Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 273]
| |
Moaije Blommen fen ús Frysce letterkroane (5)
| |
[pagina 274]
| |
om sa faek freamd folk yn 'e hûs te habben.’ It aardige is no, dat dy rabjende buorlju net ien kear wer neamd wurde, krekt as dy man mei it burd. Baarda lit it oan 'e lêzer oer om ferbiningen oan te bringen yn it ferhaal. Dy keapman hat Eabele boekjes en printen brocht, de oare deis leit de etalaazje fan Eabele syn winkel ommers fol mei propaganda tsjin drankgebrûk. In soad yndruk makket it net, Japik, in boere-arbeider, wurdt dochs wer as in ‘dronken beest’ de herberch útsmiten. Sa begjint Eabele syn kampanje. De earste bekearling is syn freon Ids. dy't tajout dat er better om syn arbeider tinke moatten hie. Ek Jabik wurdt troch Eabele bewurke. Eabele ondernaem it mei dy liu krekt as Nathan mei David, hy forhelle Japik en syn wiif hiar eigen skiednis. Mar do't forhael út wier sei Japik: ‘Ja, sa giet it; de frouliu bite earst út de apel, den mei de man ek ris prieue, en op 't 1st, as se siugge dat it forkeard giet, den jowe se de slange fen alles de skild. Mar hia miene den eigentlik mei dy slange hiar manliu.’ It is in nijsgjirrich doarp dêr't Eabele Minnes wennet. It tsjerklik libben, de frijerij, in sosiëteit ‘Het Morgenlicht’, alles krijt yn koart bestek syn gerak. Der is ek in leafdesyntrige: Eabele is fereale op Antsje, dy't net wit wa't har heit wie. Ek de slothear (dy't graach is slokje mei) hat wol sin oan har. Noch mear persoanen (de dokter, in sike faam, de heit fan Ids, de dokterssoan) meitsje dat it boek in libben gehiel wurdt. Op it stuit hat it doarp gjin dûmny. Op âldjiersjûn organisearet Eabele in ‘oefening’ dêr't er tsjin it drankgebrûk preket. Paulus hie it ek al sein, dêr begjint er mei: ‘Maar wij dien den dag toebehooren, laat ons nuchteren zijn, en aandoen het harnas des geloofs en der liefde en als helm de hope des heils.’ Dan folget syn preek wurd foar wurd. Baarda docht alle war sjen te litten, dat hy it allinnich mar opskreaun hat sa't oaren it him ferteld ha. ‘Hawar; ik scil mar ris beare dat ik ek op dy forgearringe wêst hab en nou op my nomd hab om in trou forslach dêr fan to dwaan.’ Hy bliuwt yn syn rol as er skriuwt: ‘Mogt it somlike hearders minder goed foarkomme, - my het it wol oandien.’ Nei de swiere preek yn 't Hollânsk is Baarda wol sa reëel om te skriuwen: Gefolgen! Né, der is net ien fen mîn lesers, dy tinkt dat ti spritsen wird safolle to wei brocht dat de aldjiersjoun der eat om feroare. Dat is men sa wend; men heart wol graech in moaye preek en in kreftige tapassing, - to sidsen, sa lang as men în de tsjerke is. De tapassing în died bringe, wel hwa tinkt dêr om? Der komt in nije dûmny yn it doarp, dy't, sa docht rillegau bliken, in strange preker is. Hy moat neat fan nijljochters ha. ‘Mar,’ sei master, ‘wol domeny ûs den fertelle dat ûs ierde yet mar in great fifftûsen jier der west hat, în pleats fan honderden millioen jierren ear't er klear wier?’ (..) ‘De vrienden worden wat driftig,’ sei domeny, ‘maar ik kan op al die vragen maar één antwoord geven, en dat is een vraag | |
[pagina 275]
| |
die ik dan nu op mijne beurt eens doe: Gelooft men hier in Gods Woord of niet?’ It petear komt op 'e kop ferkeard en dûmny giet lilk nei hûs.
Jan Piebenga hie der argewaasje fan dat Baarda In profeet în sîn eigen lân ‘stiiffol troppe’ hie mei ‘alle mooglike forljochtings-idéën’. Baarda komt yndie mei in soad saken, dy't yn dy jierren drok besprutsen waarden. Men kin ek wol sa bytsje riede hoe't syn eigen miening wie. Hy soe de wrâld graach feroarje. Mar hy hat tefoaren kommen dat syn boek in traktaat wurden is. De yntrige wurdt moai ôfbreide (Eabele troud mei Antsje, op syn stjerbêd komt Oebeleboer mei de bekentenis dat er har heit is), mar fan harmony yn it doarp is gjin sprake. Guon minsken bliuwe oan 'e drank. Moai is hoe't Baarda twifelet oer it drinken fan wyn, it liket derop dat er dêr net echt op tsjin is. Baarda bliuwt oan it lêst fan it boek ta ynventyf. Sa wurdt de foarskiednis ta Antsje har berte yn dialoochfoarm beskreaun (Hy en Hja) om noch mar gjin nammen te hoege neame. It haadstik oer it stjerren fan Oebeleboer begjin er mei in fraach oan 'e lêzer: ‘In frage, lêser! op 't gewisse ôf: benne jy eang fen stearren?’ Hy jout dan trije reaksjes. ‘Mei hwa ik it hâld? - Lêser, ik mat hier it antwird skildich blieue.’ Spitich foar it ferhaal is wol, dat Eabele sa'n hillige is, altyd evenredich en ferstannich. It ferhaal fan de dokterssoan, dat Eabele op ‘Leauerder marke (..) sa dronken as in keal’ wie, docht bliken kwealaster te wêzen. It hie him oars wol minskliker makke. |