-eachpunt wei, tink ik, dizze sênes wol wurdearje. Fierder neamt se ‘De gefoelens binne ekstreem’ en wurdearret soks net negatyf want flak achteroan stiet dat Tuma op in knappe, foar lêzers goed nei te fielen wize hoe't in jonge frou ûnderweis is nei har folwoechsenheid. Jelle Krol neamt ek it libben fan Riemkje tusken de spegels en fynt de roman knap skreaun.
Ik neamde al it tefolle oantippen fan problemen, sûnder de djipte yn te doaren. It haadprobleem fan Riemkje skimeret der wol troch, (dat se eins in kring is) mar mei elk fan de froulju dy't se ken, hat se in spesifike swierrichheid: har mem, har suske, har freondinnen fan eartiids en no, har muoikes en har freondin dêr't se ferkearing mei hat. Bining mei de mem, jaloerskens om de leafde fan de heit, anoreksia, der foar út komme dat je lesbysk binne en de ferkearing útmeitsje, lykje no allegear lossteande problemen, dy't yn sa'n lytse roman even lâns komme. Net dat dat net kin, mar de konstruksje fan de roman en de swiere oanset, freegje om mear útlis en ferdjipping en men bliuwt ûnbefredige achter.
Eelkje Tuma kin goed skriuwe, dêrom kin se yn in folgjend boek har tema's mear beheine en ferdjipje en dêrby echt nei har eigen lûd harkje.